Folksferhalen yn it Friesch Dagblad
31 augustus 2015It Friesch Deiblêd publisearret regelmjittich in searje mei folksferhalen.Yn de ôfrûne wiken wienen dat ferhalen fan Jantsjet de Vries út Tytsjerk. Dizze ferhalen binne bondele yn har twadde boek 'It is stjerrend wier, heite. Wier barde ferhalen út Fryslân.' In bondel mei in grut ferskaat oan ferhalen. Har earste boek giet oer de skiednis fan de Lytse Geast, in buorskip fan it doarp Tytsjerk. Mear ynformaasje oer de beide boeken stiet op de webside Lytse Geast: http://www.lytsegeast.nl/boek.php. Mear ynformaasje oer de regionale krante Friesch Dagblad fine jo op harren webside: www.frieschdagblad.nl.
It ferhaal 'Om 'e troudei hinne'.
Foto: út it Friesch Dagblad it ferhaal 'Om 'e troudei hinne'.