Kleur - Margryt Poortstra

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

Wêr hawwe jo/jim op skoalle it skriuwen mei leard? En hoe wie dat thús?

Mocht elkenien op skoalle loftshandich skriuwe?

Waard der in soad mei kleur wurke?

 

Nei ôfrin

Wannear kamen jo/jim foar it earst yn kontakt mei 'kleurlingen'?

Hoe waarden dy minsken ûntfongen yn it doarp?

 

Kleur

 Wy sille kleurje, Hanna en ik. Myn beppesizzer hat har eigen platen op ’e tafel lein, de mandala dêr’t ik mei dwaande wie en de filtstiften. Wy lizze wat kleuren dy’t wy aanst brûke wolle op in rychje, dikke en tinne trochinoar. By har lizze de ljochtblauwe, giele en rôze, by my leit pears en read en brún. Hanna jout alles in oare kleur, de gesichten giel, de hannen blau. As se klear is mei ien fan ’e dikke stiften, rûkt se der eefkes oan foar’t se him wer tusken de oaren stekt. Se glimket as ik har derop betraapje. Lekker, seit se. Ik doch it sels ek, en mei de aparte rook komme by my heal fergetten oantinkens omheech.

 It wie yn ’e fyfde klasse, wat tsjinwurdich groep sân is. De sechsde siet yn itselde lokaal. Master Wijmans stie foar de dûbele klasse en wy learden in soad fan him. Hy wist net allinnich in hiele protte, hy koe ek fan alles meitsje. Sa hie er mei syn eigen hannen in tillevyzje en in radio yninoar setten. De radio stie by ús yn ’e klasse en alle wiken mochten wy nei it programma fan ’e skoalradio harkje. Nei de tillevyzje sjen mochten wy wol by him yn ’e hûs, as wy dan mar net allegear tagelyk kamen. Alle bern út ’e klasse hienen dat wol in kear dien, want der wienen noch mar in pear dy’t thús al in tillevyzje hienen. Nei Swiebertje seagen wy, of nei de Verrekijker, dêr’t filmkes yn útstjoerd waarden oer bern yn oare lannen. Yn de twa jier by master Wijmans waard de wrâld ynienen in stik grutter.

By ierdrykskunde brûkte hy net lykas oare ûnderwizers de gewoane kaarten en in oanwiisstok. Nee, hy tekene in lân of in provinsje op in grut stik papier dat op in hege stander stie, die dêr in plestiken fel oerhinne en sette mei filtstiften de doarpen en stêden derop. Doarpen swart, stêden read en rivieren blau. Dy stiften wienen noch mar krekt útfûn. Ik siet op it foarste bankje en as master de dop fan sa’n stift helle, prike de rook my yn ’e noas. In pear moanne earder mochten wy foar it earst mei in balpinne skriuwe. De tiid fan de kroantsjepinnen en inketpotsjes wie foargoed foarby.

Op in dei hienen wy tekenjen. It wie net samar in les, mar mear in wedstriid. De oare wyks soe der in âlderjûn wêze. Dan soenen alle tekeningen yn ’e klasse hingje en mochten de heiten en memmen de moaiste útsykje. In earste, twadde en tredde priis wie der te ferjaan. Wy krigen de opdracht om in persoan te tekenjen dêr’t men oan sjen koe wat dy die of wie. In boer op klompen, in bakker mei bôle, wy moasten it sels mar betinke. Ik fûn it in moai ûnderwerp en ik wist al gau wat ik tekenje soe: in bern út in fier lân, in swart bern mei kroeshier. Dêr hoegde ik net in protte kleurpotleaden foar te brûken. Ik slipe op it swarte potlead foar de wissichheid mar in skerpe punt. De foarm fan ’e holle slagge yn ien kear. De wangen wienen wat oan ’e meagere kant en de eagen leinen djip yn it gesicht, de noas wie breed en de noasters stienen wiidiepen. Sa seagen de swarte bern yn ’e sindingsboekjes derút, dy’t wy in pear klassen leger winne koenen as wy in protte postsegels sammele hienen foar de earme minsken yn Afrika. Oare foarbylden hie ik net. Yn ús doarp hie noch noait in minske west mei in oare kleur hûd as dy fan ús. Sels yn de Verrekijker kamen de bern dy’t dêrop te sjen wienen út Dútslân of Switserlân. Hoe’t minsken yn hite lannen wier libben, dêr hie ik gjin idee fan.

Doe’t master my mei it swarte potlead kleurjen seach – de punt oerdwers, want oars skeat it net op – sei er dat ik mar eefkes wachtsje moast. Hy helle út de lessener syn swarte filtstift, dêr moast ik it mar mei ôfmeitsje. Ik kriich it waarm fan blidens. It foel noch net iens ta om net bûten de linen te kommen, mar de kleur wie prachtich, djip, djip swart. In wike letter wûn ik in earste priis mei de tekening.

