De reep - Thys Wadman

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal:

Komme jim wolris by elkoar op ’e kofje?

Wêr hawwe jim it dan oer?

Of giet it meastentiids oer watfoar kwalen oft jim hawwe?

 

Nei it ferhaal:

Is dit tehûs dêr’t jo no wenje foar jo ek in thús?

Jetske hat sûker. Miskien binne der hjir ek guon dy’t dat hawwe. Wat betsjut dat foar jo?

Yn dit ferhaal giet de pesterij wol fier. Hoe geane jim om mei it pleagjen fan in oar?

 

De reep

 'Sjoch Jetske! Ik haw wer wat lekkers meinommen!'

Yn har iene hân hie se in gebaksdoaske en yn de oare hân de sûkeladereep.

Ik seach nei de klok yn de keuken. Kertier oer njoggenen noch mar. Akke wie betiid. En it like wol oft se elke dei betider kaam. Mei har gebakjes. En mei de reep. Altyd naam se wat mei. Noait kaam se mei lege hannen.

'Jo binne mar betiid, hjoed', sei ik.

'Ja', sei se, 'want it wurdt hjoed prachtich waar! Wy kinne moai fuortendaliks nei jo terras op it balkon. Lekker kofjedrinke yn 'e sinne!'

Ik kaam stadich oerein út myn stoel en socht hâldfêst by myn rollator.

Doe stuts ik, krekt as oars, myn hân út en pakte de reep oan. It wie in grutten, dizze kear. En in echten. Gjin eigen merk-rommel, mar sa'n djoeren, fan Verkade. Ik die him yn it kuorke fan myn rollator.

'Giet it wat, Jetske?', frege Akke besoarge.

'Ja, hear! It giet bêst!', sei ik.

Dat wie net wier. Myn fuotten wienen dik en se dienen sear, mar dat sei ik net. Dat hoegde Akke net te witten.

'En hoe is it mei de sûker?', frege se.

'Itselde', sei ik, 'as jo ien kear sûker hawwe, dan hâlde je dat. Dêr komme je ek net mear fan ôf.'

Akke knikte. 'Ja. 't Is wat! Mei dy sûker.'

Se wie even stil. Doe frege se: 'Sil ik mar wer even kofjesette?'

'Ja, da's goed', sei ik, 'jo witte wol wêr't it stiet.'

'Ja, sekuer!', sei se, 'ik kin it paad hjir by jo sa njonkenlytsen al blyn fine!' Se lake.

Even letter hearde ik har yn de keuken ompielen mei kopkes en pantsjes.

Ik die de doar nei it balkon fan it slot. De túnstuollen stienen der noch. Se wienen noch wiet fan 'e dauwe. Mei in doekje fage ik se droech. Dêrnei helle ik de kessens út de keamer en lei se op de beide stuollen. Ik wie krekt klear, doe't Akke mei de kofje oanrinnen kaam.

'Gean mar lekker sitten, Jetske!', sei se, 'dan sille wy earst mar ris even in bakje dwaan!'

Ik gong sitten. Akke net. Dy bleau stean, mei it blêd yn har hannen.

Ik seach har oan.

'Wat is der?', frege ik.

'Eh... de stoel! Jo sitte yn myn stoel! Dêr sit ik ommers altyd!'

'Jo stoel?', sei ik. Ik seach har oan. Wat bedoelde se?

Mar Akke sei neat en bleau stean. Mei har holle knikte se nei de oare túnstoel. Ik gong oerein en liet my stadich yn de oare stoel sakje.

'Krekt, dat bedoelde ik!', sei Akke. Se sette it blêd mei de kofje en de taartsjes op it taffeltsje en gong yn myn stoel sitten. Of, om krekt te wêzen, de stoel fan Jelle.

It wie yndie prachtich waar. De sinne skynde al op myn hiele terras.

'Wat hawwe jo hjir dochs in prachtich plakje, Jetske!', sei Akke, 'folle moaier as dat balkon fan my. Ik haw allinnich mar skaad. En der is by my ek hielendal neat te sjen.'

