Temakoffers Belibje it wer no te keap

Oantinkens oan eartiids kinne troch alle sintugen oppikt wurde. Soms giet it ûnbewust, mar kinst it ek bewust oproppe. In geur, mar ek in foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út lang ferfleine tiid. By oantinkens hearre faak moaie ferhalen, dy't graach ferteld wurde troch âlderein en heard wurde troch de jongere generaasje. Dêrom binne ûnder de namme Belibje it wer fiif ferskillende temakoffers mei bypassend materiaal ûntwikkele. Foar de aktiviteitebegelieders, mantelsoargers en frijwilligers is sa'n temakoffer in maklik brûkber middel om mei âlderen yn petear te gean en moaie ferhalen op te heljen.

Foto Belibje it wer, Fotobureau Hoge Noorden

 

Yn elke koffer sit in praktyske ynstruksjekaart, in setsje praatplaten, boeken, digitaal materiaal sa as ferhalen, gedichten en links nei filmkes en in seleksje foarwerpen út de tiid fan doe dy't passe by it tema. De koffers binne yn te setten by groepsaktiviteiten mar ek foar in ien op ien petear of op de húskeamer.

De kisten mei de tema's: Hânwurk, Skoalletiid, Alvestêdetocht, Muzyk en toaniel en Iten en drinken binne fan no ôf te keap by de Afûk.

Kosten: € 65,- de koffer

Bestelle en mear ynformaasje fia: datwiedoesa@afuk.nl

Levering yn oerlis

Belibje it wer is ûnderdiel van it projekt Dat wie doe sa, dat materiaal yn de Fryske taal oanbiedt, rjochte op reminisinsje: it opheljen fan oantinkens. Belibje it wer is in mienskiplik projekt fan Leppehiem, Friese Poort, Hof & Hiem en de Afûk.

Diel dizze side