Oprop! foar skrikkeldei, Fryske gebrûken en gewoanten?
Hoe liket it yn Fryslân mei de gebrûken en gewoanten op skrikkeldei 29 febrewaris? Wurde der lykas yn Vlaanderen of Noarwegen ek skrikkelkoeken bakt, dy't de foarm hawwe fan in widze om de berte fan minsken te fieren op dizze bysûndere dei?
Skrikkeljierdeis binne tige beheind. En dêrom ite de ynwenners yn Vlaanderen fan dizze koeken en wurde de skrikkelkoeken oan binnen- en bûtenlânske toeristen as unyk lekkers oanpriizge. Lykas yn Vlaanderen sykje de Noaren harren skrikkeltradysje yn it bakken fan bysûndere koeken. Allinnich geane se dêrby yn it Skandinavyske lân al wat fierder as ús suderbuorren. Yn de simmer foar it skrikkeljier wurde in oantal nôdskoden op in bysûndere wize by mekoar bûn. Tidens de rispinge wurde dy seremonieel nei de buorkerij ferfierd. Fan dy weetkerl wurdt dêrnei op in spesjale wize moal gemalen, dat op 28 febrewaris omset wurdt ta skrikkelkoek. Mei in protte sjerp kin elkenien se dan op 29 febrewaris ite. As yn Noarwegen op dy dei in jonkje of famke in jierdei fiert, wurdt fan datselde moal in langwerpige koek bakt dy, mei kleurige linten, troch de jierrige op de linkerearm droegen wurdt.