Help - Mindert Wijnstra
Koart ferhaal
Yntroduksje fan it ferhaal
Nim in ôfwasktobke mei en - as it noch te krijen is - sa'n âlderwetske sjippeklopper
Freegje: wa hat/hie in hekel oan ôfwaskjen?
Wa lit/liet it wolris in dei stean?
Nei it ferhaal
Wa wurdt wolris ferkeard begrepen?
Wa hat wolris wat meimakke dat oaren net leauwe woenen of koenen?
Help
Minke hjitte se. Alde Minke, seinen de minsken op ’e buert, mar sa âld wie se noch net iens. Yn jannewaris wie se 75 wurden, om krekt te wêzen. Lykwols, se fielde har folle jonger en se wie noch goed by de tiid.
De dei nei har jierdei wie it allegear begûn, no hast in jier lyn.
Minke wenne allinnich. Har man wie al fiif jier wei. Se miste him noch alle dagen, mar se rêde har bêst yn it lytse hûske oan de râne fan de bosk.
De jierdei hie gesellich west. Hester, har dochter, wie delkaam mei de beide beppesizzers en der hienen wat buorlju en kunde op besite west. Minke hie de hiele dei oanrin hân. Dat hie se ek wol ferwachte en se hie der klear foar west. Genôch yn ’e hûs. Tefolle sels. Doe’t de lêste besite ôfset wie, stie der noch in grou stik gebak op ’e tafel. Minke wie sa oanein fan alle drokte, dat se liet it mar stean. Oan ôfwaskjen kaam se ek net mear ta.
Se sette de smoarge brut op it oanrjocht en gong op bêd, deawurch mar foldien.
Doe’t se de oare moarns fan ’t bêd ôf kaam, seach se ta har grutte ferheardens dat it oanrjocht skjin en oan kant wie. Al it glêswurk en diggelguod wie ôfwosken en yn de kast teplak set. De keamer wie opromme en it gebak wie ferdwûn. Minke koe net betinke wa’t dat foar har dien hie. Hester net. Dy wenne net yn de buert. Mar wa dan? Wa koe yn ’e hûs komme en wa soe soks foar har dwaan?
De hiele dei briek se har de kop deroer, mar se koe der mei har ferstân net by.
Om de proef op ’e som te nimmen gong se nei de bakker en kocht twa stikken gebak. It iene iet se op, it oare liet se stean. Se wosk dy deis neat ôf, mar liet alles wer smoarch achter op it oanrjocht. Doe’t se op bêd gong, liet se de doar fan de sliepkeamer in eintsje oanstean. Lizzendewei koe se sa de keamer yn it each hâlde. Sa koe se sjen wat dêr barde.
Mar der barde neat. Oeren gongen foarby. Minke begûn al oan harsels te twifeljen. Hie se de foarige deis miskien dochs sels dat lêste gebak noch opiten en de ôfwask dien? Waard se wat ferjitlik?
Se koe de eagen op it lêst hast net mear iepenhâlde.
Mar doe, om middernacht hinne, skrille se ynienen wekker fan in fyn lûdsje. It hearde as it tikjen fan in foarke op in pantsje. As siet der ien oan it gebak…
Minke kaam heal oerein en kipe troch de kier. Doe seach se him. In kabouter! Hy stie by it taffeltsje en wurke it gebak yn sân hasten nei binnen. It wie in grou stik foar sa’n lyts mantsje, mar hy wist der wol ried mei.
Doe’t er alles behimmele hie, draafde er nei de keuken. Minke hearde in stoel skowen oer de tegelflier en eefkes letter it lûd fan kletterjend wetter en sopjen.
Hoeden liet se har fan ’t bêd glide en slûpte nei de keamer. Dêrwei koe se him stean sjen. Se doarde amper te sykheljen en folge mei grutte eagen de meneuvels fan it lytse keardeltsje. Fol bewûndering seach se hoe handich it him allegear ôfgong. As in betûfte húsfrou spielde er earst al it diggelguod foar en wosk it dêrnei sekuer ôf. Yn in omsjoch wie er klear. De skûteldoek hong er wer op it heakje, de glêzen en it oare guod sette er yn de kast.
Sûnder lûd te meitsjen slûpte Minke wer nei har bêd, se woe him no leaver net oer it mêd komme. Dit is my in aardichheid, tocht se, hjir ha ’k alle dagen wol in stik gebak foar oer.
