Ik yt noch graach ris in einfûgeltsje

Fetsje Hager-Veenbaas (22-04-1925) sit lekker yn it sintsje yn har tún yn Bitgummole, moai smûk tusken de Ingelske roazen. Sy is koartlyn fallen en hat de pols brutsen. Mei it gips om de earm kin se op it stuit net folle ûndernimme en dat is har slim yn de wei. ‘Ik sit no al trije wike op de stoel en moat hast oeral by holpen wurde. Dat is neat foar my, want ik bin graach aktyf.  Ik haw al hiel wat boeken lêzen om de tiid troch te kommen.’

Frou Hager waard berne yn Swolle, heit kaam oarspronklik fan Tsjom en mem fan Alkmaar. Yn har jonge jierren prate se gjin Frysk, mar dat hat se letter goed ûnder de knibbel krigen. Fou Hager hie noch ien suske dat fjouwer jier âlder wie. Sy is jong stoarn, op har 26ste.

‘Us heit wie oberkelner yn Alkmaar en dêr hat er ús mem kennen leard. Us mem wurke ien dei wyks as servearster by de tsiismerk yn Alkmaar. Us famylje hat eins libbenslang yn de hoareka wurke.’

Har âlden kochten letter Hotel De Valk yn Frjentsjer, de stêd dêr’t frou Hager nei de legere skoalle en de húshâldskoalle gong. ‘Us heit ferkocht de saak yn 1951, hy fûn my te jong om it hotel oer te nimmen en dat haw ik efterôf besjoen altyd spitich fûn. It wurk yn it hotel wie myn lust en myn libben. Al hiel jong moasten wy helpe yn de saak. Myn suske en ús mem wiene mear achter de kûlissen oan it wurk, ik wie meast yn de saak yn de betsjinning en sa. Yn dy tiid moast ik ek faak noch gau iten klear meitsje foar lette of ûnferwachte gasten. Dat fûn ik prachtich wurk. Itensiede hat altyd myn hobby west.

Ik haw letter op in hiel soad ferskillende plakken wurke. Earst fiif jier yn Ljouwert yn it Oranje Hotel as bernefaam by de eigners, de famylje Bonnema. Letter yn it kongressintrum Treslong yn Hillegom, dêr’t ik efter de kassa siet. Doe bin ik nei Nijmegen ferhuze, ik wurke dêr yn in grut hotel en hie de lieding oer fjirtjin servearsters. Doe wer yn Hotel de Kroon yn Ljouwert as hûsjuffer, ik wie doe 35 jier en hie de lieding oer de keamerfamkes. Moarns moast ik it wurk ferdiele en middeis moast ik yn de linnenkeamer oan de slach.

Yn dy tiid haw ik myn man, Gerrit Hager, kennen leard, hy siet yn de meubelhannel op ’e Jouwer. Yn 1960 binne wy troud. Hy hie al twa soantsjes út in earder houlik dy’t hy tawiisd krigen hie. Fiif jier letter hawwe wy tegearre ek noch in soan krigen. Myn soan hat no it ytkafee De Winze by de pont fan Wyns, mei in terras foar tachtich klanten. Ik fyn it moai dat hy ek wer yn it fak sit.’

Itensiede stiet by frou Hager heech yn it findel. Sy kriget no fan Tafeltje Dekje, mar it leafst makket se har eigen iten klear. ‘As ik gasten haw, sloof ik my graach út mei it iten. De tafel moai klear meitsje, kearsen en servetten, in gleske wyn. Alles sa’t it heart. By my gjin pannen op de tafel, mar skalen. Ek as ik allinnich bin nim ik de tiid derfoar en meitsje der wat gesellichs fan. In kreeft- of krabcocktail draai ik myn hân net foar om. Oant koartlyn makke ik altyd noch sels kroketten foar myn gasten. Dat is in hiel wurk en dêr bin ik no mei opholden. Myn beppesizzers, al grutte jonges, komme hjir wolris spesjaal hinne om griene earte of boerekoal te iten. Se sizze dat harren froulju dat net goed klearmeitsje kinne. Ik mei hiel graach wat aparts ite, lykas asperzjes, in spesjaal suerkoalgerjocht en wytlof mei ham bin ik ek sljocht op. Mar ik bestel by de poelier ek wolris in einfûgeltsje. Hearlik is dat! Fisk en fruit yt ik ek geregeld.

Alle dagen farsk iten, dat fyn ik belangryk. Tsjintwurdich binne de minsken wat sloarderich mei harren ytgewoanten. Gau in potsje fan dit of in pakje fan dat, efkes in pizza. Dat komt fansels ek omdat de froulju sokke drokke banen hawwe. Sy meitsje har der wat ôf, fyn ik. Itensiede is in kreatyf proses dêrst dy hielendal yn útlibje kinst. Nasy, spagetty, ik meitsje it sels klear, mar it leafst haw ik de Hollânske keuken. Ik drink no meast Rivella, mar mei ek hiel graach in glês wite port. Mei myn man dronk ik alle dagen wol in glêske, mar sûnt hy ferstoarn is fyn ik dêr net folle mear oan. Ik moat wol alle dagen goed waarm ite, oars fiel ik my net goed.’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side