De swarte spegel

 

 

De swarte spegel 

 

Fol ûntsach kipet it bern oer de hege râne
fan de reinwettersbak. Oars neat te hearren
as ’t ientoanich drippen op it teare oerflak
fan ’t bestean. Yn ’t moassich skaad strykt,
amper sichtber, de kâlde azem fan de dea
oer blakstil wetter. In huvering.

De swarte spegel bringt duvelske demoanen
foar it ljocht, dy’t men wol stean moat
om wat libbensmoed te garjen.
Ommers sa ûnmjitlik djip is it libben,
gjin hân kin it rikke.

 

Baukje Wytsma

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side