Gymnastyk is myn lust en myn libben
‘Gymnastyk wie by ús thús in foarnaam ding,’ sa fertelt Geartsje Bottema. ‘Ik bin berne op in pleats yn Wytgaard. Ik hie fjouwer broers en wie nûmer twa fan it rychje. It wie in gesellige en aktive húshâlding. Eins holden wy allegear fan sport, gymnastyk, atletyk mar ek fan reedriden. Myn âlden koene allebeide hiel goed ride en ús mem, Eelkje Kooistra, wie as jong famke ek foarturnster by de gymnastykferiening UDI (Uitspanning door Inspanning) yn Wergea. Us heit, Bartele Santema, wie goed yn gymnastyk. Hy koe bygelyks de reuzeswaai dwaan op ’e rekstok, dat wie yn dy tiid hiel wat. Yn ’e skuorre hongen de ringen dêr’t wy fansels mar al te graach gebrûk fan makken om oefeningen te dwaan. Letter hat ús heit op it hiem ek noch in hiele gymnastykstellaazje boud. Der kamen stevige mêstpeallen yn ’e grûn en dêr waarden ringen en in rekstok oan fêstmakke. Jonge manlju út it doarp kamen wol by ús om harren oefeningen op ’e rekstok te dwaan. It foardiel wie datst dan mei de reuzeswaai net mei de fuotten tsjin de souder oankaamst, lykas dat wolris barde by in gymnastykútfiering yn de seal fan it kafee.
Wytgaard is in roomsk doarp. Omdat wy net roomsk wiene, gongen wy alle dagen te foet nei de iepenbiere legere skoalle yn Wurdum. Der wie ien roomske húshâlding yn Wurdum. Dy bern rûnen nei de skoalle fan Wytgaard en sa kamen wy elkoar alle dagen tsjin.
Yn de earste klasse fan de legere skoalle kaam ik al op gymnastyk yn Wurdum, by KDO (Kracht door Oefening). Ik fûn it fuortdaliks prachtich: gymnastyk, dat diest meielkoar en dat fûn ik eins noch it aldermoaiste. Yn dizze tiid is sport fansels folle yndividueler wurden. Benammen de sportdagen yn ’e simmer en de grutte gymnastykútfiering by ’t winter yn de seal fan it kafee wiene foar ús de absolute hichtepunten. Yn de omlizzende doarpen waarden simmers altyd sportdagen organisearre. Dêr gongst dan mei de hiele feriening hinne. Myn earste kear wie yn Marsum, ik wie doe seis jier. It begûn dan moarns mei in optocht. Trije leden fan de feriening foarop, ien mei it findel, ien mei de Nederlânske en ien mei de Fryske flagge. It gong der dan om wa’t it moaiste marsjearje koe, alle groepen fan de doarpen stapten moai efter elkoar oan. Der wie fansels in hiele protte publyk by, want sa’n sportdei wie in feestlik barren. Wy diene dan op it fjild allerhanne groepsoefeningen. Middeis wie it tiid foar atletyk: fierspringe, heechspringe, hurdrinne, estafette, sokke dingen. Ik moast altyd as earste fan de fjouwer hurdrinsters begjinne. Yn it begjin lei ik foar en dan hellen de oaren my yn, want ik wie net sa grut. Us lêste troef wie Rinske de Jong. Dy stode dan op it lêst altyd noch elkenien foarby. As feriening ha wy hiel wat prizen yn ’e wacht sleept.
Ik wurke, doe’t ik wat âlder wie, op ’e pleats by ús heit en mem. Dat wie sa’n bytsje nei de oarlochstiid. Wy hiene in feefokbedriuw en der wie fan alles te dwaan: feepoetse, fee foarbringe op de keuringen en allerhanne oar boerewurk. Us bêste bolle wie Hillebrand. Ik haw yn dy tiid ek de keallefokferiening Us Nocht fan Wytgaard mei oprjochte.
Njonken it wurk wie der net folle te dwaan yn dy tiid. De gymnastykklup wie doe foar ús hiel belangryk. De grutte útfiering yn ’e seal fan it kafee, dêr seagen wy winterdeis nei út. Dat wie in feest. It begûn mei de opmars op it toaniel en de saneamde flaggegroet. Dan stiene der trije leden mei de beide flaggen en it findel foaroan. De feriening presintearre him oan it publyk en dêrnei die elke groep om bar syn oefeningen. Dan diest fansels wakker dyn bêst, want de seal siet fol. Us heit en mem wiene der ek altyd by. As slotstik kamen de manlju mei de reuzeswaai.
Oan ’e ein wie it tiid om te dûnsjen. De stuollen kamen oan ’e kant en de flier waard frijmakke. Op sokke jûnen seachst dyn heit en mem op de dûnsflier, dat barde oars noait, dan wie ik sa grutsk as wat. It duo Leemburg út Ljouwert soarge foar de muzyk. Ik sjoch it noch foar my, in dikke frou mei in jurk oan wiidskonkich efter in drumstel en in meagere man mei in akkordeon. Prachtich, fansels. Soks ferjitst noait wer, it wie in uitje.
De gymnastyk is altyd in belangryk ding bleaun yn myn libben. Yn 1971 haw ik myn diploma helle om gymnastykles jaan te kinnen oan âldere minsken. Doe’t ik dat yn 2005 34 jier as frijwilliger dien hie, haw ik dêr in keninklike ûnderskieding foar krigen. Dat fûn ik wol hiel bysûnder, hear. Der hawwe tiden west dat ik mear as tritich oeren wyks lesjoech yn de omlizzende doarpen fan Raerd, dêr’t ik sûnt myn houlik op in pleats wenje. Ik haw no noch seis oeren en bin alle dagen, útsein woansdeis, aktyf as lesjouster. Prachtich wurk. Hoe’t it aanst komt as ik gjin gymnastyk mear doch? Ik wol der net oan tinke. Ik bin bang dat it dan net goed komt mei my. It jout my, ek geastlik, in protte ûntspanning!’