Beroerde tiden - Ate Grypstra

Koart ferhaal

Yntroduksje fan it ferhaal

As jim eartiids fier fuort moasten, foar famyljebesite of fakânsje bygelyks, hoe reizgen jimme doe?

Wêr gong de reis dan meastentiids hinne?

Wat kamen jim ûnderweis faak tsjin?

 

Nei ôfrin

Wêr wienen jo yn jo bernejierren wol gauris beroerd fan?

Wat fine jo it slimste fan de ‘krisis’ hjoed-de-dei?

 

Beroerde tiden

 'Wat steane hjir in protte hûzen te keap, heit.'

Heit knikte betochtsum en in sekonde lang liet er syn konsintrearre blik op de wei farre en bemeunstere my yn de binnenspegel. De yntins blauwe eagen, dy't my bemoedigjend en leafhawwend opnamen, de lange, bonkige boufakkerfingers, dy't sûnder erch in rideltsje op it stjoer begûnen te trommeljen, de swietrook fan syn aftershave; dat alles soe ûnder normale omstannichheden de potinsje hawwe kinne om in stikje autoriden de muoite wurdich te meitsjen.

Mar autoriden wie foar my noait in aardichheidsje. Benammen op langere einen wûn myn mislikens it alle kearen wer fan hokker gefoel fan behaachlikens en feiligens dan ek.

Wannear't it om famyljebesites fierder fuort yn it lân gie, moast ik der op syn minst ien kear út om de mei franjekrûd begroeide bermen lâns de wegen fan de Heare mei myn mage-ynhâld te bedekken.

Op de helletocht fan '84, op ús earste en iennige gesinsfakânsje nei Dútslân om krekt te wêzen, moast heit de donkerbrune Nissan Laurel op de hinnereis mar leafst acht kear oan de kant sette. En mar leafst seis kear krige ik de autodoar op 'e tiid iepen.

Wat de weromreis oanbelanget haw ik earlik sein de tel net byhâlden. Ik kin my dêr wier net folle mear fan tebinnenbringe as in oanhâldende stoarmfloed fan mislikens en (koarte!) tuskenskoften fan switterige, ôfwachtsjende ellinde. Dat alles omsluiere troch in grize mist dêr't sa no en dan de fonkeljende, stielblauwe eagen fan heit yn opljochten.

Oft syn blik doe ek noch bemoedigjend en leafhawwend wie? Ik doar it net mei wissigens te sizzen. Wat ik wol wit, is dat in fakânsje nei it bûtenlân neitiids noait wer im Frage west hat. Fan doe ôf oan waard it Appelskea, it Ronostrân en Lauwerseach.

Us wrâld waard ek bûten de fakânsjewiken beheind ta eintsjes autoriden fan maksimaal trije kertier. De ûnderfining hie útwiisd dat dêr it definitive omslachpunt lei. Net dat ik my earder noch net beroerd fielde, hear. Dat wie al nei op de kop ôf seis minuten. Nei achtentweintich en in heale minút moast ik myn eagen tichtdwaan en safolle mooglik troch de noas besykje te azemjen. Nei fjirtich minuten koenen alle oanwêzigen yn de auto harren mar te skrep sette.

Mem leaude net yn piltsjes. Gemyske troep, fûn se. Heit leaude net yn sa'n rubberen strookje datst ûnder de auto hingje moast. Oars net as byleauwe, hune er, as mem wer ris oppere dat it wier gjin kwea koe om sa'n anty-mislikheid-strip gewoan ris út te probearjen.

Hawar, myn weinsykte luts him fan gjin inkelde diskusje ek mar in sprút oan en regearre by 't eintsjebeslút as hear en master oer ús útgeanslibben. 

Hjoed stie der gelokkich gjin lange tocht op it programma. Ik soe útfanhûs by myn nichtsje Anneke en dat wie mar goed tweintich minuten riden. We soenen dus net iens oan it noas-azemjen takomme. As alles goed gie teminsten. Jo wisten ommers mar noait wat ferkearsgoaden foar jo yn petto hienen.

