Toaniel: Foardrage wie myn lust en myn libben
Foardraachster Tine Teitsma-Siccama waard berne yn Stiens op 11 augustus 1929. Heit Geert wie túnker. Hy en mem Neeltsje wiene sljocht op toanielspyljen. Beide wiene al fan it begjin fan harren trouwen ôf aktyf yn de Stienzer Rederikerskeamer Halbertsma, in fan âlds ferneamde toanielferiening dy’t oprjochte is yn 1875. Ek Tine Teitsma en har acht jier jongere suske Rinnie stiene dêr al gau op de planken. Broer Jan Geert wie in útsûndering yn de famylje, hy woe net akteare, dat diene heit, syn beide suskes, syn omkes en muoikes en neven en nichtsjes wol. No’t Tine Teitsma sûnt in tal jierren wer op it âlde stee wennet, stiif tsjin de Stienzer bosk oan, krekt op it plak dêr’t heit froeger op ’e tún wurke, komme de ferhalen wer boppe. Wol sa’n 2500 kear stie se yn har libben mei in foardracht op de planken oant se der op har 77ste mei opholden is.
‘Rederikerskeamer Halbertsma wie foar ús altyd al hiel belangryk, wy libben derfoar’, sa fertelt frou Teitsma. ‘Myn âlden trouden yn 1929. Yn de tritiger jierren wiene se al o sa aktyf by it toaniel. Heit wie bygelyks jierrenlang ien fan de akteurs, mar ek foarsitter. Mem wie mear organisatoarysk dwaande, sy socht de stikken út en soarge foar de klean en de dekors.
Wy waarden thús tige Frysksinnich opbrocht. Doe’t ik lyts wie skreau ik alle wiken in briefke nei de berneside fan Muoike Wike yn de Ljouwerter Krante. En der gong gjin dei foarby of der waard thús wol oer toaniel praten. As skoalbern moasten wy faak optrede. Sa skreau ús heit altyd foardrachten foar ús as der yn de famyljerûnte trouwerijen of oare feesten te fieren wiene. Wy moasten dat dan thús goed ynstudearje. Wy mochten fansels net yn de tekst hingjen bliuwe! Ik ha al dy foardrachten yn skriften bewarre. Dy stikjes fan ús heit waarden hielendal taskreaun op it breidspear. Doe’t ik in jier as tsien wie fûn ik dat wol moai, mar doe’t ik in puber wie, woe ik dat net mear. Yn de oarloch wiene dy famyljefeesten altyd by ús omke en muoike yn de bakkerij yn Menaam. Moarns om fjouwer oere wiene de ovens al oan en dan wie it dêr fansels altyd al lekker waarm.
Op de legere skoalle fierden wy ek wolris in mearke op by master Van Esveld, Repelsteeltje en sa, prachtich wie dat. Nei de legere skoalle gong ik yn 1942 nei de Ryks HBS oan it Saailân yn Ljouwert. De learaar Nederlânsk, menear Petri, stimulearre ús ek om foar te lêzen en foardrachten te hâlden. Ik koe dat wol goed en moast letter yn de hegere klassen by betinkingen fersetsfersen foardrage yn de aula. Doe’t ik sechtjin jier wie, die ik mei oan de earste Fryske Foardrachtkriich yn de Harmonie yn Ljouwert. Durkje Rienks-Wallinga, Auck de Boer en pater Hettema sieten yn de sjuery. Ik wûn doe de earste priis mei de twa gedichten: De âlde toer fan Piter Jelles en Ierdeljocht fan Fedde Schurer. Dat wie wat fansels! De earste priis wie in eksimplaar fan it Lyts Frysk Wurdboek. Fan in man út Ljouwert, dy’t tige entûsjast wie oer myn foardracht, krige ik in dichtbondel fan Simke Kloosterman en in gouden hangerke kado. Letter die bliken dat it dûblee wie, mar dêr wie it my net minder om. Ik haw it myn hiele libben bewarre.
Op myn achttjinde jier kaam ik ek by de Rederikerskeamer Halbertsma, ik waard ek fuort skriuwster yn it bestjoer, ús heit wie doe noch foarsitter. Ik wurke yn dy tiid op kantoar by Graanhandel Algra yn Stiens. Letter haw ik in trijejierrige rezjykursus folge by Arend en Teunke Hauer, heit en mem fan de akteur Rutger Hauer. Dat wie in drege oplieding. Oan de ein moasten wy in presintaasje jaan mei in stik dat wy sels útsykje mochten. Ik keas foar it Noarske stik De bile leit ûnder de beam. Der stie tefolle spanning op, it wie wat te bot, wie it kommentaar fan Hauer. Ik bin wol slagge, hear, mar it wie eins net echt myn ding, dat regissearjen. Ik bin te perfeksjonistysk, tink ik. Ik haw it wol fjouwer jier dien, by selskippen yn Stiens en Ljouwert, mar doe hie ’k it wol besjoen.
Begjin sechtiger jierren waard it semy-beropsselskip Nij Frysk Toaniel fan Piet van der Veen oprjochte, mei Pyt van der Zee as regisseur. Ik haw dêr fjouwer jier oan meidien. Wy wennen doe yn Ljouwert en ik hie al in pear lytse bern, der waard twa kear wyks spile. Joke Keizer, Riek Landman en Willem Dalstra sieten der ek by. In moaie tiid, mar ik koe it op it lêst net allegear foar mekoar krije om’t myn man ek faak fuort moast foar syn wurk by de wetterlieding. Doe bin ik op 29 septimber 1964 foar mysels begûn mei it hâlden fan foardrachten. Dat ha ik oant myn 77ste jier ta folholden. Yn de trije noardlike provinsjes stie ik meast twa kear wyks op de planken. Om krysttiid hinne wie ik altyd in hiele wike ûnderweis. Ik droech ferhalen foar fan bygelyks Reinder Brolsma, Paulus Akkerman, Hylkje Goïnga en Douwe Tamminga, mar ek wol wurk fan Annie M.G. Schmidt, Simon Carmiggelt en Godfried Bomans, alle jierren wat nijs. Ik moast fansels alles út de holle leare, mar dat die ik thús moarns ûnder it wurk. Ik haw it jierrenlang mei plezier dien, mar doe’t ik op it lêst bang waard dat ik deryn hingjen bliuwe soe, bin ik dermei opholden. Dat wie in hiele stap foar my. No lês ik noch wol mei alle wille foar op it pjutteboartersplak hjir yn Stiens.’