Bûsdoeken - Auck Peanstra

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

No wurdt de molke mei in tankauto by de boer weihelle. Wa wit noch hoe’t dat earder gie?

Hoe waard de jierdei fierd doe’t jo jong wiene? Hiene jo doe ek in feestje?

Dit ferhaal giet oer in frou dy’t ferhuzet nei in âldereintehûs. Se moat opromje. Yn de kast fynt se in doaske bûsdoeken, in kadootsje dat nea jûn is. Ynienen komt har dy tiid wer yn ’t sin.

 

 Nei it ferhaal

  Opromje moatte by ferhúzjen, hoe diene jo dat? Wie dat maklik of net?

 Wa is ek wolris mei in ferkeard kadootsje oankommen?

 Stânsferskil tusken boer en arbeider. Wa hat dêr mei te krijen hân?

 Kuorbaltoernoaien, searjedagen. Wa hat dat ek meimakke?

 Ferkearde klean oan by in gelegenheid. Wa kin dêr wat oer fertelle?

 

Bûsdoeken

 Ik sil ferhúzje, it beslút is nommen. It kin net langer sa, sizze de bern. “Mem fersuteret hjir yn dit rottekleaster.” Net te leauwen, dat ik my dat sizze lit. Mar ik bin te wurch om noch langer tsjin te akseljen.

Se hiene dokter oan harren side fûn. “Wier, frou Bakker, jo sille it tige nei it sin ha yn it âldereinsintrum. De fersoarging is prima yn Sinneblink. Sa gesellich! Moarns noflik mei-elkoar kofjedrinke, middeis waarmite mei syn allen.”

Krekt as soe ik dêr ferlet fan ha! Myn hiele libben haw ik altyd it leafst op mysels west, dat sil yn it lêste haadstik wol net mear feroarje. Boppedat giet it praat yn dy tehuzen meastentiids net fierder as it libben dat him efter de elektroanyske foardoar ôfspilet: rabberij en geëamel.

Ferhúzje dus. “Mem moat de boel al wat skiftsje, hear”, hie Doete sein. “Yn it keammerke is net safolle kastromte.”

De âlde rommel fuortsmite, bedoelt se. Hie sels noch oanbean om te helpen. Mar ik hie wat koart andere dat ik my der sels wol mei rêde soe.

Miskien is it ek wol goed om regaad te meitsjen. It lêste himd hat gjin bûsen, sei beppe al. Mar ik moat der net oan tinke dat myn skoandochter yn myn persoanlike dingen omgnúft. Nei myn dea mei se har útlibje, net earder.

Njonken my in sek foar wat fuortgiet, oan de oare kant in doaze foar wat mei moat.

Sa stean ik dêr ynienen mei de bûsdoeken yn de hân. It kartonnen doaske mei in plestik lidsje deroerhinne, de giel, blau en rôze doekjes op stive kartontsjes achter it rútsje, it feestlike strikje der noch omhinne, giel fan âldens. Nea brûkt. It kadootsje dat nea jûn is.

 Ik wie fyftjin, we wiene krekt ferhuze nei de nije pleats. De nije wrâld wie spannend, benammen de feint fan buorman, Jelke. In pear jier âlder as ik, lang en sterk, ljocht hier, bylkjende blauwe eagen. Ik koe myn eagen hast net fan him ôf hâlde, mar wie fansels te bleu om him oan te sjen. Hy hie heit holpen by it meanen, it lân stie noch op stannen, in hûdfol wurk foar de mannen om alles tagelyk te berêden. De help fan de buorlju hie tige wolkom west. It iennichst wat heit en mem weromdwaan koene wie tee te skinken.

Ik wie fuort ferkocht, doe’t er de keuken yn stapte. En hy? Hy moat ek aardichheid oan my hân ha, oars hie er my letter net opsocht. Gjin wurd ha we wiksele, wat seist tsjin sa’n jonge god?

Yn de stille skimerjûn slûpte ik stikem it polderdykje del nei de pleats fan buorman. Op it plak dêr’t it ljochtskynsel fan de bûtendoarlampe my net fine koe, joech ik my del. No wie Jelke oan it melken, wist ik, de tiden fan de boeren wiene frijwat gelyk. De molkbussen stiene achterhûs, in pear jier letter soene se ferfongen wurde troch de molktank. Mar doe wie it noch de tiid fan de tjems mei de watten, de molkmasine-amers, it bushimmeljen en de molkrider. Soe ik in glimk fan myn idoal opfange?

Ut en troch gie de bûthúsdoar iepen, de teloarstelling as buorman nei bûten kaam. Mar de eufory as it Jelke wie. Sa’t er dy swiere amer lege. Dy sterke earms. Ik doarst my net heal kenber te meitsjen, mar syn oanblik makke dat ik huvere. As myn eagen harren sêd dronken hawwe, knoffelje ik foldien it bonkebrekkerspaad werom.

“Wat hast dien?”, frege mem.

“Neat”, sei ik. Ik liigde net, mar sei de wierheid ek net.

Letter frege se net mear. Soe se it trochhân ha?

