Toarstich yn ’e ûngetiid
It sil yn de moannen juny, july west hawwe, mids fyftiger jierren sawat. It wie wer in drokte fan komsa om hûs en hear, want it hea moast fan it lân. Wurk oan de winkel… ûngetiid! Moarns om in oere as fjouwer rôp ús heit al dat it tiid wie om te melken. Dat moast fansels earst oan kant makke wurde. It melken diene wy doe noch frij sittend yn it lân, gewoan op ’e tuolle. Us heit hie yn dy tiid sa’n fyftich kij en wy hiene trije arbeiders. Elk hie syn eigen kij tawiisd krigen om te melken. Dat wie soms efkes sykjen yn it lân, benammen as it mistich wie. Wy gongen der hinne mei hynder en wein, want ús lân lei fier fan de pleats. Om sân oere hinne wiene wy nei it melken wer thús. Dan moasten wy earst noch kealleboarne en dan wie it teedrinke en ite mei mekoar. Dan hiest fansels sa stadichoan ek wol sin oan wat iten en drinken. Sa gong it altyd, sa wiene wy dat wend. Us mem wurke allinnich mar yn de foarein. Sy soarge altyd foar iten en drinken, dêr waard fierder net by stilstien.
Wy hiene ek in stik lân fan alve pûnsmiet mei de namme Kanada. Om dêr te kommen, moasten wy earst troch sân hikken en oer ien platte lege barte oer de sleat. As it ûngetiid wie, namen wy iten en drinken mei nei dat stik lân, dan koene wy de hiele dei gewoan trochskreppe. Us mem hie dan in bêste panne mei brune beantsjes mei bret spek klearmakke. Dat gong mei op de heawein yn de âlde heakoer. Sa waarden de beantsjes moai gear op it lân en bleau it iten lekker waarm oant middeis tolve oere. Ien fan ús arbeiders griis de fan brune beantsjes, mar hy iet it wol op. De koperen kofjetsjettels kamen ek yn de heakoer. Yn de tute fan de kofjekanne siet dan in tûfke hea, want dan griemde it net sa ûnderweis. Yn sa’n âlderwetske heakoer siet hea en wat âlde doeken of in kowetek, sa bleau de boel lekker waarm.
Wy gongen yn de ûngetiid sawat om kofjetiid hinne fuort mei in ploechje fan seis man. Ienris op it Kanada-lân gong it fuort los yn it hea. De opers waarden út mekoar smiten, der waard skodde mei de âlde Eureka-trommelskodder. Dan waard it hea mei de swylmasine op de wurdzen draaid en dan koe it tiemjen beginne. Dêrnei waard it hea opmakke yn reakken en koene der oan de ein fan al dat wurk sân weinen oploege wurde.
Meastal waard der yn de ûngetiid tusken tolve en ien oere iten en dronken. De flessen drinkwetter dy’t wy meinommen hiene, leine sa lang yn de sleat om kâld te bliuwen. Ungetiidzjen wie toarstich wurk. Middeis kaam de heakoer derby en dan leine wy noflik mei mekoar yn de reakken of langút yn de greppel te iten en te drinken. Dan kamen de ferhalen los! Ien fan ús arbeiders stammere en dan waarden der wolris grappen makke as hy te lang wurk hie om syn ferhaal te fertellen. Wy hawwe wat ôflake. Dat koe allegear, want elkenien koe goed mei mekoar. Wy hiene dan gewoane itensboarden mei en der gongen hiel wat brune beantsjes troch it kielsgat. Dat iten op it lân wie tradysje. Sa wie it altyd al gongen mei de ûngetiid, ek doe’t ús pake noch op de pleats wurke. Wy wisten net better. No, mei al dy masines, binne de boeren meast allinnich op it lân oan it wurk. Yn it ferline wiene wy folle mear meimekoar dwaande om’t alles fansels noch mei de hân dien wurde moast. It wie altyd hiel gesellich, wy wiene bûten yn de natoer en hiene in protte wille mei mekoar. It wie ek wol bealgjen yn de ûngetiid hear, it kaam der op oan! Wy hiene sokke dagen mar ien doel: it hea moast droech ûnderdak.
Jûns rieden wy mei sân folle heaweinen efter mekoar oan, mei trekkers en twa hynders foar de wein, wer op hûs oan. In prachtich gesicht. Dan hiene wy it lân skjin en oprêden efterlitten. Foardat wy fuortgongen, hiene wy dan earst noch sturtswile, en it lêste hea mei de briede by de reakken opskood. As alles klear en skjin wie, joech dat in goed gefoel. Dan wiene wy grutsk en bliid. Om acht, njoggen oere jûns wie alles dan kant en klear, it moaiste momint fan de dei. De oare deis moasten thús de weinen leech en moast it hea nei it heafek brocht wurde mei de jabiksljedder. Dat wie skreppen. Foar de kofje hiene wy dan trije weinen leech. Om tolve oere gongen de arbeiders nei hûs te iten en dan koene wy om ien oere wer fierder mei it wurk. Moai waar of net, ús heit woe alle hea dan dyselde deis noch binnendoarren ha. As dat klear wie en de lêste weide ûnderdak wie, kaam er mei seis fleskes bier, foar ús elk ien. Dan gongen wy der efkes noflik by sitten. Ek dat wie by ús in soarte fan ritueel. Ek as de earste snee hea binnendoarren wie, holden wy mei de arbeiders by ús oan de grutte keukentafel heamiel, dan ieten wy karbonade en dronken bier mei mekoar. Fierder waard der by ús altyd middeis waarm iten, lykas by alle boeren. Jûns bôle, dan noch wolris in flaubyt en dan op bêd.
As it hea derôf wie, moast der wer donge wurde. Yn it begjin waard dat mei de gripe op in wein laden en mei in ôfklauwer op it lân brocht. Soms siet der yn de simmer noch snie yn de dong dy’t wy mei deselde trommelskodder op it lân brochten. Foar alles wie in tiid…