Folksferhaal út Bûtenpost:
Us Harm is in gút
Harm Klaas Dijkstra (1890-1987), in gutige man, wie myn pake fan memmekant. Yn Bûtenpost en omkriten better bekend as HKD. Dit ferhaal hat him ôfspile yn de maitiid begjin 1900, pake hat in jier of 10 of 11 west.
Pake strúnde wat mei in maat troch it doarp. Sa kamen hja ek by de tún fan it slot fan baron Haersma de With en dêr seagen se in roekekoloanje yn de beammen. Hja fûnen dat der op dat stuit fierstente folle roeken wienen en se betochten it plan om de roekenêsten út de beammen leech te heljen. Undôgens as se wienen, gongen se stikem de grutte tún fan de baron yn. De baron wie yn gjin fjilden en wegen te bekennen en dat wie mar goed ek, want och hearkes, as dy har trappearje soe dan wie de boat oan. Rimpen en linich klommen de jonges op sokken - de klompen lieten se ûnder by de beam stean - yn en út de beammen en hellen de aaien út de nêsten. De aaien ferstoppen se ûnder de pet. En doe’t de beide jonges op in gegeven momint wer heech yn in beam sieten, trappearre de baron harren. Hy stie ûnder de hege beam dêr’t beide bûkemantsjes yn sieten en rôp slûchslim: “Hebben jullie daar een mooi uitzicht jongens?”
De jonges bleaunen sitten wêr’t se sieten, wachtsjend op wat der komme soe. Doe’t it de baron te lang duorre, rôp er: “Kom maar naar beneden jongens, ik doe jullie niks.” Der siet foar de jonges neat oars op as út de beam te kommen. Doe’t se wer mei beide fuotten op de grûn stienen, aaide de baron mei beide hannen de beide bûkemantsjes stevich oer de pet. De djerre rûn de jonges ûnder de pet wei troch it hier, yn de eagen, oer de noas, se sieten derûnder. HKD, net foar ien gat te fangen, betocht him net, pakte syn klompen yn de iene hân en mei de oare hân pakte er de klep fan syn pet en goaide mei in flinke swaai de djerre fan de kapotte aaien út syn pet troch de loft ... op de dikke bûk fan de baron. En wylst er dat die, rôp er hiel lûd: “Mijnheer de Baron, het was daar boven prachtig!” en sette sokken. Syn maat der efteroan. De baron wie sa ferbouwereard dat er de beide jonges fleane litten hat.