Keatspublyk

Deun op mekoar op ‘e banken,
ienriedich en mei ynholden emoasjes,
befolket it keatspublyk de Fryske arena’s:
wite petten, grize broeken, it bôletrompke mei.
Lange geitesokteannen
kypje noch altyd like sleau
út de lullichste sandalen.

Hjir floeit gjin bloed,
hjir slacht fatsoen foar master op
Ivich gejeuzel as fan moudzjend hinnefolk,
sa no en dan, hast beskamsum, in jûchhei.

Ik doch myn eagen ticht.
Hjir hear ik by, hjir kin my neat oerkomme,

gjin dea dy’t my hjir fine kin.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side