Oer ús
Dat wie doe sa biedt in soad nijsgjirrige ferhalen, fideo’s, foto’s, muzyk en oare lûdsfragminten fan doe en freget omtinken foar it brûken fan de memmetaal yn soarchsituaasjes. Dat wie doe sa is nijsgjirrich foar âlderein en harren bern of bernsbern, mar ek foar professionals yn de soarch dy’t op syk binne nei materialen of ynspiraasje.
Taal is bepalend foar it wolwêzen
Taal is bepalend foar it wolwêzen fan soarchfregers. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat is wichtich foar minsken. En dat gefoel, sa docht út ûndersyk bliken, hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargjenden sprutsen wurdt.
Taal bepaalt de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger. In goed kontakt en in goede relaasje mei de soarchfreger hingje nau gear mei de kwaliteit fan de soarch dy’t jûn wurdt. It taalgebrûk bepaalt de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger. It brûken fan de memmetaal makket dy ôfstân lytser, wylst it prate moatten fan de standerttaal dy ôfstân just grutter makket.
Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.
Wat is ‘Dat wie doe sa’?
Dat wie doe sa biedt in protte materialen út it ferline dy’t geskikt binne foar reminisinsje: ferhalen, muzyk, fideo’s ensafuorthinne. It oanbod bestiet út werkenber materiaal, ôfkomstich út de regio en yn de taal fan de regio.
Werkenbere lokaasjes, situaasjes en hannelingen dy’t yn byld brocht wurde mei autentyk materiaal binne ynteressant foar elkenien dy’t belangstelling foar it ferline hat, mar benammen foar âlderen en harren bern en pake- en beppesizzers. Oan ’e hân fan it oanbeane materiaal kinne sy bewust oantinkens út âlde tiden weromroppe en mei-inoar yn petear gean oer it ferline.
It materiaal dat Dat wie doe sa oanbiedt is net allinnich geskikt foar partikulieren, mar ek foar professionals yn de soarch. Sa is it foar bygelyks demintearjenden posityf om oer harren libben te fertellen. Sy wurde har op dy manier bewust fan de eigen identiteit en de eigen ûnderfiningen en prestaasjes út it ferline. Dat draacht by oan it selsfertrouwen en de eigenwearde fan de persoan yn kwestje.
Dat wie doe sa biedt materiaal dat geskikt is foar sawol yndividueel gebrûk as foar groepsaktiviteiten.