Ik sei neat. Dit hie 'k al ris faker heard. Ik fûn it ek in moaie flat. Mar Jelle net. Dy hie him hjir eins nea thús field. Hy fûn de flat te djoer. En hy hie folle leaver in oanleunwenninkje mei in túntsje hân. Mar doe't hy dy lêste moannen op bêd lizze moast, fûn hy it útsicht hjir dochs wol moai. En sûnt hy wei wie, wie ik bliid dat ik op twaheech wenne. Dat wie wol sa feilich, foar in frou allinnich. Jo hearden ommers somtiden sokke frjemde ferhalen.

'Noch in bakje, Jetske?' Ik skrok. De skelle stim fan Akke brocht my werom op myn balkon.

'En jo hawwe jo taartsje noch net iens opiten!', sei se. Se pakte it pantsje fan de tafel en woe it yn myn hannen triuwe. ''t Is lekker, hear! Mei échte slachrjemme!'

It like derop dat ik der no net omhinne koe. Ik soe it no wol opite moatte.

'Daliks, Akke', sei ik, 'ik moat earst even nei it húske.'

Ik gong oerein en rûn achter myn rollator stadich nei de badkeamer.

Ik hoegde hielendal net nei it húske. Mar sa koe ik de reep moai even fuortbringe. Nei myn repe-kast, yn de gong. Doe't ik weromkaam, siet Akke mei har beide fuotten op myn stoel.

'O, dêr wiene jo al wer! Ik tocht al: wat duorret Jetske lang! It giet mar stadich, net? En it wurdt ek net better, sjoch ik wol. Komt dat troch dy dikke fuotten? Of hat dat ek mei de sûker te krijen?'

Ik sei neat. Dêr hie se neat mei te meitsjen, fûn ik.

Ik siet noch mar krekt, doe't Akke der wer oer begûn.

'As dat treprinnen mei dy dikke fuotten fan jo swierrichheden jout, dan soene jo miskien better in oare flat sykje kinne. Myn flat, bygelyks. Moai alles ûnder. Ticht by de foardoar en ticht by it winkeltsje!'

Ik seach har oan. Treprinne, sei se? Dat die ik noait. En dat hoegde ek net, want der wie ommers wol in lift.

Ik wist wol wat se yn it sin hie. Sy woe myn flat wol hawwe. Myn flat, mei myn moaie balkon, myn romme terras en myn prachtige útsicht. En hielendal frij. As je woene, koene je dêr wol neaken sitte. Nimmen dy't jo sjen koe.

'Jo soene it in stik makliker hawwe, Jetske', gong Akke fierder, 'liket it jo net wat? Ruilje? Jo yn myn flat en ik yn jo flat!'

Ik hie no fansels sizze kind dat ik dat nea dwaan soe. Dat ik my hjir thús fielde. En dat ik net fuort woe fan dit plakje, dêr't ik mei Jelle noch sokke moaie dagen hân hie.

Mar ik sei it net. Ik helle myn skouders op.

'Ik wit it net', sei ik, 'miskien hawwe jo gelyk en is dat wol better. Ik sil der oer neitinke.'

Akke knikte. 'Mar jo moatte it sels wolle, Jetske', sei se, 'want ik wol jo fansels net út jo flat prate!' It wie even stil. Akke gong oerein en pakte de beide kofjekopkes.

'Mar ik fyn it plakje wol prachtich! Ik soe hjir bêst wenje kinne!'

Se lake wer even nei my. Ik soe werom laitsje, mar it woe net.

Ik seach hoe't se nei de keuken rûn en dêr de beide kofjekopkes folgeat. Dêrnei die se fjouwer sûkerklûntsjes yn myn kopke.

Ik draaide my om en die myn eagen ticht. It wie noch betiid op 'e moarn, mar de sinne skynde al fel. In prachtich plakje hie 'k. De hiele dei sinne. En Akke. Ik tocht nei. Oer Akke. Oer wat se woe. En wat se die. Dy Akke wie dus in kring. In rotmins, dat wie it.

'Ik haw jo leppeltsje yn de keuken lizze litten. Mar ik haw al even foar jo ret, hear!', sei Akke, doe’t se werom wie.

En doe, doe wie ik der eins al wis fan. Akke woe my út myn flat hawwe.