 It is yn dyselde fyfde klasse. Wy sitte nei de middei klear foar de útstjoering fan ’e skoalradio, de earms oer elkoar. Master is der noch net en wy sjogge op ’e klok foar yn ’e klasse dat it al fiif minuten oer tiid is. Hilbert, ien fan ’e brutaalste jonges, rint op ’e teannen nei de doar en kiperet om ’e hoeke de gong yn oft er der al oankomt. As er hastich weromdraaft en yn ’e bank sjit hearre wy de fuotstappen fan master al op ’e stiennen flier. Hy komt de klasse yn mei in kofferke yn ’e hân en leit in finger op ’e lippen. Wy moatte stil wêze en ôfwachtsje.

Op ’e lege kast, nêst de radio, stiet in grammofoan. As it oer muzyk giet, draait master wolris in plaat. Dan fertelt er oer de komponist, oer de ynstruminten en lit er hearre wat bysûnder is. It liket derop dat wy yn pleats fan in oerke skoalradio muzykles krije sille en in pear bern begjinne al wat soer te sjen. Master leit in plaat op ’e draaitafel, mar leit de nulle der net op. Hy giet foar de klasse stean en besjocht ús allegear ris goed. Wy wachtsje benijd op wat komme sil, mar it bliuwt in hiel skoft stil. Dan wiist master in pear bern oan: Jantsje, Marijke, Piter, Anneke en Koen. Dy moatte nei foaren komme. Master freget wêrom’t wy tinke dat krekt dy bern útkeazen binne, mar gjinien kin it betinke. Wy riede en riede, mar komme der net op. Wat it ferskil is tusken dit rychje foar de klasse en de oaren yn ’e bankjes, freget master op ’t lêst. Se binne net grutter of lytser, net grouwer of meagerder. It hier, blykt úteinlik, se hawwe alle fiif dûnker hier, hast swart, wylst de bern dy’t noch op har plak sitte allegear ljocht hier hawwe. No wol master hawwe dat de dûnkere fiif op ’e grûn sitten gean en dêr bliuwe salang’t dizze les duorret.

Earst begripe wy der neat fan, mar dan begjint master te fertellen. Yn eardere klassen en ek yn dizze hawwe wy in hiel soad ferhalen heard oer de Twadde Wrâldoarloch, oer Hitler en de nazys, oer de Joadeferfolging en it ferset, seit er. Oer hoe’t de Joaden yn dy tiid en de tiid foar de oarloch behannele waarden as twadderangsminsken en hoe lilk ús dat no noch meitsje kin. Want alle minsken hearre deselde rjochten te hawwen, dochs? Wy tinke dat soks oer en foarby is, mar nee, seit master, hy sil ús hjoed fertelle hoe’t it foar swarte minsken yn Amearika wie en noch altyd is.

Wylst er fertelt dat swarte en wite bern net nei deselde skoalle geane, dat se net deselde húskes brûke meie en dat swarte minsken yn ’e bus stean gean moasten foar wite minsken, lit er foto’s rûngean troch de klasse. Wy sjogge hoe’t boppe de doarren fan wachthokjes buorden hingje mei ‘colored’ derop, wat ‘kleurling’ betsjut, en it docht ús tinken oan de buordsjes mei ‘Joden niet gewenscht’. Op in oare foto wurdt in brune frou troch de plysje út in bus helle om’t se net stean gean woe. Minsken mei wite puntmûtsen dûnsje om in baarnend krús hinne, de fûsten yn ’e loft. Mar dan komme der bylden fan swarte minsken, mei hjir en dêr in blanke dertusken, dy’t yn optocht en mei spandoeken rinne, dy’t midden op ’e dyk sitte en alle ferkear tsjinhâlde. Op al dy foto’s rint of sit deselde man foaroan: Martin Luther King. Dé man fan it ferset, dy’t de minsken tasprekt, oanmoediget, mei har sjongt. Master fertelt wat dy man yn ien fan syn lêste taspraken seit: dat er in dream hat dat op in dei swarte en wite jonges en famkes hân yn hân rinne en dat net mear sjoen wurdt nei hûdskleur, mar nei hoe’t minsken fan binnen binne.

Master giet nei de grammofoan en leit de nulle op ’e plaat. Hy stekt in finger omheech. Harkje. Wy binne mûsstil, al fersteane wy it measte net. De stim fan Martin Luther King bolderet troch de romte. De fiif dy’t foar de klasse sitte, bûge de holle. Wy betinke allegear hoe frjemd it fielt dat sy dêr oer de flier sitte en wy yn ’e bankjes en hoe’t dat foar minsken dy’t mar heal meitelle fiele moat.

Hanna hat har kleurplaat ôf. Foar de jurkjes fan ’e famkes en foar de blommen dêromhinne hat se felle kleuren brûkt. Hjir en dêr is se oer de rântsjes hinne sketten mei de stift, mar dat komt net sa krekt, fynt se. Sels haw ik alle war dien om binnen de lyntsjes te bliuwen. Wy besjogge elkoars wurk en as ik freegje wêrom’t Hanna de hannen en de gesichten ferskillende kleuren jûn hat, lûkt se de skouders omheech. Wat kleuriger wat better, fynt se. 

 

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop pc rjochtsboppe). 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side