De oare deis kocht se wer twa stikken gebak en liet de ôfwask wer op it oanrjocht stean. Dizze kear wie it net safolle, dat se betocht der noch wat oar wurk by. Se sette in amer mei sjipsop klear, lei der in skrobber en in dweil by en wachte ôf. En wat se al hope hie, barde. Om middernacht kaam de kabouter de keamer yn, skrokte it gebak op en draafde nei de keuken. In pear tellen letter hearde se him al skrobjen en bjinnen.
De oare deis blonk de flier fan de keuken har temjitte, dy hie noch noait sa skjin west.
Hjir ha ’k in bêsten oan, tocht Minke. Ik sil soargje dat ik him it lekkerste gebak foarset, dat fertsjinnet er dûbel en dwers.
Tenei kocht se alle dagen twa flinke stikken gebak. Se tocht ek goed om harsels. En watfoar wurk se ek klearsette, it makke net út. Waskje, strike, ierpelskile, spinreagje, ruten himmelje, stofsûgje…, de oare deis wie alles dien en kreas oan kant.
It duorre net lang of Minke fierde sels gjin klap mear út. Se lei de hiele dei op ’e bank, iet har gebak op en seach wat nei de televyzje. Dat hie fangefolgen dat se aardich oankaam. Yn it earst foel dat noch net sa op. Hester hie alris sein dat har mem der sa goed útseach, mar dat wie gjin reden om har soargen te meitsjen. Nei ferrin fan tiid lykwols pasten de klean har net mear en naam Hester har mei nei de stêd om wat nijs. De dochter fernuvere har der oer, dat Minke de grutste maten noch mar amper oankrije koe. Foarhinne hie har mem mar in fyn wyfke west. Doogde dat wol?
In wike letter naam Hester har mei nei de dokter. It koe ommers wol sûkersykte wêze, of wat oars. Mar de dokter koe neat bysûnders fine, útsein dan dat se te swier wie.
‘Mem moat wat mear bewege’, woe Hester ha, ‘mem moat de doar ris út.’
‘Ik rin alle dagen op en del nei de bakker’, suchte Minke, ‘mear as genôch.’
‘Kin mem it wurk yn ’e hûs noch wol oan? Oars keapje ik wol in ôfwaskmasine foar mem, dan hat mem dêr gjin wurk mear fan.’
‘Gjin drokte’, grommele Minke, ‘ik rêd my wol, salang’t dy eh… dy help der is.’
‘Help? Hat mem help oan hûs? Dêr wist ik neat fan. Wannear komt dy dan?’
‘Nachts.’
‘Nachts?’ Hester seach har mem ûndersykjend oan. Doogde se noch wol? Se begûn der wat frjemd yn om te praten.
De deis foar krysttyd kaam Hester mei de beide jonges by Minke. Se soenen der in nacht bliuwe. Minke hie der net folle oan dien om it hûs gesellich te meitsjen, mar Hester kaam mei in auto fol guod. Tûken, ljochtsjes, kearsen en de beide kryststikjes dy’t de bern op skoalle makke hienen. Doe’t se de auto leech hie, ried se nei de bakker om wat lekkers. Se kocht in krystbôle, in krâns, sûkelade en snobberij yn alle maten en soarten.
‘Nimme jo it gebak ek mei?’, frege de bakker.
‘Gebak? Watfoar gebak?’, woe Hester witte.
‘Dizze stikken.’ De bakker sette it gebak op de toanbank. ‘Jo mem hellet alle dagen twa stikken gebak. Ik hie se al klearstean.’
Hester seach de man fernuvere oan. ‘Alle dagen?’
‘Alle dagen. No ja, útsein sneons. Dan hellet se fjouwer stikken.’ De bakker bûgde foaroer, heal oer de toanbank hinne, en flústere: ‘Jo mem hat in freon… of wisten jo dat net?’ Hy knypeage. ‘Moai, no?’
‘Goed’, suchte Hester, ‘jou dat gebak ek mar mei.’
Hester lei de boadskippen op it oanrjocht. Se pakte twa pantsjes, helle it gebak út de doaze en sette de beide stikken op de tafel.
‘Dit hie de bakker al klearstean’, sei se.
‘O ja’, mompele Minke, ‘dy hie ’k besteld.’
‘Foar wa?’ Hester seach har mem skerp oan.
‘Foar eh… foar de krystdagen.’
‘Foar de jonges?’ Hester skodholle. ‘Mem…, foar wa hellet mem alle dagen gebak?’
Minke sloech de eagen del. ‘Foar de help… ha ’k dy alris ferteld… ik ha in help yn de húshâlding.’
‘Nachts?’
‘Nachts, ja.’
‘Mem? Mem hoecht it foar my dochs net stil te hâlden? Earlik sizze… hat mem in freon?’
