Ien maaiefeest: Keulen hat fluite
Myn namme is Heye Ina Riemersma - Keulen en ik kom út in read, sportyf nêst. Der waard by ús yn ’e hûs altyd oer polityk, keatsen, hurdriden en hurddraven praat. Foaral troch myn broers en ús heit: Atze Keulen, dy’t yn 1882 ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle fan Tersoal waard. Mar hy wie ek by de SDAP. Hy hie dat yn Ljouwert skipe, doe’t er dêr nei de normaalskoalle gie. Hy wie yn Tersoal by in widdofrou yn de kost en dy hie in bakkerij. Heit krige ferkearing mei de dochter: Joukjen Sjoerds Bakker. Dêr is hy yn 1883 mei troud, wylst se slim siik wie. “Het huwelijk werd thuis voltrokken,” stie yn de trou-akte. Nei in pear wike is se al stoarn. Heit bleau yn de kost by syn skoanmem.
Yn 1885 moast heit by de boargemaster fan Raerderhim komme, in man mei in dûbele namme, dy’t my no even net mear yn it sin sjitte wol. Der waard him in brief foarlein, dêr’t ynstie: òf by de SDAP wei òf ûntslach nimme as ûnderwizer. It earste woe er net, dat hy waard ûntslein. Heit hat letter noait wer yn dy skoalle west. Hy woe der ek net mear oer prate. “Dy skoalle is foar my ticht,” wie syn sizzen. Us Mem, Sietske Jellema, dêr’t er yn 1904 mei troude en sân bern by krige, die de skoalsaken. Ik bin op 16 febrewaris 1919 berne as jongste fan de húshâlding en hie dus twa susters en fjouwer broers boppe my, dy’t no allegear al ferstoarn binne. Heit en mem wiene aardich op jierren, doe’t se my krigen. Mem wie 40 en heit 57 jier.
Wat ik my noch fan de 1 maaie-feesten yn it sin bringe kin? Dat wy as bern yn optocht troch de Legean fytsten, mei in bakje foarop, dêr’t in leuze op stie: De strijders voor de toekomst. Jûns wie der in gearkomste yn de ‘Twee gemeenten’ yn Raerd, op de boppeseal. Alle sosjalisten út de Legean kamen dan byelkoar, ik tink fan sa’n 40, 50 minsken, hast allegear manlju. Dy waarden dêr tasprutsen troch in foaroanman fan de partij. En der waard foardroegen, mar foaral songen. Sosjalistyske lieten, lykas: Morgenrood en Aan de strijders en as beslút fansels de Internationale, dat troch Henriëtte Roland Holst yn it Nederlânsk fertaald wie. Ik leau dat der no ek in Fryske ferzje fan bestiet.
Doe’t heit as ûnderwizer ûntslein waard en gjin wurk mear hie, kaam er yn de bakkerij. En letter, doe’t beppe ferstoar en mem de bakkerij fan har oernaam, wie er húsman en brêgewipper. Wy wennen yn Tersoal flakby de brêge. Heit hat noait wer in betelle baan hân. Syn hiele libben stie yn tsjinst fan de húshâlding en fan de partij, dêr’t er aktyf yn bleau. Jûns gie er faak te sprekken foar doarpsbelangen en groepen arbeidersminsken, rûnom yn de provinsje. Dan reizge er mei de fyts, fansels. In fyts mei in karbidlampe foarop. Hy wie ien fan de earsten yn Tersoal dy’t in fyts hie.
Heit gie om mei foaroanmannen as Harm de Boer, dy’t yn it provinsjale bestjoer en letter yn de Twadde Keamer siet. En mei ds. Horreüs de Haas fan Snits. Dy beide kamen ek wol by ús thús en woene dat heit him beskikber stelde foar de Twadde Keamer. Mar heit fielde him sa ferantwurdlik foar de húshâlding, dat hy sei: “Nee, dat doch ik net, ik haw fjouwer jonges.” Hy wie hiel konsekwint en liet him noait omprate. Dat is oan de ein ta sa bleaun. Heit is yn 1949 ferstoarn en mem tsien jier letter.
Yn Tersoal wie heit in man fan oansjen. Der wie bygelyks net ien yn it doarp, dy’t him by de foarnamme neamde. Hy hat twa minsken hielendal klearmakke foar ûnderwizer. En as der brieven skreaun wurde moasten, kamen se by him. Tsjinstwegerers en sa.
Doe’t heit al oer de santich jier wie, kaam Paul Kiës ris yn Sybrandabuorren te sprekken, yn it kafee. Dêr woe heit hinne. Mem sei: “Jo – se seine altyd jo tsjin elkoar – komme net mear op de fyts.” Mar heit liet him neat sizze, hy gie al. Letter seine de jonges: “Wat kin dy man prate.” “Ja,” sei heit, “dy man kin goed swetse en sweare.”
Heit hie gesach yn Tersoal, ek by ús as bern. As der ûndogense jonges op de brêge klommen, dan stjoerde hy se derôf. Hy hoegde net iens wat te sizzen, sjen wie genôch. “Ik bin ferantwurdlik foar dy brêge,” sei er altyd. En ik wit it noch goed: As wy simmerdeis jûns nei iten noch even bûten boarten en it waard tiid om op bêd, dan blies hy trije kear op in fluitsje. Dan seine de oare bern: “No moatte wy nei hûs ta, want Keulen hat fluite.”