Myn mage spile al wol in skoftsje aardich op, mar ik besocht wat ôflieding te sykjen troch goed om my hinne te sjen yn de doarpkes dêr't we trochhinne rieden. Earst wie ik begûn mei it tellen fan lantearnepeallen (nei trijeënsechstich hie ik myn nocht), doe rjochte ik my op it tal reade auto's (njoggen; it wie blykber net in reade-auto-dei) en no wie ik dwaande mei it byhâlden fan it oantal te-keap-buorden. Ik siet al op fjirtjin en foar myn gefoel wie ik noch mar in pear minuten dwaande.

'Ja, leave, dat is sa', reagearre heit op myn opmerking. 'It binne beroerde tiden. Der binne op ’t heden in soad minsken dy't harren baan kwytreitsje en net mear genôch jild ha om de hypoteek te beteljen.'

Ik wist net presys wat dat wie, in hypoteek, mar fûn dat ik âld genôch wie om dat eins wol witte te moatten en frege dus mar neat.

'Rekket heit aanst syn baan miskien ek kwyt?'

Hy luts oan 'e skouders en rjochte syn blik wer op 'e dyk.

'Dat kinne je yn 'e bou noait mei sekerheid sizze', sei er. 'Mar it froastferlet leit alwer in skoftsje efter ús. En neffens de útfierder ha we foarearst noch genôch wurk.'

Moai, tocht ik. As heit him net drok makket, hoech ik dat al hielendal net te dwaan.

'Wol skande foar al dy minsken dy't harren baan en harren hûs kwytrekke binne', sei ik. 'Wêr moatte dy no hinne? Moatte se soms op strjitte libje?'

Ik tocht oan de swervers dy't ik wolris yn Ljouwert sjoen hie. Yn Grins skynden noch mear om te strunen, mar dêr kamen wy eins noait.

'Ha! Yn kartonnen doazen bedoelst?' frege heit mei twinkeljende eagen. 'Nee, hear. Se litte dy hjir net sa gau omkomme yn ús lantsje. En der binne altyd noch wol hierhûzen fansels.'

Wy hienen sels ek jierrenlang yn in hierhûs wenne, mar in bytsje timmerman boude syn eigen wente, fûn heit. En dat hied er op in stuit dus ek dien: in moai, frijsteand bungalowtsje yn in buert mei in soad beammen.

'Binne we der hast, heit?'

Ik seach yn de binnenspegel dat ik aardich wyt om 'e noas begûn te wurden. Dat wie heit ek net ûntkaam fansels en hy antwurde fluch: 'Ja, hear leave. In minútsje as fiif noch. Hast der oars wat sin oan?'

Ik knikte en slokte in pear kear foar't ik sei: 'Ja. Jawis! It is altyd hartstikkene leuk mei Anneke.'

'Moai. Minsken dêr'tst it goed mei fine kinst, moatst sunich op wêze.'

Ik miende wat fan in ûndertoan yn dy útspraak te merkbiten en betocht my ynienen dat heit eins hielendal gjin freonen hie. Allinne wat fage kunde en wat famyljeleden dêr't mem him sa no en dan tsjin syn sin hinne sleepte.

'Anneke is myn nichtsje én myn bêste freondinne. Hie heit ek in bêste freon doe't heit sa âld wie as ik?'

Opnij knikte er betochtsum en it duorre in pear sekonden foar't er antwurd joech.

'Ja. Evert-Jan hjitte er. In poerbêste jonge. Wy hienen altyd de grutste wille mei-inoar.'

'Wêr is hy keard dan?'

'Ferhuze. Ergens nei Hollân. Wy binne inoar út it each ferlern.'

'Mar jim hienen dochs belje kind? Of skriuwe? Of inoar ris opsykje? Utfanhûs miskien?'

Heit luts wer oan 'e skouders en brimde: 'Soms rinne de dingen no ienris oars.'

Ik woe eins wol wat op him omfoeterje fanwegen it feit dat er troch syn sleauwens syn freonskip ferspile hie, mar myn mage draaide syn safolste kwartslach en dat frege efkes myn folsleine konsintraasje. Ik knypte myn eagen ticht.