‘Ja, ast it sa neame wolst, in freon, ja.’ Minke suchte. ‘Moatst der neat achter sykje, hear. It is mar in lyts keardeltsje.’
Hester glimke eefkes. ‘Heit wie ek net sa grut.’ Se streake mei de hân oer Minke har earm. ‘Ik fyn it moai foar mem, hear. Earlik wier. Mar wêrom hat mem ús der noait wat fan ferteld?’
‘Ik woe it noch gjin wurd ha’, skodholle Minke, ‘foardatst it witst, rabbet it hiele doarp der oer.’
‘De bakker wit it al.’
Minke knikte. ‘Ik ha my in kear ferpraat.’
Se soe noch mear sizze, mar op dat stuit kamen de jonges de keamer ynstowen. ‘Sjoch, beppe! Wy ha kryststikjes makke op skoalle. Moai, hen? Foar beppe. Sille wy se hjir mar delsette? Ha, taart! Wouw, lekker…, foar ús?’
Minke knikte. Se wie bliid dat se ûnder it ferhoar wei koe. De jonges foelen fuortdaalk op it gebak oan. ‘Nei de krystdagen geane wy op wintersport’, sei de jongste, mei de mûle fol. De slachrjemme siet him ûnder de noas. ‘Beppe soe ek wol mei wolle, tink?’, frege de oare. Minke knikte ôfwêzich.
‘Mar ik bin bang dat beppe net mear yn de skylift past’, lake er.
‘Beppe hat oare dingen oan ’e holle’, kaam Hester dertusken. ‘Jim moatte har mar net pleagje.’
Doe’t de jonges de keamer wer út wienen, sette se de lege pantsjes op it oanrjocht. ‘Hoe komt it no?’ Hester wiisde op de pantsjes. ‘Komt er fannacht ek?’
Minke skodholle. ‘It is no krysttyd… hy moat mar in kear oerslaan. Hy sil it wol begripe.’
‘Hoe hjit er?’, woe Hester witte.
Minke luts oan ’e skouders. ‘Wit ik net.’
‘Wit mem dat net?’ Hester seach har mem ferbjustere oan. ‘Hy komt hjir alle dagen en mem wit net iens hoe’t er hjit?’
Hester woe noch folle mear witte, mar har mem ûntwykte alle fragen. Op it lêst liet se it mar gewurde. Minke wie finaal yn ’e war, dat wie wol dúdlik. Hjir moast help komme, dit koe sa net langer. It beroerde wie dat sy no krekt op fakânsje soenen, daalk nei de krystdagen.
Hester socht de telefoannûmers op fan soarchynstânsjes en sette se yn har mobyltsje.
Dy jûns woe it net echt gesellich mear wurde. Se dienen in pear spultsjes mei de bern, mar Minke hie de kop der net rjocht by. Hester ek net. De jonges fernamen it wol. Healwei de jûn woenen se al op bêd. Minke en Hester hongen noch in oerke foar de televyzje. Doe joegen se har ek mar del.
Doe’t Hester de oare moarns de keamer ynkaam, stie Minke dêr yn de nachtklean, gûlend, mei de hannen yn it hier. Om har hinne wie it ien grutte gaos fan stikken diggelguod, blompotten, glêswurk en bestek. Stuollen leinen om, de kasten stienen iepen, de gerdinen wienen foar de ruten weiskuord en leinen as fodden oer de grûn.
‘Mem!’, rôp Hester ferbjustere, ‘wat no? Wat hat mem no dien?’
Minke seach har ferslein oan. ‘De kabouter’, stammere se, ‘dit hat de kabouter dien.’
Hester sloech in earm om har mem hinne, fage mei de oare hân in pear triennen fuort. ‘In kabouter?’
Minke knikte. ‘It gebak…’, snokte se, ‘it gebak wie op. Dêrom.’
Mei de frije hân sette Hester in stoel rjochtop. ‘Gean earst mar eefkes sitten. Ik sil in gleske wetter helje.’ Wylst se in glês omspielde, sette se har mobyltsje oan.
Minke koe it glês sels net beethâlde, sa skodde se. Hester liet har in slokje drinke en streake har mem oer it hier. ‘Giet it wer in bytsje? Bliuw hjir mar eefkes sitten. Ik sil daalk wat regelje.’
Yn de keuken toetste Hester it nûmer yn. Earste krystdei, tocht se noch, mar der waard daalk opnommen.
‘Goeiemoarn. Mei Janny de Jong, Krisisopfang Fryslân.’
Mindert Wijnstra
Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)