Ruilferkaveling - Auck Peanstra

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

It Fryske lânskip is altiten yn beweging, sa wurde der no wer allerhande wegen oanlein. Oan hokker plakje hawwe jo/jim moaie oantinkens?

Bestiet dat lân noch altyd of is it ûnderwilens ek feroare?

  

Nei ôfrin

Wat hat de ruilferkaveling by jo/jim yn de buert feroare?

Wat fine jo/jim fan de hjoeddeistige feroarings yn it lânskip, sa as de oanlis fan wegen? (N381, Heak om Ljouwert, Sintrale As)

 

Ruilferkaveling

 Ein jierren fyftich foel it wurd ‘ruilferkaveling’ geregeld yn petearen by ús thús. Ik wie noch mar sa’n bern, in jier as seis, en hie gjin idee wat it ynhold, mar it klonk magysk. Us heit-en-dy wiene jong, dy seagen út nei de nije tiid: it modernisearjen fan it boerebedriuw. Pake wie fan keuterboerke yn Grou promovearre ta grutboer op de Iepleats op Sitebuorren. Heit soe de tradysje trochsette: grutter, better. Ruilferkaveling: in wurd dat heit en mem ynlústere waard troch de lânboufoarljochting. Dat soe de takomst wurde.

 Wy wennen midden yn it Fryske wetterlân. De pleats wie allinne oer it wetter te berikken, ús boat de ferbining tusken doarp en hiem. Foar hûs hiene we it útsjoch op stikken bûtlân dy’t hjerstmis by heech wetter ûnderrûnen, troch ús ‘de pôle’ en ‘it fintsje’ neamd. Winterdeis wiene it prachtige iisbanen foar ús as boerebern. Mem bûn my yn de keuken de redens ûnder, sjoude my oer it hiem nei it iis en hearde my de hiele dei net wer.

 Njonken hûs lei dat heimsinnich moeras, sa’t ik dat neamde. It wie in tichtgroeide haven dêr’t earder de preammen mei hea hast oan de skuordoarren ta fearn waarden. Wat wie it spannend om dêr tusken dy reiden te swalkjen, dat sodzjen fan dy wiet weagjende grûn. It mocht net heal fan mem, mar as se net seach die ik it stikem dochs.

 De wylde planten dy’t dêr groeiden, de rook fan moassige grûn. Gefaarlik, koest sa troch de woartelflier hinne sjitte, dan hiest de learzen fol. En wêr’tst dan bedarrest? By beppe kelder, sei ús mem. Ik hie gjin idee wat dat wie, mar it klonk eang.

 Oan de súdkant fan de pleats leine de greiden oan de Ie. By de polderdyk stie it gemaal dat it wetter yn de polder op feilige hichte hâlde moast. Dy polderdiken, ik sjoch noch dat wetter hjerstmis by heech wetter siperjen, as spûnzen wiene se en der wie altyd gefaar dat se trochbrekke soene.

 Mar dat alles foel yn it neat by it lân achter de pleats, want fier achter ús stee dêr leine de Hege Warren! Dêr hold foar my de wrâld op en begûn in wyld, ûnherberchsum gebiet. Ik koe it inkeld út de ferhalen, dêr komme mocht ik net, sa fier mocht ik net fan hûs. Allinne as ik op sneintejûn feilich tusken heit en mem yn in kuier makke troch de greiden om te sjen hoe’t alles derby stie, mocht ik myn eagen gean litte oer dy woeste oarde. Uneinich fier lân, de begroeiïng rûch, hjir en dêr boskjeguod fan âlde petgatten. Foar my rôp it in byld op as de prairies yn Amearika. Dêr libben de wylde bisten, libbensgefaarlik terrein foar minsken as wy. It wie in plak dat fantasije oprôp, Hege Warren wie foar my de namme fan in spannende film.

 Hielendal achter de Hege Warren lei de Headammen - ûnberikber fier foar ús eagen yn dy tiid - dêr moast in brêge wêze dy’t ús eilân mei de fêste wâl ferbûn. By de Kromme Ie del meändere in modderpaad, de Aldegeaster Heawei, dy’t allinne by ’t simmer te begean wie. In karrepaad foar de boeren dy’t it simmerfretten mei hynder-en-wein nei de Wâlden ferfierden. Dat hearde ik út ferhalen, wy hiene gjin gedoente mei dy wâldsjers dy’t sa eigenaardich praten mei harren hy en sy. Dêr wie op in dei dat meunster wei kommen, dy trekker dy’t it wurk fan ús hynders oernimme soe en foar my de befêstiging wie fan dy ûnherberchsume oarde, dêr’t ûnhuere figueren taholden.

 De nije tiid begûn foar my mei it opheegjen fan de polderdiken. Mei swiere seeklaai waarden se fersterke; wy sochten de skulpen foar’t it gers se foar ivich foar it sicht ferburgen. Ik sjoch noch skipper Liuwe de Vries mei syn kroaden wrotten, syn frou dy’t likehurd meibealge, dat frjemde dochterke dat sa oars wenne en boarte as ik. De dyk troch de Burd dy’t al earder yn it ramt fan de ruilferkaveling oanlein wie. Wy krigen in auto; oare kant de feart waard in hok timmere as ûnderdak. Ek de brommers fan myn bruorren en myn fyts koene dêr yn skûlje.

