Folksferhaal Koudum: De ein sûnder kop
In heit út Aldemardum fan wa’t syn bern betsjoend wie, reizge nei de duvelbanner yn Koudum. Dy joech him in fleske mei guod dêr’t de sike oan rûke moast. ‘Mar’, sa sei de duvelbanner derby, ‘foardatst oer de brêge by de Galamadammen giest, moatst der sels ek oan rûke.’ De heit toch dêr net om en doe’t er op ‘e brêge wie, skeat der in grutte snoek in ein ta it wetter út en sa moast de man wol wer nei Koudum werom.
De duvelbanner sei dat er dit wol oankommen sjoen hie, joech him in oar drankje mei en bûn him op it hert der foaral oan te rûken, want dit kear soe him in swarte hûn yn ‘e mjitte komme. It kaam út, lykas er sein hie en de sike waard wer sûn. Mar yn it holkessen fan de lytse fûn men ferskate dingen út it húshâlden dy’t se kwyt wienen. En boppedat groeide der troch it swit in ein, dy’t op in nêst mei aaien siet te brieden, yn it kessen. In kop siet der net oan.
Se tochten dat de sike ferstoarn wêze soe as de kop der earst mar oansitten hie. De tsjoenster dy’t men ûnderkend hie, wie oan ‘e doar west, wylst de heit yn Koudum wie. Se krige in wan mei in stôk en sa hie in frommes yn Bakhuzen de oare deis in skouder stikken.