Fryslân 4045 | De loftoarloch
Nei oanlieding fan 70 jier befrijing is Fryslân DOK begûn mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. In soad minsken drage de gefolgen fan dy tsjustere perioade noch altyd mei harren mei.
Yn de twadde ôflevering stiet de loftoarloch sintraal. In soad piloaten dy’t in crash oerlibben waarden op in ‘piloateline’ set; in smokkelrûte nei Inglân. Fryslân DOK rekonstruearret de organisaasje fan dy piloatesmokkel en hoe’t de measten úteinlik yn it Belgiske Wuustwezel yn de fal fan de Dútsers rûnen.
Tusken 1940 en 1945 waard de oarloch yn Fryslân net op de grûn fierd, mar yn de loft. It Fryske loftrom wie in belangrike oanfleanrûte foar alliearde bombardemintsflechten nei stedske, militêre en yndustriële doelen yn Dútslân. Fan de Ljouwerter fleanbasis ôf waarden de alliearden bestookt troch 40 Dútske jagers. Sa binne der yn de tiid fan de oarloch boppe Fryslân, de Waadsee en de Noardsee hast 400 alliearde fleantugen út de loft sketten. Fan de omkommen alliearde fleaners lizze 535 begroeven op tsjerkhôven yn Fryske stêden en doarpen. Mar fan de measte slachtoffers is neat weromfûn. Piloat Stanley Stanckewicz fertelt yn de dokumintêre hoe’t hy delstoarte by Warten yn 1943. Hy oerlibbe de crash en waard troch in fersetsgroep fan Tiny Mulder út Drachten yn feiligens brocht.
‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op www.Fryslan4045.nl.