Resept foar pipernuten
Nedich: 125 gr selsrizend bakmoal, 50 gr bûter, 50 gr brune sûker, ½ ytleppel spekulaaskrûden, 1 teeleppel sjerp, ½ teeleppel sâlt.
Set de oven op 175 °C en fetsje de bakplaat alfêst yn.
Doch alle yngrediïnten byinoar en knyp se ta in bol. Meitsje der knikkertsjes fan en lis dy op de bakplaat. Bak de pipernuten yn ’e midden fan de oven yn 20 minuten gear. Lit se bûten de oven ôfkuolje.