Aaisykje
Heit, wêrom hasto my dyn dreamen net ferteld?
Nosto der net mear bist, wit ik fan neat. Hast
kikkerts fongen by de tsjerkhôfsleat? Lake dyn
mem doe’st fytse koest? Wiest bang yn ‘t tsjuster?
Us hjoed wie samar juster. Wêrom hast noait dy
dingen sein dy’t ik graach hearre woe?
Ferskûle asto sietst achter sigarereek, doarst ik
dy alles samar net te freegjen. Do mei dyn grapkes
makkest my ferlegen. Fan famkesdingen hiesto
gjin ferstân, gongst mei myn broer te fiskjen
of nei ‘t lân. As jim ús hiem oprûnen stie ‘k op
frjemde grûn, noait hast mei my ien ljipaai fûn.