Sechtich jier sjonge by Mingd Koar Grou

‘Us hiele famylje wie by it Mingd Koar’, fertelt frou Kleinhuis, dy’t yn Grou hikke en tein is en dêr noch altyd wennet, op in prachtich plakje oan it Prinses Margrietkanaal. ‘Heit en mem, omkes, muoikes, nichten, neven. It wie dan ek net mear as fanselssprekkend dat myn broer Sybren en ik dêr ek by giene. Sybren siet op de Kweekskoalle yn It Hearrenfean en wie santjin jier, ik wie noch mar fyftjin, krekt as myn trije kammeraatskes. Eins wie dat noch wat te jong, mar om’t se doe - krekt as no - ferlet fan jonge leden hiene, mochten myn kammeraatskes en ik dochs om ’e beurt foarsjonge by Douwe Atema thús, by de piano. Wy waarden alle fjouwer oannommen en kamen by de sopranen.

Der wie doe trouwens noch in koar yn Grou, in read koar mei allinne mar PvdA-minsken. Sy songen op 1 maaie, wy op earste Krystdei yn de Fermanje, dêr’t wy op tiisdeitejûn ek altyd repetearren. It reade koar wie min ofte mear ús konkurrint, mar as de lju it oer it Grouster koar hiene, dan bedoelden se ús. Yn 2012 besteane wy hûndert jier. Ik hoopje dat ik dat jubileum noch as koarlid belibje mei en dat ús dirigint, Hans Algra, my net fuortstjoert. Ik fiel my op dit stuit wier noch net te âld foar it koar. Myn stim is yn ’e rin fan de tiid al wat sakke. Earst wie ik sopraan, doe twadde sopraan en no sit ik by de alten.

Yn it begjin wie Kor Ket ús dirigint, o sa’n pittich mantsje, dêr’t wy in protte fan leard hawwe. Hast net ien fan ús koe noaten lêze. Ik kin no de noaten noch net sa fan ’t papier sjonge, mar ik ha de melody der altyd samar yn as ik dy in pear kear heard ha.

It is hiel spitich dat Kor Ket sa jong ferstoarn is, hy wie geweldich. Mei him hawwe wy sokke bysûndere útfierings hân. Sa songen wy û.o. De Jonkerboer fan Paulus Folkertsma, in leafdesferhaal op muzyk. En fansels songen wy in protte Fryske lieten. Dêr stie it Grouster koar om bekend. Wy hawwe ek wolris mei it Frysk Orkest songen, dêr’t Alfred Salten doe dirigint fan wie. En yn 1954 diene wy as Mingd Koar Grou mei oan de Bonifatiusbetinking yn Dokkum, dêr’t yn de iepenloft in histoarysk spul opfierd waard, dat skreaun wie troch Fedde Schurer en dêr’t Bernard Smilde de muzyk foar komponearre.

It Grouster koar hat eins altyd wol wat mear west as in gewoan doarpskoar. De Bruorren Halbertsma stiene by ús gauris sintraal. Sa wiene wy ris op stap mei Douwe Deinum, dy’t wat oer de Halbertsma’s fertelde en dan song it koar Fryske lieten, lykas: Rôlje, rôlje wetterweagen. Eartiids songen wy mear Frysk as tsjintwurdich en giene wy gauris nei konkoersen. Dat dogge wy no net mear, al binne wy wat de klank oanbelanget wol foarút gien, fyn ik. It is in moaier gehiel wurden. De froulju winne it noch altyd, mar der binne dochs ek aardich wat manlju by. Us koar hat op dit stuit 26 sopranen, 24 alten, 10 tenoaren en 11 bassen. Elkenien hat in eigen plakje. Ik stean njonken Tsjitske Dykstra op de efterste rigele fan de alten. Wy hawwe û.o. lieten fan Freark Dam en fan Obe Postma op it repertoire.

Us útfieringen binne altyd oan ’e ein fan it jier yn de Sint Pitertsjerke. De manlju hawwe dan in swart pak oan en in flinterstrikje foar. De froulju binne ek yn it swart mei no en dan in oare kleur sjaaltsje. Dit jier sjonge wy lieten fan Felix Mendelssohn Bartholdy û.o. Hör mein Bitten. Yn maart hawwe wy altyd de saneamde Ofrekkenjûn yn De Bierhalle. Dat is in jiergearkomste mei nei it skoft feest. Dan wurde der troch de leden toanielstikjes dien, dêr’t wy elkoar ‘op ’e hak nimme’, sûnder misledigjend te wurden. Op de lêste ôfrekkenjûn waard ik efkes yn it sintsje set en krige ik in boskje blommen om’t ik sechtich jier koarlid west haw. Wy beslute sa’n Ofrekkenjûn altyd mei tee of kofje en broadsjes. Dat is in soarte fan tradysje wurden.

Wy hawwe mei it koar ek in pear kear nei it bûtenlân west. Yn 2002 wiene wy yn Ingelân en ferline jier yn Dútslân. Underweis yn de Paulusmabus gie it der omwei! Wy hiene oeral wille om. En mar snobje en sjonge, fansels. Krekt in skoalreiske. Wy moasten yn it bûtenlân in pear kear optrede, mar wy hawwe ek in hiele soad sjoen en belibbe. Sa gie yn Ingelân op in nacht yn it hotel it brânalarm ôf. De panyk dy’t doe útbruts! Hoe’t de minsken heal oanklaaid of noch yn de nachtklean op de gongen omstrúnden! Letter hawwe wy dêr smaaklik om lake. Dat koe doe, want it wie falsk alarm. Troch dat koarreiske nei Ingelân is der in groepke fan acht froulju ûntstien, dêr’t ik ek by hear. Wy geane alle jierren in wykein meielkoar op stap, nei Skylge of nei in oar eilân. Dit jier sille wy nei Texel.

Myn man Kees wie ek al jong by it Grouster koar. Wy krigen al gau ferkearing, binne yn 1955 troud en hawwe tegearre in soan en in dochter. Myn man wurke by it izerfabryk, hjir yn Grou en it lêste skoft yn Wolvegea. Hy is al fjirtjin jier wei. Hy wie noch mar krekt fiifensechtich jier en it soe sa wêze. Tegearre ris hjir of dêr hinne. En doe krige er in hertstilstân. Sûnt dy tiid is it koar foar my noch folle wichtiger wurden as earder. Ik soe de repetysjes op tiisdeitejûn net heal misse wolle. Ik gean der altyd hinne of ik moat al siik wêze. En ik kom altyd fleurich wer thús. Sa’n repetysje is sa gesellich: earst wat stimoefeningen dwaan, dêrnei sjonge, dan efkes skoft, tee- en kofjedrinke en efkes meielkoar prate. Ik ken alle minsken fan it koar goed, ek al komme se fan oare plakken. Yn ’t earstoan sieten der allinne mar Grousters by it koar, mar tsjintwurdich komme de leden rûnom wei.’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side