’t Boaskjen fan jongelju 3

Yn Alde Leafde binne brieven byelkoar brocht fan ferskate Friezen dy’t yn de perioade 1940-1975 skreaune oan harren leafsten. Fan alle brieveskriuwers is ek in koart libbensferhaal te lêzen en it gehiel is oanfolle mei de troufoto’s út dy tiid.

By it boek binne ferskate opdrachtkaarten makke om te brûken by it kontakt mei âldere minsken, sa as yn de soarch.

’t Boaskjen fan jongelju 3

Tryntsje en Teake hawwe in protte stipe oan harren famylje. Famylje kin in boarne fan freugde en waarmte wêze, mar ek fan argewaasje. Krekt troude stellen begripe famyljeleden faak wol en oarsom ek, mar net altyd. De ôfrûne desennia hat der in trend west nei yndividualisearring. Dy trend liket no werom te kommen. 

Doel fan dizze aktiviteit is om te diskusjearjen oer famylje en leafdes. It hoecht net perfoarst oer eigen ûnderfinings te gean. It kin ek gean oer opfettings en algemiene trends.

Rjochtsboppe neist de tekst fine jo de opdrachtkaart om as pdf te downloaden. 

Aardich om te witten:
Om 1950 hinne wie it tal fjouwerkante meters bewenbere flieroerflakte per ynwenner in fjirdepart fan it tal bewenbere fjouwerkante meters per ynwenner yn it jier 2000. 

Yn de earste jierren nei de oarloch ferplichte de oerheid minsken dy’t in grut hûs hiene om minsken dy’t gjin hûs hiene by harren ynwenje te litten. 

Ut sifers fan it CBS docht bliken dat froulju earder it hûs út geane as manlju. Op 23-jierrige leeftyd wennet de helte fan de manlju noch thús tsjin in fjirde fan de froulju.

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side