Mei sinteklaas setten wy de skelkjes op
Wy wennen eartiids op in pleats yn Nijhuzum, in buorskip net fier fan Warkum. Wat pleatsen en wat arbeidershuzen, mear wie it net. Heit Sytse en mem Lysbeth hiene in drokke húshâlding. Der wiene sân bern, seis famkes en ien jonge. De faam en de lytsfeint wennen by ús yn en de heit fan ús mem ek. Wy hiene sa’n 45 kij en dat wie foar dy tiid in hiele protte.
Us heit hie twa fêste arbeiders dy’t ek yn de buert wennen. It wie in lytse, mar gesellige mienskip. Wy holpen inoar as de need oan de man wie. Ien fan de arbeiders hie fjirtjin bern. As der wer in poppe berne wie dan stiene wy harren by, wy makken de boel dan ek wol skjin. Der waard gjin ûnderskied makke. Us mem wie net de maklikste, mar ús heit wie in hiele leave man. Doe’t ik acht jier wie, krige hy in skop fan in hynder. Hy hat doe seis wike bûten westen west. Hy lei op in bêd yn de keamer, dat wit ik noch hiel goed. Soks wie fansels net bêst. Letter is dat wol wer goed kommen, mar hy hold altyd pine yn de holle.
As der feesten wiene lykas Krystfeest, Ald en Nij, Keninginnedei of jierdeis, dan waard dat altyd fierd. Sinteklaas wie wol ien fan de hichtepunten. Sa’n dei of tsien foar 5 desimber kamen de kuorrinners oan de doar mei taaipoppen en pipernuten. Alle bakkers hiene har eigen kuorrinners. Dat wiene manlju of froulju dy’t net folle wurk hiene en der sa wat by fertsjinje moasten. Dy taaipoppen en pipernuten kamen yn in 40 literske molkbus yn de skuorre. Wy mochten der net oankomme fansels, mar dat wie wol in útdaging. Us heit joech ús stikem wolris wat, mar ús mem mocht dat beslist net witte. Flak foar Sinteklaas kamen de kuorrinners mei marsepyn. Dat kaam dan ek yn dy spannende molkbus.
As it Sinteklaasfeest midden yn de wike foel, fertelde ús mem de sneins fan tefoaren in selsbetocht Sinteklaasferhaal. Se koe prachtich fertelle. Wy sieten dan om har hinne tichtby de gruttehekjekachel midden yn de keamer. Wy harken mei sân pear earen. Us heit kaam dan ek wolris ut it bûthús om mei te harkjen. Hy fûn it prachtich dat ús mem dat die. Sokke tiden koe se dan wol echt mem wêze. It wie faak in wat treurich ferhaal oer in famke dat har skelkje opsette en neat fan Sinteklaas krige of sa. Wy krigen dan pipernuten of in stik taaipop. It wie it foarfeest fan de echte Sinteklaasdei. De bern fan de arbeiders krigen dan ek wat út de molkbus.
De echte Sinteklaasdei wie in dei fol spanning. Wy leauden doe noch hiel lang yn Sinteklaas en wiene ek wol wat bang omdat wy fansels wolris ûndogens wiene. Ik snipte wolris in snoepke út de folle boadskipdoaze dy´t de winkelman altyd by ús yn de skuorre sette. As mem it seach, moasten wy foar straf yn it bûthús.
Op 5 desimber mochten wy de skelk opsette by de kookkachel. Der leine dan seis skelkjes oer de flier en ien boesgroentsje fan myn broer. Wy hiene allegear in oar skelkje.
Dan waard der omraak songen fansels, Sinterklaas Kapoentje en Sinteklaas rydt op syn hynder, soksoarte ferskes. Dan op bêd en ôfwachtsje.
De oare deis wie it sikersdei. Us heit en mem hiene dan de kadootsjes ferstoppe. Wy moasten it hiele hûs troch sykje, net yn it bûthús. Ast de skelk fan in oarenien fûnst mochtst dat net lûdop sizze. It wie de keunst om dyn eigen skelkje te finen. Wy hiene der in hekel oan as it yn it spekhok hong, want dêr wie it sa tsjuster. Soms siet der ek wol in skelkje yn de turfbak. Us heit holp ús ek wolris by it sykjen. Pas as wy it allegear fûn hiene, mochten wy ús kadootsje mei-inoar útpakke by de kachel. Dat wie in hiel feest fansels! Ik ha in kear in moaie boudoaze krigen, mar it moaiste kado dat ik krigen ha, wie in hiele moaie stiennen poppe. Us heit hie it widske timmere en ús mem hie der gerdyntsjes foar naaid. It wie in waarm en feilich gefoel, dat Sinteklaasfeest. It waard doe noch net op skoalle fierd.
Doe’t ik in jier of fjirtjin wie, fierden wy Sinteklaas yn de oarloch. Wy sieten dan mei in hiele kloft om de tafel. Wy hiene trije ûnderdûkers en ien fan harren koe hiel moai fertelle. De famkes sieten dan ûnderwilens te spinnen of te breidzjen. Der waarden doe ek faak Fryske boeken foarlêzen lykas De sûnde fan Haitse Holwerda en De Gouden Swipe. Wy makken dan foar Sinteklaas allegear lytse kadootsjes foar inoar want der wie fierder neat te krijen. De molkbus wie leech om samar te sizzen. Wy makken moaie doaskes, spjeldekessentsjes, haakte of breiden toffelsjes, sjaaltsjes of korsaazjes. Sa kamen wy doe troch de tiid. Wy hiene net folle, mar wy wiene echt mei-inoar en Sinteklaas hearde der gewoan by.