De lege toanen fan de bas binne de basis fan it orkest
De widze fan Hans Dreves stie yn Den Haach, dêr’t syn heit filiaalhâlder fan in juwelier wie. Mar om’t de Dútsers yn ’e oarloch krekt op dat plak ‘V2’ fleanende bommen stasjonearje woene, ferhuze de famylje yn 1942 nei Zeist. Dêr gie Hans nei de legere skoalle en letter de Mulo. Heit Christoffel en mem Helena holden beide fan muzyk en joegen dat troch oan Hans en syn twa jongere susters. ‘Ik haw yn Zeist by ferskate koaren songen’, fertelt Dreves yn it Nederlânsk. ‘Jim sette it wol oer, tink? Ik fyn it Frysk in prachtige taal, mar as ik it praat, moat ik der sa bot oer neitinke en dan is it spontane derôf.’
Nei in oplieding yn it magazynfak wurke Hans Dreves trettjin jier by de Gerofabryk yn Zeist. Der binne him sadwaande hiel wat messen, foarken en leppels troch de hannen gien. Om’t de famylje by de ‘Evangelische Broedergemeente’ (Hernhutters) oansletten wie, song Hans al gau by it tsjerkekoar en waard er letter ek koperblazer by it korps dat de tsjerketsjinsten begelate. ‘Ik bin aardich oan ’e lingte, dat se fregen my foar de besbas, it grutste koperen blaasynstrumint dat der bestiet.’
Fia de blaasmuzyk learde Hans Dreves syn frou, Marjan Veer, kennen. ‘Myn lettere skoanfamylje wie út Suriname wei yn Dokkum kommen te wenjen. Myn skoanheit hie dêr sindingswurk foar de Hernhutters dien en waard hjir learaar oan de Kristlike Kweekskoalle. Hy spile tromboane by Oranje en Marjan spile dêr trompet. Ik rûn al tsjin de tritich en myn maten yn Zeist fûnen dat it ris tiid waard om ‘frijgesel ôf’ te wurden. Dat slagge, want yn Berlyn, dêr’t de Hernhutter blazersgroepen sintraal byelkoar wiene, kaam ik mei de famylje Veer yn ’e kunde. It klikte fuortendaliks. Ik waard útnoege om ris yn Dokkum te kommen en fan it iene kaam it oare: Marjan en ik krigen ferkearing en hiene trouplannen. Om’t wy yn Dokkum op slach in gaadlik hûs krije koene, sollisitearre ik dêr nei in baan by it gasfabryk. Ik waard fuortendaliks ek lid fan Oranje. It gie sa hurd: de iene wike spile ik noch yn yn Zeist, de oare wike siet ik by de fanfare tusken de fyftich en sechtich minsken. Taalproblemen haw ik net hân, ik koe it Frysk al gau ferstean. Friezen binne gjin ‘stugge’ minsken, lykas wolris sein wurdt. It leit oan dysels. Moatst dy ynpasse, net oanpasse.’
Hans en Marjan Dreves, dy’t ûnderwylst trijeënfjirtich jier troud binne en pake en beppe fan fjouwer jonges, joegen op harren beurt it muzykmeitsjen troch oan de bern. Harren dochter wennet yn Eastenryk en spilet harp en piano. Harren soan is slachwurker en wennet yn Grins.
‘Wat it musisearjen foar my betsjut? Ik fyn it sosjale aspekt hiel belangryk. Meielkoar moaie akkoarden meitsje. De lege toanen fan de bas binne de basis fan it orkest. Doe’t ik by it korps kaam, dat yn 1898 oprjochte is, stie Oranje foaral bekend om de koralen. Psalmen en gesangen, dat is no noch altyd de basis. It fierdere repertoire wikselet, dat hinget bot ôf fan de smaak fan de dirigint. Oranje spilet ek marsmuzyk en gruttere wurken, sawol klassyk as modern. It korps is lid fan it bûn en spilet op konkoersen yn de op ien nei heechste klasse.
Ien fan de hichtepunten fan de lêste jierren wie de útfiering fan “Fjoer en Wetter” yn 2004. Dat wie in muzykfoarstelling oer de moard op Bonifatius en syn gefolch, mei muzyk fan Rob Goorhuis op teksten fan Wilco Berga. Behalve Oranje die ek it Dokkumer “Toonkunstkoor” dêroan mei, ûnder de rezjy fan Anna Zwaga.
In ferskil mei eartiids is dat it korps tsjintwurdich wol sa’n fyftjin oant tweintich jonge leden hat. Dy hawwe de muzykskoalle dien, kinne noaten lêze en hawwe de feardichheid om in ynstrumint te bespyljen. Wy learden dat yn de praktyk en krigen stadichwei mear rûtine.
Ik haw by Oranje trijenfjirtich jier lang mei in protte nocht op de besbas spile. Mar om’t ik in bytsje dôf wurd en alles net mear ferstean kin wat ús dirigint, Sjoek Nutma, seit en ek wat muoite krij mei de snelle loopkes, haw ik ferline wike ôfskie nommen. Net ien hat tsjin my sein dat ik derôf moast, ik woe it sels. Ik wol net in bongel oan ’e foet fan de feriening wêze.
Gelokkich haw ik Hamme Hos noch. Dat is in 55+ orkest fan goed tweintich minsken, neamd nei de haadpersoan út it bekende Fryske ferske fan Sytze van der Werf. Behalve blazers binne dêr ek akkordeonisten by en wurdt der op gitaar, blokfluit en piano spile, meast muzyk út de sechtiger jierren. Wy repetearje op tongersdeitemoarn ûnder lieding fan Zwanette Dijkstra yn muzykskoalle “Opus 3” en trede op yn bejaarde- en ferpleechhuzen of foar âlderebûnen. Simmers net, want dan is hast elkenien mei fakânsje. Marjan en ik ek, wy meie o sa graach reizgje, it leafst fier fuort: nei Amearika, Yndonesië of Maleisië. Mar wy geane ek alle simmers in kear nei Eastenryk fansels, nei ús dochter en har man en ús pake- en beppesizzers.
It seizoen fan Hamme Hos rint fan heal septimber oant heal april. Dan jouwe wy in konsert by Van der Meer, dêr’t de partners en al ús supporters foar útnoege wurde. Nei ôfrin geane wy altyd te iten, hiel gesellich. Ik hoopje dat ik noch jierrenlang by Hamme Hos op de besbas spylje mei.’