Beppe Styntsje
Beppe Styntsje rûn foar in bakker
mei in swiere bôlekoer.
Hoe’t it koe, mar de earme stakker
hâlde wyks ek noch wat oer.
Buorfrou wist it doel fan ’t sparjen:
hja woe graach in nij waarm jak.
Elke soer fertsjinne botsen
joech se yn in baarch plak.
Mar har lytse beppesizzer
stie ris skriemend op it iis:
‘Harmen hat gjin redens, beppe!’
’t Ald minske rekke fan ’e wiis.
De oare deis koe Harmen ride,
bliid op nije redens gean.
Glimkjend bleau doe âlde beppe
mei de koer by de iisbaan stean.
Buorfrou frege nei it jakje.
‘Och, sei beppe, dat giet oer.
Ik ha der hjir en dêr op út west,
mar de priis wie my te djoer.’