Lytse tún
Lytse tún
Us mem hie mar in lytse tún,
mar nearne bloeiden sa de floksen
en wie it stek sa ticht begroeid
mei lathyrus. Tichtby de âlde muorre
noch de daaljes: read-fermiljoen,
ljochtgiel en pears. Op ús blaustiennen
stoepe lei buorman syn lavindel, slaad,
rabarber. As it de tiid wie, ek faak
wat tûken fan de nagelbeam. Dêr yn ús
lytse tún en yn de finsterbanken
bloeiden ús mem har blommen sa.
Baukje Wytsma