Beppe Tryntsje’s brij bloes

beppe Tryntsje skylde jirpels, sa tin koe dat net ien (2x)
mar dat hie se elke dei
fan hiel har lange libben dan ek dien

kaam ik dêr útfanhûs, dan makke sy foar my (2x)
har tige ferneamde
eigenmakke-beppe-Tryntsje-sûpen-groatten-brij

it barde op in jûntiid, it wie al yn de hjerst (2x)
doe bekaam beppe Tryntsje
har eigen makke iten net sa bêst

want beppe Tryntsje wie ferkâlden en har kiel die har sa sear (2x)
dêrom makke hja mar gau wer
har eigen süpengroattenbrij wer klear (dat holp wol mear)

mar ús beppe Tryntsje hie dy jûn de kop der net goed by (2x)
en der kamen allegear
fan dy grutte grauwe kluten yn de brij

en ús beppe dy soe ite, sy naam in hap en die in slok (2x)
mar in klute dy bleau stykjen,
dy klute dy wie fierste tsjok

dat wie de ein fan beppe Tryntsje, har lange libben wie foarby (2x)
hja wie altyd sljocht op iten
mar stoar noch yn har eigen sûpenbrij

dus minsken, bin jim brij oan’t sieden, ried it dan foaral goed om (2x)
want oars komme jim ek noch
yn jim eigen kluten om!

 

Doede Veeman

 

 

 

 

 

 

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side