'Tankewol, Akke!', sei ik, 'ik fyn it moai dat jo sa goed om my tinke.'

'Sil ik jo no jo taartsje even oanjaan?', frege Akke.

Se frege it, mar se hie it taartsje al oppakt en hold it flak foar myn gesicht.

'Noch even wachtsje, Akke', sei ik, 'ik bin no noch wat fol fan dy kofje. Mar ik sil it aansens fuort opite.' 

Ik seach nei it taartsje. Dêr, flak foar my. It seach der hearlik út. It koste my dan ek muoite om it net fuortendaliks fan har oan te pakken.

Akke helle har skouders op en sette it taartsje wer op it taffeltsje.

 

'Ik bin toarstich', sei Akke even letter, 'hawwe jo ek limonade yn 'e hûs, Jetske?'

Ik seach har ferheard oan. 'Limonade?', sei ik, 'nee, dat haw ik noait.'

Ik doarst net te sizzen dat ik dat ek hielendal net hawwe mocht fan dokter.

'Wachtsje mar even', sei Akke, 'dan helje ik wol even in fleske limonade foar jo! Yn it winkeltsje ûnder. Ik bin sa wer werom!'

Akke gong fuort en dat joech my de tiid om myn taartsje fan it balkon ôf nei ûnderen te smiten.

It plofte kreas tusken de strûken, ûnder it balkon. Der wie neat mear fan te sjen.

It kofjekopke mei de sûkerklûntsjes lege ik yn de blombak.

Even letter wie Akke werom, mei in grutte flesse limonade. Yn de keuken socht se twa glêzen út myn kast en die de limonade deryn. Mei wetter fansels. Mar doe't se glêzen op it taffeltsje delsette, seach ik oan de kleur wol dat se yn myn glês folle mear limonade dien hie as wetter.

En doe wie der by my gjin inkelde twivel mear. Akke woe myn flat hawwe en Akke soe myn flat hawwe. En dus moast ik der út. Ja, ik mocht wol ferhúzje nei har flat. Mar as ik dat net woe, dan moast it mar oars. Dan moast ik mar mei sûker opromme wurde. Achter Jelle oan. Want dat wie wat se woe. Dy Akke mei har moaie praatsjes. Mei har taartsjes en de fulde koeken. En mei de repen fansels.

Wy sieten stil te kofjedrinken. Yn de fierte hearde ik in hûn blaffen, mar fierder wie it hielendal stil om ús hinne.

'Is it útsicht hjir no wier folle moaier as by jo, Akke?', frege ik.

Akke knikte.

'Ja sekuer!', sei se, ' as ik op myn balkon sit, haw ik hielendal gjin sinne. Allinnich mar skaad.'

Se skodde even mei de holle.

'En de wask, dy wol dêr ek net goed droegje. Nee Jetske, dan is it hjir folle better. Ik soe sa ruilje wolle!'

'Ja', sei ik, 'it útsicht is yndie prachtich! As jo dêr yn it hoekje steane, kinne jo sels de mar sjen!'

Akke skeat oerein. 'Echt wier, Jetske? De mar? Oan hokker kant dan?'

Se rûn nei it stek en seach my oan.

Ik gong oerein en wiisde yn de fierte. 'Dêr!', sei ik, 'dy kant út!'

It koste my net iens folle muoite om har oer it stek te triuwen. En se sei ek neat doe't se nei ûnderen foel. Yn de strûken ûnder it balkon. Miskien wol boppe op it taartsje.

Ik pakte myn rollator en skeuvele troch de keamer nei de gong. Dêr, yn de gongkast, bewarre ik de repen. De repen fan Akke. It wie al in hiele steapel. Mar der soenen no net mear by komme.

Ik telde se. It wienen fjirtjin. Ik naam ien reep mei en skarrele werom nei myn balkon.

Dêr sakke ik wer yn myn eigen stoel en lei myn seare fuotten op de oare. Doe skuorde ik it papierke fan de Verkade-reep en bruts der in grut stik ôf.

Och, ik hie dan wol sûker, mar ien stikje sûkelade mocht grif wol fan dokter. It wie ommers ek sok moai waar...

 

Thys Wadman

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side