Ik fyn dat mienskiplike fan fuotbaljen sa moai
Siebren Hettinga út Snits waard berne op in boerespultsje oan de Korte Vreugde, as twadde fan fjouwer jonges, dêr’t no noch trije fan libje. Syn heit hold sa’n acht kij en hie ek skiep, mar wie eins mear feekeapman as boer. Siep komt út in izersterk laach, syn heit is njoggenentachtich jier wurden en syn mem noch tsien jier âlder. Sels hat er noait siik west, teminsten, net dat him dat heucht. ‘Mar dat kin samar feroarje, fansels,’ seit er op syn Snekers en wiist nei de foto’s fan syn frou en syn soan, dy’t acht jier lyn beide oan kanker ferstoarn binne. ‘Der giet gjin dei foarby dat ik net oan harren tink. Ik haw der in protte fertriet fan hân en noch, mar je moatte fierder. Ik haw noch in soan, dy is jurist, en myn trije dochters binne ek goed teplak kommen. Sneons komme se altyd del, dan bringe se my wat iten en sa. Ien fan myn pakesizzers wennet yn it hûs hjirneist en ik haw tsien oerpakesizzers, allegear famkes. Dat ik bin in ryk man, want ik hâld fan froulju.’
Nei de legere skoalle gie Siep nei de ambachtsskoalle. Hy hat fan 1936 oant healwei de oarloch timmerman west. Doe moast er ûnderdûke om’t syn baas him opjûn hie foar Dútslân. ‘Ik sliepte dan hjir ris en dan dêr ris, ik dangele mar wat om. Wy hiene al lang ferkearing, myn frou en ik, dat nei de oarloch binne wy fuortendaliks troud. Doe waard ik molkboer, dat haw ik seisentritich jier mei in protte nocht dien.’
Wy binne by him om oer syn fuotbalkarriêre te praten, mar dat falt net ta, want der binne mear sporten dêr’t er yn útblonk. ‘Gymnastyk, atletyk, hurdride, ik wie eins altyd de bêste en dan swets ik net. Ik wie tûk en linich en ôfgryslik fluch, net ien koe my berinne. Ik haw in hiele soad prizen wûn. Yn 1929 wie der in wedstriid hurdriden foar alle skoallen fan Snits. Wy moasten 100 meter om in tonne ride. Ik wie de lytste en de jongste, mar ik wûn de earste priis: in stoommasine. Om’t ik net wist wat ik dêrmei moast, haw ik it ding mar by myn omke brocht, dy hie hjir yn Snits in sigaresaak. Wannear’t ik mei fuotbaljen begûn bin? Ik fuotballe eins altyd al. Mei tennisballen, dy’t wy út de sleat fisken, wy wennen neist de tennisbaan. En letter mei oare jonges op in stikje lân yn de Noarderhoeke, dêr’t no de boarterstún is. Ik mocht fan ús mem net by in klup. Dat koste jild en wy wiene grifformeard, se wie bang dat ik dan op snein spylje moast. Yn 1932 is ONS oprjochte, in kristlike feriening, Oranje Nassau hiet it doe noch. Doe’t ik mei sechtjin jier by in baas kaam en sels jild fertsjinne, bin ik daliks lid wurden. Ik kocht in pear healsliten fuotbalskuon, dy’t foar fiif gûne yn ’e krante te keap stiene – se wiene my eins in pear maten te grut – en joech my op. In sekere Smit wie ús trainer, dy’t ek it earste alvetal fan v.v. Sneek trainde. Mar op tiisdeitejûn wie er by ús. Letter hiene wy Gerke Schuurmans as trainer, dy’t yn it deistich libben parkwachter yn it Keninginne Wilhelmina Park oan de Boalserterwei wie.
Ik wie wol in talint, al sis ik it sels. It duorre net lang of ik siet al by it earste alvetal. Ik spile linksbûten. Frjemd, net? Wylst ik fierder rjochts bin, skop ik altyd mei links. Wy spilen de thúswedstriden op it gemeentlike sportpark oan de Ljouwerterdyk. It wie myn gloarjetiid. De tribunes sieten fol. As se ús oanmoedigen of der foel in doelpunt, dan roffele elkenien mei de klompen op ’e houten barten. In leven! En wat in sfear!
Myn aldergrutste supporter wie ús heit. Hy soarge derfoar dat er sneontemiddeis in melker hie en sloech noait in wedstriid oer, út of thús. Ik waard faak útkeazen foar it Fryske sneonsalvetal en spile mei oare goede fuotballers lykas Jan Speelman, Henny Röfekamp, André Roosenburg, Theo Ydema en Jackie de Wilde… Net ien fan dy mannen libbet noch. Dat is it wrede fan âlder wurden: dat elkenien om je hinne deagiet.
Doe’t ik molkboer waard, koe ik it fuotbaljen der yn it begjin noch wol bydwaan. Letter net mear, doe makke ik sokke lange dagen. Ik wie trijeëntritich jier doe’t ik opholden bin yn ferbân mei myn wurk. Us heit fûn dat tige spitich.
Ik sjoch no noch alle sneonen nei it fuotbaljen fan it earste alvetal. Mei myn broer Folly en trije oare fuotballeafhawwers steane wy altyd op itselde plakje en slane gjin wedstriid oer. Ik bin de âldste donateur fan ONS en sit by de âldereinklup. Der wurde geregeld reiskes en oare aktiviteiten foar ús organisearre. Ik doch oeral oan mei. Ik fyn dat mienskiplike fan fuotbal sa moai. Ik bin graach ûnder de minsken. Ik fuotbalje no net mear fansels, mar ik tennisje noch twa kear yn ’e wike in pear oeren, dat ik bin noch altyd sportyf.’