Krantekueren - Ytsje Hettinga

Koart ferhaal 

 

Yntroduksje fan it ferhaal

Lêze jo alle dagen de krante? Of lêze jo oare nijs- of opinyblêden?

Wat lêze jo earst as de krante komt?

Wat slane jo noait oer yn de krante?

  

Nei it ferhaal

Kenne jo minsken by jo yn ’e buert dy’t wat ‘typysk’ binne?

Is der ferskil tusken manlju en froulju yn hoe’t se in oar be- en feroardielje?

Hoe komt it dat manlju makliker nei in kafee geane om ‘der ien op te nimmen’?

Hoe tinke jo dat dit ferhaal ôfrinne sil?

Wat fine jo de bêste oplossing, no’t Froukje en Katrine sa mei de mûle fol tosken tsjinoer elkoar steane?

  

Krantekueren                                                                                               

Froukje stie foar it rút mei de lege treppot yn ’e hân en kipe om ’e fitraazje hinne.

‘Witst, ik fyn it in nuvere saak.’

‘Wat?’, frege Jouke, sûnder nei har te sjen.

‘No, Kees-en-dy.’

‘Och, lit se.’

‘Se binne sa nijsgjirrich as âlde hinnen, fral sy.’

‘Makkest dy drok om neat.’

‘Nee Jouke, dat is te maklik. It doocht net.’

‘Gean dêrwei en bemuoi dy der net langer mei.’ Wrimpen sloech Jouke it lêste blêd fan de krante om.

Froukje brocht de treppot nei de keuken. Se wist sekuer dat it by harren oerbuorlju net yn ’e heak wie en dat sei se nochris lûdop.

‘Ophâlde, sei ’k’, rôp Jouke har nei.

‘Do hast maklik praten.’

‘Wat seist?’

‘Och neat.’ Se hie der gjin sin oan en lis Jouke nochris út wêrom oft se it net op ’e oerbuorlju stean hie. Jouke wie in goedsek, fûn se. Dy fûn alles mar gewoan. Mar dy minsken koene harren dochs wol wat normaler gedrage?

Hast oardel jier wennen Kees en Katrine dêr no.

‘Wat typyske minsken. Se hâlde altyd elkenien yn ’e gaten.’ Sa waard der op ’e buert sein. Dêr hienen Jouke en Froukje harren net safolle fan oanlutsen. Teminsten Jouke net. Alle minsken wiene no ienkear net itselde, fûn er. Froukje hie der mear muoite mei.

‘Typysk, typysk’, sei se faak. 

Al gau hie se yn ’e rekken dat de buorlju by ’t hjerst en yn ’e maitiid alle dagen tsjin ’t skimertsjuster de dyk op gienen. By ’t winter letter op ’e jûn, nei Studio Sport. Soms foar in healoere, mar ek wol foar langer. Dan gienen Jouke en sy op bêd en wie der noch gjin ljocht wer achter de gerdinen. Dat koe sy krekt sjen, want by it grutste rút kamen oan de boppekant de kleden net earlik oan elkoar ta.

By ’t simmer wie it dreger en hâld yn ’e gaten wat dy minsken krekt by de ein hienen. As se al ris yn ’e blomperkjes foar dwaande wienen, rûn Froukje by de afrikaantsjes del om der wat deade bledsjes wei te heljen en stiek dan de wei oer. Mar it wie krekt as hienen Kees en Katrine net folle ferlet fan in praatsje, fral Kees net.

No, by ’t winter, moast it mar krekt treffe dat se tagelyk by de wei wienen om in wurd mei inoar te wikseljen. Byinoar oer de flier komme, sa as yn it begjin, wie al langer net sa.

En Katrine, hiele middeis foar it rút sitte te krantelêzen, al sa nuver, fûn Froukje.

Ut ’e keuken wei koe se it spul net goed oersjen. Se rûn wer nei de keamer.

‘Ik ha myn nocht der skjin ôf.’

‘Begjinst no wer? Dêr ha ik skjin myn nocht ôf. Ik gean der noch even út.’ Jouke kaam wat stram oerein en slofke nei de bykeuken.

No’t er har alle kearen ferbea dat se achter de fitraazje stie, moast se wat oars betinke, tocht Froukje.

Jouke hie de hakken noch net oer de drompel of se krige de skjirre en de krante en knipte in hap út it lêste nijs. Nessele har yn ’e stoel foar it rút en kipe troch it gat.

Jouke rûn it paadsje del en seach dat Froukje mei de krante achter it finster siet.

‘Snotferdoarje, it sil dochs net wier wêze dat Froukje deselde kueren krijt as Katrine?’ Hy seach fan de iene nei de oare. It wie as yn in dream dat er beide froulju op ’e selde wize sitten seach.

Froukje har eagen wienen net al te bêst. Dy hie net trochhân hoe’t Katrine alle kearen siet te krantelêzen. Hy hie it har nea ferteld. Altyd tocht, hoe stiller hoe better. En no sieten se beide foar joker. Hy betocht him ien momint, stiek doe beide hannen yn ’e loft en liet him langút op it tegelpaadsje delploffe.

Yn in omsjoch wienen beide froulju by him. De iene bearde noch lûder as de oare. ‘Jouke, myn leave Jouke, wat no, wat no.’ Snokkerjend knibbele Froukje neist him del.

Katrine rôp oars net fan: ‘Ik seach him fallen, ik seach him fallen!’

Even hold Jouke him foar dea, kaam dêrnei stadich oerein en sei: ‘Froulju, as jimme yn ’e krante sjogge, lês him dan asjeblyft en meitsje der gjin kikeloerkast fan. Oer my hoege jimme net yn te sitten en jimme hoege my ek net te freegjen wat my mankeart, dat kinne jimme better jimsels ôffreegje.’

‘Do... ik... Ik... do... Ik fyn... Do dochst...’, begûnen Froukje en Katrine tagelyk tsjinelkoar.

‘Ho’, sei Jouke,‘ik wol der graach earst even del. Jimme sykje it tegearre mar út. Ik sil sjen oft Kees noch yn Sûnens sit. Dan nimme wy der ien op. Dat is goed tsjin alle kwalen. Faaks ek wol tsjin dy fan jimme.’

Hy stiek de hân op en poatele even hastiger as oars it doarp yn. 

As yn it gat beneile stienen de froulju him nei te stoarjen.

Jouke seach net wer om.

 

Ytsje Hettinga

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

 

 

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side