 Op in dei kaam it grutte nijs: der komt in dyk troch de Hege Warren! Noch altyd hie ik gjin weet fan wat ruilferkaveling ynhold. Der waard sein dat der nije boeren yn de Hege Warren komme soene, boeren dy’t troch datselde yllústere plan net langer buorkje koene op harren bertegrûn, mar harren heil sykje moasten yn de Kwartsjelannen, sa’t de Hege Warren ek wol neamd waard. De Kwartsjelannen, dy’t eartiids allinne troch aaisikers besocht wurde mochten nei it beteljen fan in kwartsje. Hoe’t dat gie? Ik ha gjin idee, mar yn myn fantasije siet der in man op de daam by in taffeltsje, krekt as de poetsfrou by de húskes. De dyk dy’t makke dat ús Ford Anglia thús op it hiem stean koe, in wûnder!

 De nearingdwaanden dy’t harren hannelsgebiet útwreiden mei de nije boeren. Grienteboer De Haan fan Aldegea, as hy by de doar kaam stiene we der allegear op kop en earen by. ‘Oh, mem, lekkere apels! Oh, mem, lekker!’ Us mem dy’t net it autoriden learde mar in soleks krige, sa koe se sûnder gedoch mei skou en pont streekrjocht nei de bakker yn it neistlizzende doarp Aldegea tuffe. Wat wie dat prachtich boartersguod foar bern as wy. Earst as in gek fytse om wat gong te krijen, dan de motor derop en ôfwachtsje oft er oansloech. En dan koest de wrâld út ride, teminsten as der gjin plysje te sjen wie, want we hiene de leeftyd noch net en holden de dyk skerp yn de gaten.

 De wrâld dy’t grutter wurde soe, mar ek lytser. Frjemden dy’t samar by ús it hiem op strûsden, hoe doarden se! Myn wrâld wie net langer de feilige oarde dêr’t ik dwaan en litte koe sûnder dat der frjemde eagen oer giene. Wat fielde ik my betrape as ik mei myn geit te kuierjen gie en minsken dêr om glimken. Beskamsum fielde ik my, behindere. Dy wylde pôle achter it âld bargehok dêr’t âld ark syn lêste dagen sliet, mei leafde oerdutsen troch brannettels en oar planteguod, moast wike foar asfalt. It fielde foar my as in gemis. Dat boerd mei dy symboalyske tekst: Doodlopende weg. De sneinsriders dy’t ús steefêst fregen: ‘Hâldt de dyk hjir op?’ Dy’t we earst hertlik te wurd stiene: ‘Ja, jim kinne hjir net fierder.’ Letter hiene we ús nocht derfan, makken dat we fuortkamen as der wer fan dy frjemde snuters it paad fregen.

 Mar net allinne rampspoed, der wiene ek moaie dingen. We koene samar op de fyts om in ijsko nei it âlde kafee fan de famylje Liemburg op de Headammen: dy dûnkere houten flier, dy frjemde rook dy’t dêr yn dy skimerige seal hong, in rook fan ferbeane dingen, mar sa spannend. De caravan dy’t op in dei by ús efter in boskje yn it lân stie. Skruten giene we op besite, de minsken wiene wat neier as poerfrjemd: fiere famylje út de stêd Grins, dy’t hjir de wykeinen trochbrocht. We kamen yn de kunde mei in oar libben: gjin bûter op de bôle, mar guod út in blikje: campingmargarine. It klonk himelsk. In frou dy’t samar yn de ûnderbroek op in linnen stuoltsje bûtendoar siet, we doarsten hast net nei har krús te sjen dêr’t swarte hierkes om it broekje krollen. Raar! Mar sy fûn it gewoan, dat wy ek, op it lêst.

 Stadich seagen wy de takomst tichterby kommen. It wiene grutte graafmasines dy’t it lân fernielden. De meunsters út myn dreamen, mar dan oars. Achter dy fernielers rieden de frachtweinen mei pún en oare rommel dy’t as fundaasje foar it asfalt op de feangrûn tsjinje moasten. Stikem rûnen we jûns in eintsje dy kant út, mar noait fier, it rûn net sa noflik. It wie it wachtsjen op it ultime momint: sjen wat der werklik tahold yn dy Hege Warren, de ferburgen wrâld soe einlings foar my bleatlein wurde.

 En op in dei wie it safier. Heit, dy’t de auto foar de earste kear nei hûs ta ried mei my op de achterbank. De rit troch de Burd, troch it Hoflân fan Grou nei Warten, fan Warten nei Garyp en troch nei Aldegea. Yn Aldegea de ôfslach nei de Headammen en dan nei... de Hege Warren. Ik pisse hast yn de broek, sa spannend fûn ik it. In dream dy’t werklikheid wurde soe.

 It wie wol in dream, mar dan in dream dêr’t ik út holpen waard. De Hege Warren wie net dat woeste gebiet sa’t dat yn myn holle libbe, it wie deagewoan lân. Lân mei flakke griene greiden, mei lange rjochte sleatten yn in fêstlein stramyn. Gjin wylde bisten, gjin meunsters. Of dochs? Dy nije pleatsen yn oanbou, allegear deselde boustyl en dy’t yn in pear wike tiid stiene. Gjin grisseltsje fantasije. De langferwachte reis dy’t feroare yn in desyllúzje. Yn myn tinzen kin ik it lân fan myn bernejierren weromfine, yn it echt bestiet it net mear. 

Ruilferkaveling, in wurd dat geregeld falt as we as famylje byelkoar sitte en der oer earder praat wurdt. Foarútgong? Takomst? Tiden ha tiden, guon greiden binne tsjintwurdich wer feroare yn kwartsjelannen, mar dan fergees...

Auck Peanstra

 

Sjoch foar de printferzy fan it ferhaal by de download (op desktop pc rjochtsboppe)

Mear ynformaasje oer ruilferkaveling yn Fryslân

Landschapsgeschiedenis

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side