Nea leaver foar mem om boadskip west as doe. Jelke op de trekker yn it lân, ik op de fyts derby lâns. We wiuwden.

De teloarstelling as ik him krekt misrûn. Ik dreamde fan him, skreau romantyske teksten oer him yn myn deiboek. “Hjoed Jelke sjoen. Hy wie oan it jarjen.”

Op in jûn trof ik him yn de buorren. Ik kaam fan it kuorbaltrenen, hy út it neat. In praatsje. Tafallich soe er ek krekt nei hûs. “Sil ik mei dy op fytse?”

Ik stie yn de brân, mar yn it tsjuster seachst dat net. By de ôfslach nei it lytse komelkerijke fan syn âldelju drammelen we wat om. Hy frege nei myn skoalle, ik nei syn brommer. De benzine wie op, dêrfandinne de fyts.

Oft ik ek meigie mei de boatreis fan de kuorbalklup, frege er. Hy al, ek ûnsportivelingen wiene wolkom, as se mar betellen. Ik wist it net, mar sei dat ik freegje soe. It kuorbaltoernoai, it jierliks hichtepunt fan it sportend doarp. De befreone kuorbalklup út Den Haach soe komme. Ek wy krigen sliepers, hie mem oankundige, twa famkes hie se besteld. Gjin jonges, de kat net op it spek bine.

“Nee”, sei mem op myn fraach. “Bist noch fierstente jong foar sa’n feest.” Mar de âldelju fan de beide fammen holpen my, se soene wol op my passe. Neat fan murken, nammers.

Jelke wol! Hy kaam by my oan de bar sitten, we dronken wat. Hy bier en ik Sinas. Letter ha we dûnse, we koene it beide net, mar dat gefoel allinne al dat we elkoar beethiene. It wie hearlik, mar ek beëangstigjend.

Dy jûns brocht er my thús en krige ik myn alderearste tút. Hy wie noch like grien as ik. De kaugom dy’t ik doe yn de mûle hie haw ik yn myn deiboek plakt!

Wat ferlegen sei er dat it takom wike syn jierdei wêze soe, ik mocht ek wol komme. Hy soe in fuif hâlde by him thús, yn it bûthús. Der kamen allegear freonen út de buorren.

En ik sei: ‘Ja!’. Ek al moast ik himel en ierde bewege, ik moast en soe nei dat feestje!

Mem seach net al te fleurich, heit syn miening waard net frege. Dy wie baas yn de achterein, mem regele de saken foar.

Ik brûkte it izersterke argumint dat ik de bern hjir kennen leare woe, dit wie in prachtige gelegenheid. Se hie gjin wjerwurd.

In wike lang stinne oer wat ik oan ha soe. In jurk of in lange broek? Wol of gjin make-up op? It hier los of yn in sturt? De pony mei kroltange bewurkje of rjocht en sljocht?

Doe’t ik de jûns fuort soe, frege mem oft ik wol in presintsje foar Jelke hie. It skeat my derfan yn de fuotten. Nea oan tocht!

Mem wist rie, se hie noch wol wat yn de kast lizzen. Sa stuts ik mei mingde gefoelens ôf, de bûsdoeken ûnder de snelbiners. It plestik skittere yn it moanneljocht.

Yn de skimerige skuorre moffelje ik de doekjes ûnder de jas. Earst sjen wat de oaren jûn hiene. It smelle gonkje troch, de muzyk yn de mjitte. Ik fielde my as in ko yn in frjemd bûthús. Allegear frjemden, de measten âlder as ik, klaaid yn spikerbroek en raffeljaske; myn simmerjurk hie in ferkearde kar west. Ek Jelke wie in oar persoan. Wie er ferlegen mei myn komst? As gasthear moast er elk fansels oandacht jaan, mar ik fielde my iensum en allinne.

Presintsjes koe ik net gewaarwurde, ik hie gjin idee wat oaren skonken hiene. Ik doarst net heal mei it lullige doaske snotfodden oan te kommen, it bleau dêr’t it wie, ûnder myn jas. Om in oere as tolve bin ik útnaaid, ynwindich jankend fan ellinde. Jelke brocht my nei de doar, hy koe net mei fansels, it feest wie noch net dien. De bûsdoeken haw ik dy nachts ûnder yn de kleankast bedobbe, ik doarst mem net te sizzen dat ik har moai betocht kado net jûn hie.

De oare deis sei mem dat ik my neat yn de holle helje moast mei dy Jelke. It koe neat wurde. Sa’n jonge dy’t al wurke en ik dy’t noch drok oan it learen wie. Se neamde it net, mar ik preau it wol: sa’n arbeidersjonge past net by ús. Op mem har oanstean haw ik de ferkearing – as je soks ferkearing neame meie – útmakke, mar it fielde net goed.

 Hjir stean ik no, mei it doaske bûsdoeken yn de hân. Like ferwurden as dy earste leafde. Mar ek in waarm oantinken oan dat earste ûntweitsjen, ûnferjitlik.

De doekjes komme yn de doaze. Se geane mei nei Sinneblink!

 

Auck Peanstra

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side