Dûns - Jan Siebelink

Jan Siebelink (1938) is auteur fan in oeuvre dat rûnom wakker priizge wurdt. Mei Knielen op een bed violen ferovere er in útsûnderlik grut en breed publiek fan mear as in heal miljoen lêzers. It boek waard ûnderskieden mei de AKO literatuerpriis en yn ferskate talen oerset.

It ferhaal Dûns hat Jan Siebelink skreaun yn opdracht fan De Leescoalitie yn it ramt fan de Nasjonale Foarlêslunch 2016 en 2016 Jier fan it Boek. De Foarlêslunch wurdt organisearre troch De Leescoalitie yn gearwurking mei de Bibliotheken, en lit sjen dat foarlêzen in maklik ta te passen deibesteging is, dy't bydraacht oan de kwaliteit fan soarch foar âlderen. Wolle jo mear witte oer de foarlêslunch of binne jo op syk nei achtergrûnynformaasje by dit ferhaal? Gean nei www.nationalevoorleeslunch.nl.

It ferhaal is as pdf beskikber om sels foar te lêzen, mar ek te beharkje as audiobestân.

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side