Nei de moanne of nei Frjentsjer - Hans Molema

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

Wêr wienen jim doe’t jim hearden dat der in man op de moanne rûn hie?

Leauden jim de bylden en de nijsberjochten?

Minsken dy’t dat leauden, wienen dy serieus te nimmen of koenen dy better nei Frjentsjer ta?

 

Nei it ferhaal

Kinne jimme de manspersoan yn it ferhaal begripe?

Of wienen jim krekt like nijsgjirrich as de frou?

Hoe tinke jim no oer al dy romtemissys fan NASA en ESA?

 

Nei de moanne of nei Frjentsjer

De televyzje yn de hoeke fan ’e keamer wie oan.  It byld wie net dúdlik en it skrassende lûd waard hieltyd ûnderbrutsen troch skelle piiplûden.

Op it byldskerm wienen wazige swart-wyt bylden te sjen fan  in man op in ljedderke.  Nei de safolste ‘piip’ sweefde hy dêr yn alle stilte wer ôf.  Tagelyk wie in kreakerige stim te hearren.

‘… wat soe ’t, allegear ûnsin, lit dy net foar de gek hâlde! Do leaust dat doch net? Se meitsje dy mar wat wiis! Kom no mar gau hjir, it is samar wer moarn!’  Se die it televyzjetastel en it ljocht út en in pear minuten letter wie it stil. 

De oare moarns om healwei sânen gie de wekker. Lykas alle oare dagen moast der wer fan alles dien wurde: de tafel klearmeitsje, kofjesette, de tassen klearsette en de achterdoar los dwaan, bôle snije en smarre,  de hiele húshâlding de doar út, nei it wurk, nei skoalle, dêrnei stofsûgje, bêden opmeitsje, boadskippen dwaan en dán hie se pas even tiid foar harsels.

Hast tolve oere, even de radio oan, foar it nijs. En it waar fansels. Se draaiden earst noch in pear stikjes muzyk:  in plaatsje fan Frank Sinatra, Fly me to the moon…  En dêrnei de nijsberjochten. Se harke eins mar heal, oant…

Se hearde it doch goed: “Fannacht om fjouwer minuten foar fjouweren Nederlânske tiid hat de Amerikaanske astronaut Neil Armstrong as earste minsk foet op ’e moanne set!” Fluch sette se de radio wat lûder… “Dat histoarysk barren is oer de hiele wrâld troch mear as in miljard minsken folge fia in rjochtstreekse televyzjeferbining mei Houston. It flechtliedingssintrum dêr stiet konstant yn kontakt mei de moanne…”  It berjocht wie noch langer, mar der folgen safolle bysûnderheden dat it hast net te dwaan wie om dat allegear yn har op te nimmen… 

Middeis helle se de bern fan skoalle, master hie der al oer ferteld, buorfrou wist it ek, iderien hie it der oer!  In mínsk op ’e moanne, it wie dus doch wier… De wrâld stie op ’e kop en de televyzje-útstjoering duorre de hiele middei! By de winkelman en de bakker wie it ek it praat fan de dei. De hiele dei wienen der wer nije berjochten op ’e radio en jûns stie it yn grutte koppen op de foarside fan de krante! 

Doe’t har man thúskaam fan it wurk, wie it oan syn gesicht te sjen: hy woe der neat fan witte, it wie allegear ûnsin, bedroch, fan begjin oant ein. Se holden dy foar de gek wêr’tst by stiest! In studiofilmke wie it en it wie ek noch beroerd opnaam! Soks koe elk dy’t syn ferstân hie doch wol sjen? Hoe kin in minsk no op ’e moanne omrinne? Mochtst wol fan de wylde boskkninen besnuffele wêze om soksoarte healwizichheid te betinken! Nee, de minsken moasten wizer wêze, it sûne ferstân brûke en harren neat wiismeitsje litte!  De wierheid soe úteinlik wol oerwinne… En de radio kaam net wer oan!  Punt út! Hoe wie it mooglik, dat de heale wrâld dy kolder leaude…

Om in oere as healwei alven hinne waard de televyzje oanset, mar fuortdalik ek wer út, want ek op ’e televyzje wienen der allinnich mar moanneferhalen, de goede man wie lûd foeterjend de keamer útgien! 

‘… allegear ûnsin, bedroch, lit dy doch net foar de gek hâlde!  Se besykje dy fan alles wiis te meitsjen. Soest der gék fan wurde…’

De oare moarns like it derop dat er wat bekaam wie. Mar sa gau’t se de radio oansette, gie er oerein en rûn by de tafel wei. Hy pakte syn bôletrompke, mompele sokssawat as ‘neitinke oer de moannegekte’ en gong sûnder fierder noch in wurd te sizzen, nei ’t wurk.  Doe’t de bern nei skoalle wienen, koe se har nijsgjirrichheid net mear bedimje, se sette de televyzje oan en ja hear: der wie wer nijs oer de reis nei de moanne. Se bleau sitten te sjen nei in filmke mei twa stadich springende manlju yn wite pakken. Even letter kamen der alderhande ynstruminten yn byld en in flagge dy’t yn ’e grûn plante waard. Presidint Nixon kaam ek noch yn byld, hy prate samar even mei de manlju op ’e moanne en lokwinske harren. Sy seach de moannelander op syn spinnepoaten en it waard ek noch in kear herhelle. It wie dus dóch wier! Yn ’e studio lies ien of oare Henk Terlingen - leuke man hear - it nijs foar en in gelearde man mei in burd joech útlis, se begriep der hieltyd mear fan... 

