Foarlêze & Fertelle

Foarlêze & Fertelle in gearwurking tusken skoalbern en âlderein 

Wa fynt it net aardich om foarlêzen te wurden! Troch ferhalen foar te lêzen en dêrneist te fertellen binne minsken mear belutsen by it groepsbarren en wurde faak ek eigen ferhalen ûntwikkele. De ferhaleboekjes dy’t foar Dat wie doe sa makke binne meitsje dit op in tagonglike wize mooglik. Fan 2009 ôf binne der ek koarte ferhalen skreaun dy’t oanslute by de kanon fan de Fryske skiednis foar it basisûnderwiis (www.11en30.nu).

Oan de hân fan dizze ferhalen kinne aktiviteiten opset wurde mei de skoallen yn de regio. Wat soe it moai wêze as learlingen ferhalen foarlêze en dêrnei mei de âlderein yn petear geane oer it ferline. De fragen dy't as yntroduksje en ôfsluting oanbean wurde by elts ferhaal kinne dêrby helpe. De bern leare der grif in soad fan en mei de âlderein belibje sy in moaie en weardefolle dei!

De byhearrende opdrachtkaart mei mear ynformaasje kin rjochtsboppe downloaden wurde. 

Genietsje, doch mei én ... meitsje de ferhalen bysûnder! 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side