Aldergeloks sei heit efkes letter: 'Sa. Dêr wienen we al. En sûnder kleanskuorren gelokkich.'

Sûnder besmodske klean, bedoelde er grif, mar ik gie der fierder mar net op yn. Ik skuorde de doar iepen en liet de woldiedige frisse lucht myn longen yn streame.

Heit tilde myn grutte wykeintas út 'e kofferbak, aaide my efkes troch myn lange, ljochte hier en sei: 'No, jim moatte jim mar even moai fermeitsje, famke. Sneintejûn helje ik dy wer op. Rekkenje mar op in oere as acht, okee?'

Ik wist dat it gjin sin hie om te freegjen oft er ek efkes mei nei binnen kaam en dus krûpte ik him noch gau oan en liet him wer ynstappe. Oan 'e ein fan 'e strjitte drukte er noch ien kear koart op de klakson. Doe draaide ik my om en sleepte myn swiere tas rjochting Anneke har hûs. It foel my ynienen op dat der by de buorren ek in grut ferkeapboerd yn 'e tún stie. Myn mislikens saksearre mar hiel súntsjesoan.

 

By it jûnsiten kaam it op de ien of oare manier wer te praat dat ik ûnderweis sa'n soad hûzen sjoen hie dy't te keap stienen.

'Och ja,' sei Wytse, Anneke har âldere broer, tusken twa happen makaroany troch, 'it is krisis, hin? Wol mear as fjouwerhûndertfyftichtûzen wurkleazen, seinen se juster op it sjoernaal.'

'De wrâldekonomy sit al jierren yn ’e nederklits', brimde Anneke har heit. 'Allegear Thatcher har skuld. Tegearre mei Reagan fansels. Frije merk, privatisearring ... no, wy sjogge oeral om ús hinne wat dat rjochtse gedoch opsmyt.'

Ik seach Anneke efkes oan mei in grut fraachteken yn myn eagen en glimke om't se krekt die as oft se ferskriklik bot gapje moast.

'No, hâld mar gau op mei dy ynteressant-doggerij fan jimme', sei Anneke har mem. 'Witst wat ik folle slimmer fyn? Dat sa'n gek yn it Kremlin samar op dy reade knop drukke kin en de komplete wrâld opblaze kin.'

Myn fraachteken feroare op slach yn in enoarm útropteken. Ik seach myn nichtsje oan mei wiid iepenskuorde eagen. Se wie ophâlden fan gapjen.

'Ha!' skampere Wytse. 'As oft dy gekken yn it Wite Hûs net krekt sa'n reade knop hawwe. Mem moat neat fan dy kommunistebinde ha, dat wit ik mar al te goed. Mar nim mar fan my oan dat dy kapitalistyske klyk dêr yn Amearika sawat like idioat yn 'e kop is en by it minste de hiele planeet yn in nukleêre winter ûnderdompelje soe.'

Ik krige ynienen gjin hap mear troch de kiel.

'Wat bist wyt om 'e snút, sis', murk Anneke besoarge op.

 Jûns let om healwei tolven kaam heit wer om my op te heljen. Oardel dei earder as dat de bedoeling wie. Ik hie gjin wink yn 'e eagen krije kinnen. Seach yn it tsjuster grutte poddestoelwolken op it sliepkeamersbehang ferskinen. Hearde it lûd fan strieljagers en wist foar de folle hûndert prosint seker dat de tredde wrâldoarloch útbrutsen wie. Ik die oars net as janke en fielde my dêr yn Anneke har lytse, benaude sliepkeamer beroerder as dat ik oait yn ús heit syn Nissan Laurel west hie.

 En heit? Dy liet my earst ris djip sykhelje yn 'e koele nachtlucht. Doe aaide er my troch it lange, ljochte hier mei syn bonkige boufakkerfingers en sei: 'Gean mar gau sitten, leave. Oer tweintich minuten binne we wer thús.'

 Ate Grypstra

 

Sjoch foar de printferzy fan it ferhaal by de download (op desktop pc rjochtsboppe)

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side