Itensieden: Alle dagen sûpengroattenbrij

'Al wat men jout oan fee en lân, krijt men werom mei mylde hân’ is in spreuk dy’t pronket oan it lewant fan de smûke lytse keuken fan Ate Wiersma oan de Hearewei yn Itens. Alles yn de keuken is sa skjin as de brân, de koekoeksklok tikket dat it sawat docht en Wiersma presintearret in lekkere koek by de kofje dy’t er, handich as in jonge ober, op de tafel set.

Ate Wiersma waard berne op 29 maaie 1918 op in pleats ûnder Reahûs. Syn leeftyd is him net oan te sjen. Fytse, autoride, yn de tún wurkje en alle dagen in hantaast dwaan op de famyljepleats yn Reahûs, Wiersma draait syn hân der net foar om. Ek yn de keuken hat er de saken goed ûnder kontrôle, al wie er as boer net wend om sels iten te sieden, hy hat troch de jierren hinne hiel wat byleard op húshâldlik mêd.

‘Myn frou, Wietske Landman, krige yn 1967 in blieding yn ’e holle dêr’t se eins noait goed oerhinne kommen is. Doe’t se siik wie holp ik al mei jirpelskilen en griente tameitsjen, mar sy hie fansels oan de ein ta wol de lieding yn de keuken. As boerinne hiene jo in fêst patroan as it om iten en drinken gong. Sân oere brea-ite, healwei tsienen kofje, tolve oere waarm ite, fjouwer oere teedrinke, sa sawat. Ik die ek de boadskippen want myn frou koe dat nei har sykte net oan. Se skreau alles op in briefke wat der komme moast. Yn 1988 is sy ferstoarn, wy wennen hjir doe fansels al lang yn Itens en myn soan siet op de pleats yn Reahûs. No hat myn pake-sizzer, Ate Wiersma, de famyljepleats wer oernommen, dêr bin ik wol grutsk op, hear.

Ik skriuw no de boadskippen noch altyd op in briefke as ik nei de winkel gean yn Wommels of Skearnegoutum. Ik doch dat altyd op freed, mei de auto. Dan helje ik foar de hiele wike.

Yn Itens hawwe wy gjin winkel, allinnich de SRV-wein komt del. Ik helje dan ien hiele bôle. De helte fries ik yn, sa haw ik dan de hiele wike farske bôle. Ik brûk boerebûter, fansels en in soad griente en fruit. Ik bin in fruitmantsje. Ik mei graach appels, dy yt ik alle dagen. As ik soms net wit wat ik op de bôle dwaan sil, keapje ik wolris bananen.

Fiif dagen wyks meitsje ik jirpels, griente en in stikje fleis foar mysels klear. Ik yt mar twa lytse jirpels en in protte griente. Us heit sei altyd dat jo goed jirpels mei griente ite moasten, ik sis dat jo goed griente mei in jirpeltsje ite moatte.

Sûpengroattenbrij is myn fêste neigesetsje. Kenne jim dy âlde siswize: Boeren ite har siik oan keallefleis en ite har sûn oan sûpengroattenbrij? Stamppot meitsje ik noait. Wolris makaroany. Sneons wolris snert fan Honig mei in stikje woarst. Ik mei graach sukadelapkes of in stikje gehak. Ja, ik bin in sûne iter. Sneontejûns, as ik efkes noflik sit, nim ik altyd in pear jonkjes. Moatst der sels wat fan meitsje. Ik yt hjir by de keukenstafel op it swilkje. Ik meitsje der fierder net safolle drokte fan, hear.

Ik haw hjir efterhûs ek noch in hoekje bou, ik bin sljocht op myn eigen farske beantsjes. Der steane ek noch in pear fruitbeammen en in kas. Yn dy kas haw ik twa plantsjes andyvje, twa plantsjes slaad, twa blomkoal en twa spitskoal. Ik moat net tefolle plantsje, oars kin ik der fansels net tsjinoan ite. Dy tún wurdt my al hast tefolle op myn njoggentichste. Ik bin fierder sa sûn as in fisk, mar mei dy nije heup kin ik net sa goed mear yn de bocht.

Ik fyn itensieden eins wol moai wurk, hear. Ik haw in elektrysk fjouwerpits Pelgrim kookplaat, dat befalt my prima. Trije sneinen gean ik te iten by de bern. De fjirde snein hâld ik foar mysels, dan kin ik dan ek ris earne oars hinne. As ik dan al thús bin, meitsje ik wolris grientesop of fan dat Deenske keallesop.

Ik kin hiel goed rûn komme fan myn AOW. In buorfrou behoffenet hjir de boel om de safolle tiid. Ik waskje myn eigen klean en de bern soargje foar de lekkens en de boesgroentsjes, dy wurde kreas strutsen.

Ik fyts alle dagen om fjouwer oere nei de pleats en help dêr noch wat mei, de blaubokse en de learzens oan. In fêst ritme en beweging, dat binne belangrike saken as jo âlder wurde. Ik ha noch in moai libben. Bang foar de dea bin ik net, wol foar it lijen dat deroan foarôf gean kin.’

 

Ferske

Mem, wat sille wy ite?
Al wat op it fjoer is.
Sûpenbrij mei groat deryn,
as ’t mar net te soer is.

út: Hop hop hynke fan Jant Visser-Bakker

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side