Ynienen sloech de klok, it wie al tolve oere en se hie noch neat oan it húshâlden dien…  Yn Hilversum sei Henk Terlingen dat de astronauten harren deljoegen, it programma wie dien. De moarntiid wie omflein.  Der moast noch fan alles dien wurde, bêden opmeitsje, nei de winkel, itensiede.

Yn ’e wyn op fytse mei in tas fol boadskippen wie al net maklik, mar hjoed hie se de holle der net by… Doe’t se yn ’e winkel wie, gie it praat al gau wer oer de reis nei de moanne en sadwaande hie se fergetten om rys te keapjen, it stie net op it listke… Dan mar wer ierappels, griente en fleis, dus noch even nei de slachter. Mar dêr hie iderien it der ek oer, it wie ek sa unyk. Underweis nei hûs raasde de wyn har sa hurd om ’e earen dat se pas op it alderlêste momint de grize auto hearde, dy’t doe al op ’e krusing wie. It gie mar krekt goed…  soks kaam har eins nea oer. 

Doe’t se de fyts yn it hok sette, besefte se dat de ferhalen oer de moanne har wol hiel bot yn ’e besnijing holden. Har man hie wat sein oer moannekolder, eins hied er ek wol in bytsje gelyk… Mar sûnder dat se der erch yn hie, stie de radio alwer oan, mei hieltyd wer nijs oer de manlju op ’e moanne.  It wie krekt oft se harkje móást…

Tsjin iterstiid wie se yn ’e keuken, de ierappels stienen op, it fleis soarre en it begûn al lekker te rûken. Straks noch even in lekker neigesetsje betinke, se makke de tafel alfêst klear. De boarden, it bestek, de ûndersetters en foar har man in  glês  derby. Hy hie it hjoed drok hân en hie dus wol wat ekstra’s fertsjinne. De bern boarten miskien noch yn ’e tún of op ’e dyk. It waaide wol hurd, mar it hie likegoed in prachtige dei west mei in soad sinne en it wie lekker waarm…   

Se draaide it gas ûnder de ierappels omleech en gie de keamer yn.  De televyzje yn ’e hoeke wie oan.  It byld wie net dúdlik en it skrassende lûd waard hieltyd ûnderbrutsen troch skelle piiplûden. Alwer…,  tocht se, noch mar in kear goed sjen oft it allegear wol écht is…

It wie de sáfolste herhelling fan it nijs oer de reis nei de moanne. It wie al wer hast in wike lyn. Gelokkich wienen de manlju alle trije wer goed sûn werom op ’e ierde kaam…

Se betocht dat it wol goed wêze soe om, tegearre mei har oarehelte, in kear nei it âlde planetarium fan Frjentsjer ta te gean. Se hie dêr sels al ris west, lang lyn, mei har heit; en letter noch in kear…  Se hie derfan genoaten!

Even letter wienen de ierappels en de griente gear. It neigesetsje foar har man waard mei in flinke tûf slachrjemme fersierd en yn de iiskast set. Se rôp de bern yn ’e hûs.

Lykas alle dagen kaam har man klokslach seis oere thús, en rûn de keuken yn.  Wylst sy de skaal mei dampende ierappels op ’e tafel sette, sei se: ‘En? Hoe wie ’t op it wurk?’ Hy die de jas út en sei: ‘De baas hat sneon in dei fuort west mei syn frou en bern… Dat hat my oan it tinken set…’

‘No, sis it ris. Wêr ha se west?’ Se waard nijsgjirrich. ‘Nei de bistetún of nei it strân?’

De goede man skodholle: ‘Nee, de baas hie it de hiele wike oer de moanne hân. Hy hie de heale nacht foar de televyzje sitten, hy woe dêr fansels alles oant yn detail fan witte…  Syn frou wie nachts ék al opbleaun, in minsk op ’e moanne, tink dy ris yn! Sneon hat de baas mei frou en bern nei Frjentsjer west, nei dat hûs fan Eise Eisinga, it planetarium! Dêr waard harren alles útlein, oer de moanne, oer de planeten en de sinne. Se kinne dy dêr presys fertelle, hoe’t it allegear sit…’

Har eagen begûnen te glinsterjen. Doe’t har man oan ’e tafel sitten gie seid er: ‘Dan moatte wy dêr ék mar ris hinne!’

 

Hans Molema

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

Op 20 july 1969 set de Amerikaanske astronaut Neil Armstrong de earste fuotstappen op de moanne. De reis fan de Apollo-11, de landing en de earste stappen binne wrâldnijs. 

Armstrong, Collins en Aldrin yn 1969

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side