Folksferhaal:
Wrakselje mei wetter

De lêste sinnestrielen fan de dei glydzje oer it gea by de Mûntsegroppe. Willem, slaggerich griis hier en lang burd, fytst it sânpaad del. Hy sjocht my en bliuwt stean. Hy mei graach fertelle: “Tusken Mûntsegroppe en Jachtfjild stiene yn myn bernejierren, om 1950 hinne, fiif hûzen. Ik bin ien fan Rapke-Gryt harren fiif soannen. Skean efter ús stie it húske fan âlde Hindrik en Wipkje. Soan Wolter wie noch yn ‘e hûs.

Us heit-en-dy hienen in pomp. De put wie mei turf opset en der kaam lekker pompswetter út. Doe‘t de boppe-ein ferrotte wie, seage ús heit dy derôf en sette in houten bak mei deksel op de put. Mei in putamerke oan in ketting hellen we wetter út de put. De oare húshâldings hellen it drinkwetter ek by ús wei, om’t út harren pompen tanich wetter kaam. It âlde putamerke ferruste, der foel in gat yn. Us heit om in nijenien. Hy frege fan de oare brûkers om der oan mei te beteljen. In kwartsje de húshâlding. Hindrik, hy rûn mei in stôk, woe der net oan meibetelje. Sûnt dy tiid hellen Hindrik en Wipkje harren drinkwetter út de sleat.

Hindrik syn pakesizzer en myn broer Wybe sieten ris by Hindrik en Wipkje. “Kofje?” “Graach!” Wipkje pakte har pruttelkofjepot, helle it glêzen deksel der ôf, en geat wetter yn de pot. De kofjepot siet healfol doe‘t it stûke. Siet der in jonge kikkert foar de tute fan Wipkje har wettertsjettel. De jonges hoegden nea wer kofje fan Hindriks-Wip.

Alle hûzen hienen it ‘húske’ bûtendoar. By de spitkeet, it museum op ‘e Harkema, steane se. Wolter fan Hindrik en Wipkje wie wat bangich. As it donker wie en Wolter moast yn it tsjuster nei ‘t húske, dan siet er altyd lûd te sjongen. Yn in neisimmer hong de apelbeam fan Hindrik fol mei moaie reade apels. Ik der hinne. It wie tsjuster. De beam stie neist it hinnehok. Ik klom op it hok en skodde. Ynienen hearde ik de klink fan de doar. Der silst de âldman ha, tocht ik. Ik dûkte nei ûnderen en gong langút yn de rûchte lizzen, stiif tsjin it hinnehok. De doar gie iepen, dêr stie it âld minske. Se die de klompen oan, en betocht har… gjin gestroffel by neare nacht nei it húske … Se rûn nei it hinnehok en gie op ‘e hurken sitten. It spatte my omtrint yn ’t gesicht.

It lêste ljocht giet fan ‘e loft. Willem sil op hûs oan, draait him nei my ta en seit: ”Yn it lân neist ús hûs, sit in lichte. Dêr hat ek in hûs stien. Dêr is al ris ien fermoarde. Us beppe song der fan: ”Hij die het was, de moordenaar, was vader van twee brave telgen.“ Dan slacht Willem syn skonk oer it sadel en ik sjoch syn efterljocht ferdwinen yn de donkere Mûntsegroppe. Ik hâld de siken yn… hear ik immen sjongen?

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side