Regissearjen is mei de spilers nei it personaazje sykje
Janny Koopmans-van Dam waard berne op 25 augustus 1934 op It Hearrenfean. Heit en mem Klaas van Dam en Trijntje Kramer krigen letter noch twa bern: Broer en Elske. It jongere suske fan Janny soe letter in baas koartebaanrydster wurde, sy naam it op tsjin oare ferneamde rydsters as Martha Wieringa en Tine de Vries. Heit wie makelder yn dy tiid en Janny is yn har jonge jierren noch alris ferhuze. Ien ding wie wis, oeral dêr’t se kaam die se neat leaver as op de planken stean.
‘Toanielspyljen hat altyd o sa belangryk west yn myn libben’, seit frou Koopmans, dy’t al sûnt har 47ste frijwat problemen hat mei har gehoar. ‘Teater siet der al betiid yn by my. Doe’t ik yn de earste klasse fan de legere skoalle fan Wolvegea siet, holden wy al in foarstelling op striepakken. Yn de tredde klasse mocht ik ris in gedicht foardrage foar de boargemaster en de wethâlders. Soks ferjitst noait wer. Dat gedicht begûn sa: “Er waren eens zeven wilgen in een boerenwei...” Ik kin der no, op myn 75ste, noch hiele stikken fan út de holle opsizze. Ik makke as bern sels ek graach ferskes, dan siet ik op sa’n hege stoepe foarhûs te skriuwen. “Stoepferskes” neamde myn tante Anne dat. Fuort nei de oarloch binne ús heit en mem skieden. Ik wie tolve jier. Ik waard oan ús heit tawiisd en myn broer en suster bleaune by ús mem. Sa kaam it dat ik ek noch in koart skoft yn Kampen wenne haw. Myn Mulo-diploma helle ik op ’e Gordyk. Ik siet doe ek al fol fan toaniel. Op freedtemiddei hiene wy dan de saneamde bonte middei en dêr hie ik dan gauris de lieding. Dêr is myn ynteresse foar regissearjen miskien wol ûntstien. Wy koene eins noait oan in aardich stik komme yn dy tiid. De Fryske stikken dy’t doe spile waarden fûn ik neat oan: Pake klimt yn de kokospalm of Dêr sit in luchtsje oan. Ik tink dat se út it Dútsk oerset wiene.
Neidat ik in skoft wurke as adjunkt-direktrise fan in âldereinhûs op De Sweach, troude ik op myn 22ste mei Linze Koopmans. Hy wie in geweldige kuorballer en hat letter ek yn it Nederlânsk tolvetal spile. Wy wennen yn Jobbegea en se fregen dêr oft ik lid wurde woe fan de toanielferiening It Heideblomke. Ik fûn dat prachtich fansels, mar Linze fûn it earst mar neat, troude froulju gongen net by it toaniel, fûn hy. Ik wie sa lilk dat ik him in sâltlokje nei de holle smiet. Wy hawwe der noch faak om lake letter. Ik wie fansels net te kearen en Linze fûn it letter ek prima. Wy hawwe tegearre in hiel moai libben hân. Wy hawwe trije bern krigen, twa jonges en in famke. Linze is stoarn yn 1998 oan in hertstilstân. Ik mis him noch alle dagen, it wie in hiel fleurige en gesellige man.
Ik bin dus begûn yn 1958 as toanielspylster by It Heideblomke. Omdat ik jong wie, krige ik faak ien fan de haadrollen, want yn al dy stikken kaam wol in jonge frou foar. Ik wie nochal skruten yn dy tiid, mar op it toaniel koe ik my lekker útlibje. Letter haw ik jierrenlang regisseuze west. Yn totaal haw ik hjir yn ús doarp 25 stikken regissearre en ek jierrenlang yn it bestjoer sitten. Earst miste ik it wol dat ik sels net mear op de planken stie. Op myn 44ste gong ik op in trijejierlikse rezjykursus by Thom van der Goot, dy’t doe direkteur fan De Lawei yn Drachten wie. Dêr haw ik in soad leard. Wy diene in soad ymprovisaasjes mei de spilers om de karakters fan de rollen út te djipjen foardat wy mei it echte stik begongen. Dat wie doe nij. Ik haw letter ek noch twa Fryske en ien Frânske kursus folge om sels better toanielstikken skriuwe te kinnen of oer te setten. It skriuwen en it lêzen fan stikken fyn ik noch altyd moai wurk. Gelokkich haw ik dan gjin lêst fan myn minne gehoar.
Regissearjen hat altyd myn lust en myn libben west. Yn gearwurking mei de spilers besikest om de personaazjes ta libben te bringen. Dat is in boeiend proses. It útdjipjen fan de rollen hat my noch altyd yn de besnijing. Mar ik wol ek moaie plaatsjes op it toaniel sjen litte, der moat wat te sjen en te belibjen wêze. Ik bin as regisseur faaks wol wat te leaf, want ik wol graach yn harmony mei de minsken oan it wurk. Wy hawwe altyd in hiel soad wille op de repetysjes. It Heideblomke hat in fêste klup fan 22 spilers, ek in soad jonges en dat is wol bysûnder. Jobbegea hat yn totaal fjouwer toanielferienings. It libbet hjir noch altyd as in hert.
Yn 2000 haw ik it stik Folk sûnder oeren skreaun, in bewurking fan it boek Volk zonder uren fan Evert Zandstra dat hjir yn de omkriten spilet, om 1850 hinne. It wie in grut spektakel, der diene tachtich spilers oan mei fan alle fjouwer toanielferienings út Jobbegea. Tjibbe de Jong en ik diene tegearre de rezjy. It wie wat nijs en in boppeslach. Ek it iepenloftspul Hurd om Hut dat ik tegearre mei Henk de Haan skreaun haw, luts yn 2005 kloften besikers. Ik haw ek in soad toanielspile mei de skoalbern yn Jobbegea. Dêr bin ik noch aktyf mei dwaande. Wol mei help, want ik kin om myn gehoar no net mear regissearje. Mar ik bliuw altyd by de toanielferiening belutsen, it hat my soms troch drege tiden hinne skuord. It heart gewoan by my, ik kin net oars.’