Biljerte - Douwe Kootstra

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

Dogge guon fan jim oan biljerten?

Wêrom is biljerte noch altyd in typyske manljussport?

Besteane der foar de âlderein ek typyske frouljussporten?

Prate jim ûnder de kofje of tee wol ris oer seks?

Of is it in grut taboe?

 

 Nei it ferhaal

 Wat fûnen jim der fan?

 Komt it tema fan dit ferhaal jim bekend foar of slacht it nergens op?

 Ha jim wol ris lêst (hân) fan manlju of froulju ‘dy’t wat wolle’?

 Rinne der by jim behalve susters ek leuke ‘broeders’ om?

  

Biljerte

 Geart Tekstra hinge fier oer it biljert, de keu gong profesjoneel ûnder de earm hinne en wer. Hy beneuvele fan alles, mar koe de bal net goed rikke, sa’t like. Neat gjin wûnder, want hy loerde oer de ballen hinne nei de bar. It duorre syn beide maten fierstente lang.

‘Joust dy dêr del fan ’e middei?’, lêbe grutte Sije. ‘Sa’n biljert is net om op te lizzen, dêr komt gedonder fan mei de direkteur.’

‘Foar brea-iten al klear, hear’, nokkere âld-kampioen rummikub Sjoerd, dy’t as biljerter amper in bal goed reitsje koe. Mar ja, hjir wennen net folle manlju, dat alle knoffelhakken moasten sokke middeis as it even skikte ferplicht oantrede.

‘Hâld jim de keunstgebitten no ris even op elkoar, jim helje my út de konsintraasje’, gnoarre Geart, wylst er suver noch wat fierder it biljert opskode.

‘Wy kinne de fysioterapeut wol fêst belje’, grapke grutte Sije, ‘do bist al oer de tachtich, jonkje, aanst skuort en brekt der fan alles.’

Geart hearde it net iens. Hy seach hielendal net mear nei it spultsje, mar nei de tafel dy’t foar de bar stie. Dêr wie in suster mei de tee- en kofjeboel oan de gong. It wie him al earder opfallen: wat hie se ivich moaie kûten, en dan dat kontsje. Hoe âld soe se wêze? Man, man, as er jong wie, dan ...

‘Wurdt it hjoed noch wat?’, rôp Sjoerd dwers troch syn eroatyske dreamerijkes hinne, ‘do kinst him dochs net meitsje, of moat ik dy óp it biljert tille?’

Hy krige gelyk. Geart miste en kaam mei in protte muoite oerein. Hy liet neat skine, mar de rêch die him even gemien sear. De suster stie der noch, sloech yn de cake om. Hy seach der wer mei niget nei. Froulju, hy mocht der wol sop fan. Mar ja, nei’t syn Sijke tsien jier lyn weirekke wie, hie der, behalve de profesjonele helpen, noait wer in frou op syn keamer west.

‘Geart, wêr sitst mei dyn kop, do moatst wer.’ Hy fielde in keu yn syn ribben.

‘Wat, no al wer?’, frege er ferheard, ‘jim bakke der ek net folle fan, wol?’

Sjoerd grommele dat er syn bêst die mei dy gekke wylde ballen, dy’t alle kanten út fleagen, mar dat er leaver in potsje rummikub opsette.

De suster gong nei de doar. Geart seach har nei. Se rûn net, se dûnse! In lust om te sjen. De rêch fielde him ynienen folle better, by sokke ‘schone vergezichten’ knapte er suver op. Fan klearebare wille makke er even letter fjouwer karamboals achter elkoar.

Grutte Sije knikte bewûnderjend.

‘Do hast wol ris minder op dreef west.’

Dat der noait wer in frou op syn keamer west hie, wie trouwens net hielendal wier. In pear jier nei de dea fan Sijke hie Geart kunde krigen oan ien fan de froulju dy’t yn itselde gebou wennen. Se wie noch net sa âld, begjin santich. Hy hie in pear kear by har oer de flier west. En sy by him. Tegearre wat op it waar omprate, televyzje sjen, stikje bôle ite, net iens ûngesellich. En oerdei wol ris in kuierke. It like fan beide kanten wol goed te foldwaan. Mar doe’t Geart foarsichtich, as in soart fan grap, foarsteld hie om ris in nacht útfanhûs te kommen - dat koe maklik, want sy wenne yn in romme trijekeamerflat - hie se raar guod spuid.

‘Wat tinkst wol net’, foetere se, ‘do sjochst tefolle nei al dy seksprogramma’s op televyzje. Tinke manlju no altyd en ivich oan itselde?’

De ferkearing wie dus útrekke. En dat fan dy televyzje wie wier. Geart mocht stommegraach wat ‘vrouwelijk schoon’ oer it skerm dideljen sjen. Dêr wie dochs neat op tsjin? De hiele wrâld hong fan seks oan elkoar, en dan soenen jo, as jo wat âlder wienen, dat wurd hielendal út jo libben krasse moatte?

Nei in healoere spande it der om, dêr midden yn de rekreaasjeseal. Grutte Sije en Geart stienen gelyk. In wûnder, want Sije koe better prate as biljerte. Troch al dy prakkesaasjes oer froulju en alles wat dêr oan prachtichs by paste, hie Geart miskien dochs wol wat lêst hân fan konsintraasjeferlies. Soks komt yn de topsport wol faker foar.

By syn lêste beurt ferskynde de suster wer yn byld. Earst swingde se nei de bar. Doe sweefde se de seal troch nei de kast dêr’t de spultsjes stienen. Op ’e weromreis kaam se glimkjend op Geart ôf. Wat soe dit? Hy gong suver yn ’e hâlding stean mei de keu rjochtop njonken him.

‘Menear Tekstra, ik ha sa frij west jo rollator om ’e hoeke te setten, hear. Hy stie wer ris yn ’t paad, lyk foar de needútgong. Dêr meie gjin rollators stean, dat witte jo sa stadichoan ek wol.’

Se lake leaf en sette ôf.

Geart knikte braaf, se hie gelyk.

‘Nog net geen bon voor fout parkeren’, gniisde grutte Sije. ‘Do learst it ek noait.’

 

Douwe Kootstra

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side