Sline yn it ferline, oer sûn en smaakstjoerd iten
8 mei 2018Belibje de smaak fan eartiids
Underfieding komt foar by sa'n 25% fan de selsstannich wenjende âlderein. De oplossing liket simpel: alle dagen genôch ite en drinke. Mar foar in soad âlderein is dat makliker sein as dien. Smaak van het huis, Puur Thijs, Afûk, Zorggroep Hof en Hiem en Zorgbelang Fryslân hawwe mei it projekt De smaak te pakken krije de hannen yninoar slein en in unyk itensiedersboek útbrocht. Sa wolle se de âlderein stimulearje om genoch te iten en profesjonals ynformearje oer it belang fan goed en smaaklik iten yn de soarch.
It boek biedt in seleksje werkenbere en smaaklike resepten dy't alle âlderen noch kinne fan eartiids, oanfolle mei koarte ferhalen en anekdoates om de oantinkens oan dy ytmominten fan doe wer te belibjen. De resepten binne smaakstjoerd makke wat betsjut dat se mei in lytse oanpassing yn de reseptuer foar de âldere mei smaakferlies wer krekt sa lekker smeitsje as doe.
Njonken it boek is der spesjaal foar profesjonals yn de soarch en mantelsoargers in katern útbrocht mei ynformaasje oer hoe te hanneljen by ûnderfieding.