Diriginte: Ik bin in echt do-re-mi minske
Frou Visser fan Marsum hat oant no ta sa’n sechtich jier koar-diriginte west op ferskate plakken yn en om Ljouwert. Behalve fan Hâld Moed yn Marsum wie se diriginte fan koaren yn Himpens en Jelsum-Koarnjum, fan Jubilate yn Ingelum, fan Exelsior yn Ljouwert en fan it Alderenkoar yn Bilgaard. ‘Dat lêste koar haw ik noch’, fertelt se. ‘Wy repetearje op moandeitemiddei en trede op yn rêsthuzen en by krystfeesten. Foar de repetysjes helje se my op en bringe my letter wer thús, want ik haw sels gjin auto, ek noait hân. Yn 1992 bin ik riddere foar myn wurk as koardiriginte. Dat hie om my net hoegd, mar ik woe dat lintsje ek net wegerje om de minsken dy’t it my ta hawwe woene. Njonken it dirigearjen is it sosjale aspekt fan it koar foar my de grutste foldwaning. Jo moatte minske mei de minsken wêze en waarmte kreëarje kinne, der net boppe stean mar der njonken.’
Frou Visser seach op 21 septimber 1922 it libbensljocht yn in húshâlding mei trije fammen en twa jonges. Sy wie de seisde of eins de njoggende, want foar har wiene der trije bern by de berte of krekt dêrnei stoarn. ‘Dêr waard by ús thús amper oer praat. Sa gie dat yn dy tiid. Us heit en mem, Doeke en Fetsje Oostra, sille der grif in protte fertriet fan hân hawwe, mar as bern haw ik dêr eins noait wat fan fernommen, behalve dan dat ik al grutte broers en susters hie. Om’t ús heit op ’e Driesumerterp buorke, in ein út it doarp, wie dat foar my as neikommerke in iensum bestean, der wiene gjin oare bern om mei te boartsjen. Doe’t ik yn Driesum nei skoalle moast en al dy bern op it skoalplein seach, wie ik hiel ferlegen en bang. Ik tink dat de ûnderwizeres, juf Minnema, dat wol sjoen hat. Se wist ek dat ik fan sjongen hold. As ik der alhiel mei oan wie, sei se: “Hinke, moeten we even zingen?” Ja, as ik mar sjonge koe.
Ik haw myn hiele libben lang al songen. Teminsten, ik wit net better. Wy hiene thús in piano, dêr’t myn âldste suster Anne op spile en dan songen wy âlde smertlapen, lykas Aan het strand, stil en verlaten en Vijf dagen naar Parijs. As lyts famke koe ik al hiel goed wiis hâlde en om’t ús heit muzikaal wie en grutsk op myn suvere stimke, stie ik mei fjouwer jier al te sjongen op famyljefeestjes of by besites. Ek kin ik my myn earste krystfeest yn de Mennistetsjerke fan Dokkum noch hiel goed yn ’t sin bringe. Stille nacht, heilige nacht, de wrâld hold even op fan draaien, sa moai fûn ik dat.’
Yn it begjin fan de krisistiid, se wie doe acht jier, moast har heit it buorkjen oerjaan en ferhuze de húshâlding nei Gersleat, dêr’t har heit en mem in herberch oan de Alde Wei begûnen. ‘Dêr gie de wrâld foar my iepen. Ik kaam yn in lyts klaske fan sa’n tweintich bern. By haadmaster Willem van der Burg learde ik it do-re-mi en songen wy trijestimmich. Ik waard ek lid fan it bernekoar fan Jan de Jong, dy’t alle jierren in sjongspul makke, en krige fuortdaliks de haadrol fan Repelsteeltje. “Wie heeft jou dat zingen geleerd?” frege De Jong oan my. Ik wist gjin antwurd, want wat moast ik sizze? Ik koe dat gewoan.’
Nei de legere skoalle yn Gersleat en de Mulo op It Hearrenfean, hie se wol fierder leare wollen. Mar doe bruts de oarloch út. It wie in minne tiid en sa kaam se yn de húshâlding by har famylje telâne. ‘Ik reizge fan de iene nei de oare broer en suster. “It fanke kin hjir wol komme”, wie it dan. En yn alle doarpen dêr’t ik wie, gie ik by it koar. Yn Deinum learde ik myn lettere man, Sipke Visser, kennen. Hy wurke op it suvelfabryk en wie ek by it koar. Wy binne yn 1944 troud, wennen earst yn Ritsumasyl en dêrnei yn de fabrykshuzen fan Deinum. “De hel fan Jericho” neamden se it dêr, om’t dy huzen sa gehoarich wiene. Wy hawwe fjouwer bern krigen: twa jonges en twa famkes.
Om’t myn man molkkontroleur wie op ferskate suvelfabriken, binne wy gauris ferhuze. En alle kearen wie suver it earste dat wy diene: ús opjaan as koarlid. Yn 1954 kamen wy hjir yn Marsum te wenjen en giene wy by it ûnthâlderskoar Hâld Moed, dat no net mear bestiet. Doe’t ús dirigint, Van Esveld, ris siik wie, haw ik him ferfongen. En sa bin ik dus koardiriginte wurden, ek al haw ik dêr gjin oplieding foar hân. Ik fertaal alle noaten nei do-re-mi, ik bin in echt do-re-mi minske.’
Behalve fan dirigearjen hold frou Visser ek fan toanielspyljen. Se stie fiifentweintich jier op ’e planken by it semy-beropsselskip Aldtsjerk. Ein fyftiger jierren wie se sels oardeljier beropsartyst by it selskip fan Tetman en Jarich. ‘Ik waard troch Tetman frege foar it sjongspul Fryslân oerein, tagelyk mei Riek Landman en Rients Gratama. Ik tink dat wy dêr wol twahûndert kear mei fuort west hawwe. Mar wy diene ek optredens yn it hiele lân mei De tijd staat niet stil (De tiid hâldt gjin skoft). Sa stiene wy hast alle jûnen op ’e planken en wiene faak de hiele wike fan hûs. Foar my wie dat op ’en doer net fol te hâlden, al haw ik der wol foardiel fan hân en der in protte fan leard.
Ik sykje de koarmuzyk noch altyd sels út. De muzyk moat by it koar passe. Ik bin no mei âld-Ingelske lieten oan de gong. It is wolris sa dat ik my wurch fiel as se my moandeitemiddeis ophelje, ik bin op it lêst ek al seisentachtich jier. Dochs kom ik altyd fit wer thús, is ’t net nuver? Ik krij enerzjy fan muzyk.
Myn man is yn 2007 ferstoarn nei in sykteproses dat wol tsien jier duorre hat en dêr’t de lêste seis jier hiel dreech fan wiene. Ik kin wol sizze dat de muzyk my der doe trochskuord hat.’