Resept foar spekulaas

Nedich: heale sitroen, 150 gr selsrizend bakmoal, 75 gr brune bastertsûker, 4 teeleppels spekulaaskrûden, sâlt, 75 gr bûter of margarine, 4 ytleppels rysblom, 3 ytleppels wetter.
Set de oven op 175 °C. Fetsje de bakplaat alfêst yn en bestrui de spekulaasplanke mei rysblom.

Earst de bûter ta knikkertsjes snije. Dan de sitroen raspje. Doch it bakmoal, de sûker, de krûden, it sâlt en it wetter derby. Knyp alles trochinoar oant it in bol is. Lis it daai in healoere yn ’e koelkast.

Druk de helte fan it daai yn ’e spekulaasplanke. Snij de restjes derbywei. Klopje de spekulaaspop foarsichtich út de foarm en lis ’m op de bakplaat. Werhelje dat mei de rest fan it daai. Sko de poppen yn ’e midden fan de oven en bak se yn sa’n 30 minuten gear. Lit se bûten de oven ôfkuolje.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side