De raarwurkjende koekoeksklok - Teake van der Meer

Koart ferhaal

Yntroduksje fan it ferhaal

Yn it ferline waard der folle mear oan ferhalen fertellen dien as no. Fan wa krigen jo jo earste ferhalen te hearren?

Kinne jo noch wat oer dy ferhalen fertelle?

Der wienen fansels ek minsken dy't rûnreizgen om hjir en dêr te fertellen. Guon dienen dat op strjitte, oaren dienen dat ek wol yn (lytse) sealtsjes. Jo hawwe grif ek wolris sokke 'optredens' meimakke. Fan wa wie dat optreden en hoe belibben jo dy mominten?

 

Nei ôfrin

In soad minsken hawwe wolris mei de plysje te krijen hân. En jo? Hawwe jo ek wolris mei de plysje fan dwaan hân?

Der wurdt ek wolris sein: 'De politie is je beste vriend.' Foar Lytse Teake jilde dat net, mar hoe sit dat by jo? Wannear hawwe jo mei de plysje te krijen hân en wienen jo dêr bliid mei of dochs net?

 

Foarôf

It ferhaal 'De raar wurkjende koekoeksklok' komt út it nûmer 'Tûkelteammen mei Teake' fan de lp 'Lytse Teake op 'e tekst'. 

By de 'bongels' fan de website www.praatmarfrysk.nl kin it ferhaal 'De raar wurkjende koekoeksklok' beharke wurde. Fansels ferteld troch Lytse Teake sels.

 

De raar wurkjende koekoeksklok

Dan ha je in buorrel op, dan sjogge jo alles krekt wat oars. Sa giet it my sels ek: men is eins altyd fuort, mar as jo dan in jûn oer ha, dan mei ik ek noch wol even te biljerten en de lêste kear haw ik dêr ek tastimming foar krigen fan de frou. Ik sei: 'Leave, ik bin om tolve oere thús hear, dêr hoechsto net oer yn te sitten.'

Mar wat is in oere tiid as it lekker smakket? En it biljerten komt dan letter faak wol. Doe wie it hast tolve oere en sjoch, ik tink dan ek altiten oan myn liefje. Ik tink ik wol even mei har prate en belle har op. Hju naam net op. No, ik tink dan kin ik ek wol om fjouwer oere thús komme, do sliepst toch. Doe hawwe wy noch efkes trochset. Doe wie 't hast fjouwer oere; ik tink, no moatte we dy kant mar út. Dat de hiele ploech nei bûten, de iene hong oer de fyts en de oare hong tsjin it sket oan.

Ynienen wie der ien by, dy gûlde deroer. 'Oehoe…,' sei er. 'Ik woe wol dat ik in mûs wie …, ik woe wol dat ik in mûs wie …', sei er. Ik sei: 'Wêrom in mûs?' 'Dat is it iennichste dêr't myn frou bang foar is', sei er.

No, ik bin allinne fierder fytst. Ik moast allinne fierder nei De Westereen ta. Ik ried noch mar krekt, doe holden de plysjes my oan. Se seinen: 'Jo hawwe it ljocht der net op.' Ik sei: 'Jim binne de earsten dy't dêroer falle, jim meie it der ek op dwaan, foarút.' Mar dat foel ferkeard; de iene skreau, de oare socht. De remmen wienen net goed, de belle wie net goed, hy seit: 'Dit kostet jo wol 85 gûne.' Ik sei: 'It hinderet niks, as er saterdei mar wer klear is.' Dat doe bin ik ek wer fierder fytst.

Ik kom yn De Westereen, fyts oer de brêge en dêr hear ik ien razen: 'Hilf mich, hilf mich!' No, sa hyt ik net, dat ik fytste gewoan troch.

Mar ik tink der kin ek wolris ien yn 't kanaal lizze, doe bin ik noch even weromswaaid. Sa sjoch ik oer de râne en jonge ja, dêr lei ien yn it wetter te sparteljen en mar raze: 'Hilf mich, hilf mich!' Ik sei: 'Hiest mar swimmen leare moatten yn plaats fan Dútsk hjir te razen midden yn ’e nacht.' Ik sei: 'Ik kin ek net swimme, hearst my ek net razen wol?' Mar doe ha 'k him nei de kant ta lokke. En doe ha 'k him derút lutsen. Ik woe him net heal swimme litte dêr, sa wie it net.

Mar dan komme jo thús, hast fjouwer oeren te let. Dat hiel foarsichtich de achterdoar iepen. Yn 'e hûs. Yn 'e keamer, evensagoed de kop derby. Ik tink ik klaai my hjir út, want at ik dat boven foar 't bêd doch en de iene bokse heakket achter de oare: in protte lijen om neat. Dat ik ha my beneden reisfaardich makke. Sa kom ik troch de hal hinne en dêr hong in koekoeksklok, dêr wie ik ek altiten al ôfgryslike wiis mei. Dy ha 'k noch in slach op it skouder jûn. Ik sei: 'Bêste koekoeksklok fan my.' Mar doe't ik boven wie ha 'k him ferwinske. Want sa't ik hiel foarsichtich de sliepkeamerdoar iependoch, ropt hy fjouwer kear KOEKOEK, en dat raasde troch it hûs hinne. Dat doe ha ik bêst foetere, mar wer de kop derby en doe ha 'k sels noch acht kear KOEKOEK roppen. 'En no is 't tolve oere.' Dat wy ha ek noch knap sliept. Allinne de oare moarns sei de frou: 'Asto tiid oer hast, mocht wol eefkes de koekoeksklok nei de makker, want dy die it fannacht sa raar.' 'Noh,' sei ik, 'leave, dêr haw ik niks fan heard. Wat wie der dan mei ús koekoeksklok?' 'No,' sei se, 'earst rôp er fjouwer kear, toen flokte er twa kear en toen rôp er noch acht kear.’

Teake van der Meer 

 

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe) 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side