Aldershûs

Beltsjeblomkes foar it finster,
’t jonge fûgelt sjongt sa blier.
Yn it waarme sinneglinster
boartsje berntsjes oer de flier.

Sêftkes prottelt heit syn iten
yn it herntsje op ’t konfoar.
Mem sjocht nei de klok yn ’t hoekje
en de berntsjes nei de doar.

Aanst bin’ dizze lytse berntsjes
wiid fersille it libben oer.
Dan bin’ heit en mem te hôf brocht
yn it skaad fan d’ âlde toer.

Mar de bern yn ’t folle libben
tinke faak mei nocht werom
oan har bernetiid yn ’t húske,
’t húske mei de beltsjeblom.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side