Folkstún: De grûn is de basis

Jan van den Berg is op 12 desimber 1943 berne yn in arbeidershúshâlding te Hengelo. Hy hie twa jongere broers en ien suster en wie jierrenlang learaar oan de basisskoalle yn Wapserveen. Dêr hie er in folkstún en ûntduts hoe lekker eigenboude griente smeitsje kin. Hy wol noait wer oars. Nei’t er út it ûnderwiis rekke, ferhuze er nei Easterwâlde en wennet dêr mei syn frou Henriëtte, dêr’t er al fjirtich jier mei troud is, en mei harren âldste soan en harren dochter en de man en twa pake-sizzers yn in soarte fan Fins famyljehûs. Se itensiede om beurten en fansels steane der alle dagen jirpels, griente en fruit út de eigen biologysk-dynamyske tún op it menu.

‘Ik haw hjir yn Easterwâlde 900 kante meter eigen tún op folkstúnkompleks Jardinga. Mar ik fersoargje dêr ek de fruchtbeammen en noch 100 kante meter demonstraasjetún. Ik bin eins altyd op ’e tún oan it wurk, de hiele dei troch, it hiele jier lang. Allinne yn desimber en jannewaris wat minder faak. Moarns betiid skyl ik earst de jirpels en oerlis mei myn frou of dochter wat foar griente wy dy jûns ite sille. Meast bin ik al foar achten op de tún, dan is it der hiel stil en hear ik allinne mar fûgellûden. De klysters fleane my bytiden om de earen en sitte my benei op ’e skeppe… Prachtich fyn ik dat. Behalve griente ferbou ik ek alderhanne soarten fruit. Ik brûk noait keunstdong, dat lûkt de planten útelkoar, dan groeie se te hurd en ha se minder gehalte. Boppedat aktivearje jo mei keunstdong ek it ûntkymjen fan túch. Ik meitsje de grûn fruchtber mei lava- en basaltmoal en mei eigenmakke jarre fan brânnettel- en wâlwoartelôftreksels, dy’t ik fertinje mei reinwetter. Ik wurkje neffens de E.M.-metoade. Effektive Mikro-organismen betsjut dat. Myn grutste útdaging is om planten te kweken dy’t safolle mooglik frij fan syktes binne. Ik bring syktesoerbringende ynsekten, mar benammen ek slakken, op ’e doele troch tusken de planten afrikaantsjes, goudsje- en sinneblommen te setten. Ik haw hielendal gjin ferlet fan moaldau of skurft of neam mar op. Sa haw ik hiel lang socht nei in jirpelsoart, dy’t bestand is tsjin phitoftera en dy haw ik fia it ynternet fûn: De Texla-jirpel, oarspronklik fan Texel. Soms moat ik der fierder om fuort. Der wennet in dochter fan ús yn Ingelân, dat is it mekka fan de túnker. As wy by har west ha, sit ús koffer fol mei sied, dat hjir net te krijen is. Bygelyks sied fan Russyske boerekoal, dy’t folle smaakliker is as de Nederlânske. Ik ferbou op dit stuit fyftjin slaadsoarten, rûnom wei. En ik kweek in peterseeljesoart út Itaalje. As jo dy peterseelje preaun ha, wolle jo noait wer oars, sa lekker. No sykje ik noch om in rabarbersoart, dy’t noch reader is as read… Nee, ik ferkeapje gjin griente. Wy ite alles sels op. As der tefolle is, jou ik wolris wat fuort en wy frieze ek in hiele soad yn.’

Jan van den Berg is yn de wide omkriten ferneamd om syn túnkjen, hat wykliks in túnpraatsje op de regionale radio en hâldt in moannekalinder by op de webside fan www.jardinga.nl. ‘Werken met de natuur’ hjit syn bydrage. ‘Ja, want ‘werken met de maan’ moatte de minsken gauris om laitsje. En dochs wurkje ik neffens de stân fan de moanne, want ik bin der fan oertsjûge dat de moanne ynfloed hat op dizze ierde. Tink mar oan eb en floed. De moanne feroaret om de pear dagen fan plak yn de diereriem en dêrmei feroarje ek de krêften, dy’t de planten krije. Alle ûnderdielen, de woartel, de blom, it blêd, de frucht of it sied wurde dêrtroch op ferskate wize beynfloede. Sa binne der foar alle wurksumheden op ’e tún geunstige en minder geunstige dagen. Ik haw dêr in soad oer lêzen en helle myn wiisheid benammen út it boek ‘In harmonie met de maan’ fan Johanna Paungger en Thomas Poppe, dy’t yn de biblioteek fan München in hiele âlde moannekalinder op it spoar kamen. Harren boek is dêrop basearre. Yn myn moannekalinder op de webside fan it folkstúnkompleks stiet op hokker dagen de minsken it bêste siedzje, bedongje, ferplantsje, wjudzje of snoeie kinne. En ek op hokker dagen se dat better net dwaan kinne. Ik lis nimmen wat op, ik jou frijbliuwend advys, de minsken moatte it hielendal sels witte. It iennige bewiis is myn tún. Ik krij gauris kompliminten fan dizze en jinge dat myn fruchten der sa florissant bysteane. Ik ynfestearje yn de grûn en hâldt my oan de moannekalinder, dat is it hiele geheim fan de smid. Oars net.’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side