Workshop Dat wie doe sa, Frysk yn de soarch
Taal is bepalend foar it wolwêzen fan soarchfregers. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? En dat gefoel hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargjenden sprutsen wurdt.
Hoe kinne jo oanslute by dy memmetaal fan de soarchfregers, wat foar materialen kinne jo dêr foar ynsette en hoe kinne jo it brûke? Dizze workshop jout ynformaasje oer it brûken fan de memmetaal lit jo yn de kunde komme mei it Dat wie doe sa materiaal dat ûntwikkele is foar de (mantel) soarch aktiviteiten foar âlderein.
Oantal dielnimmers:
10 oant 20 dielnimmers
Tiid:
1,5 oere
Kosten en ynfo:
De workshop wurdt fergees oanbean. Ynformearje nei de mooglikheden by Douwkje Douma, d.douma@afuk.nl of 058 205 0103.