Aise en Afke Kramer út Lippenhuzen
Ynterview mei Afke Kramer-Postma út Lippenhuzen. Yn 1955 skreaun Aise Kramer leafdesbrieven oan Afke. Twa brieven fan Aise en Afke binne opnommen yn it boek ‘Alde Leafde, Leafdesbrieven 1940-1975’, neist in koart libbensferhaal en harren troufoto. It petear is mei Miranda Werkman fan Omrop Fryslân, dy’t ek de opname fersoarge hawwe.
Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal.
Lês mear oer Alde Leafde en bestel it boek.