Folksferhaal fan ‘e Lauwers:
It hoefizer…
Myn beppe Tryntsje wie in lyts wyfke. In fjouwerkante beppe, roetswart hier en donkerbrune eagen. At se lake, skodde har liif. Oerbeppe Margien stoar jong en doe hie beppe Tryntsje de soarch foar de húshâlding. Har broers Roel en Eelke wiene opgroeiende jonges. Oerpake Anne buorke en arbeide as timmerman. Der siet wol wat jild want beppe Tryntsje hie by har trouwen in smel gouden earizer. Ik ha it har nea dragensjoen want pake Hinderk, mei wa’t beppe troude yn 1919, mocht graach hannelje. En doe’t de earizers út ‘e moade rekken, wie it samar besjoen: fuort dermei, yn ‘e ferkeap! Beppe Tryntsje en pake Hinderk wiene as bern suver buorlju, opgroeid oan wjerskanten fan ‘e Lauwers, himelsbreed in kilometer dertusken. Sadwaande hie´k in Grinslânske beppe en in Fryske pake. Dy’t elk de eigen taal spriek. Behalve at pake om it ien of oar lulk wie -sis mar poerrazend-, dan prate hy ôfbiten Grinslânsk.
Nei in skoftsje ynwenjen by oerpake Anne kocht it pearke in went oan ‘e Fryske kant. Doe’t lytse Roel yn 1929 it hûs opbrânde (net fersekere), bouden se nij op itselde plak. Mei de efterein nei de Lauwers. Dêr wie plak foar twa kij en in hynder. Efter it hûs stie in pikehok. It hynder, mei rokjes oan ‘e fuotten (in Belch), hat by myn witten nea ûnderdak west. De kij wol. De fjirtichliterske molkbus stiet al jierren yn myn hok.
Wy, húshâlding mei fiif bern, wennen oan ‘e ferhurde wei nei Peebos en pake en beppe yn ‘e lannen. Faak wiene wy as bern dêr ek te finen: sleatsjespringe oer de Lauwers, yn ‘e petten eine-aaien sykje, of blaustirnsaaien. Fan mem mochten wy dy bûtendoar boppe in fjurke opbakke. In dikke pankoek dy’t de geit mei opite moast om’t wy sêd wienen. It sil hoop ik net faak bard wêze want stirns komme hjir net mear foar. En dêr wol ik de skuld net fan ha…
Op in dei yn ‘e simmer fan 1955 mochten wy fjurkestoke, it reid moast út ‘e sleat. Want heit woe de sleat útslatte, der moast wetter yn om’t de geit geregeld op ‘e wei omdangele. De lúsjefers mocht ik bewarje, ik wie de âldste. Fan ús eigen sleat dwaalden wy de lannen yn. Yn it stik lân earder as beppe harres wiene wol fjouwer sleatten mei reid! Dat woe ek wol brâne. It fjoer laaide sa op dat wy waarden der bang fan en… hurd nei beppe! Underweis fûn ik op ´e Fryske Dyk yn in goate ek noch in hoefizer. Ferruske en wol. Beppe stelde ús oangeande it fjurkestoken gerêst en sei ta nimmen te fertellen dat wy it dien hiene.
En doe mei “wat veur oldizer sleepst doe weer met” wiist se nei myn ‘izeren fynst’. Ik fertel wêr’t ik it fûn. Se besjocht it mei oandacht en seit ferheard: “Och hearken, dat is van die Dútser…”. Ik freegje: “Dútser?” “Ja, die hebben ze doar yn ‘e oarloch begroaven. Met peerd en al!”