Smidderij: Tsien desibels tefolle
Ik wenne yn Burdaard en ik haw hjir oan de Mounewei oant 2000 in smidderij hân. As it oan my lei, hie ik dat noch, want ik die myn wurk mei in protte nocht. Ik bin op 21 maaie 1935 berne, as âldste fan trije jonges yn in húshâlding mei fjouwer bern. Us heit wie ek smid, dat ik bin – om it samar ris te sizzen - yn de smidderij hikke en tein.
Nei de legere skoalle haw ik trije jier op de ambachtsskoalle yn Ljouwert west, yn de Menno van Coehoornstrjitte. Dêrnei gie ik fjouwer kear yn ’e wike nei de jûnsskoalle, wylst ik oerdeis smidsfeint by baas Visser yn Aldtsjerk wie. Nei in wike praktykskoalle yn de Wieringermear – dêr’t ik stasjonêre motors learde ôf te stellen, lykas melkmotors en wetterpompen - kaam ik by ús heit op de leanlist. Ik wurke fan sân oere moarns oant seis oere jûns, fiif dagen yn ’e wike en ek noch op sneontemoarn.
As der winterdeis net folle te dwaan wie, liende ús heit my út oan oare smidderijen, lykas dy yn Aldtsjerk, Winsum en Hallum. Yn Aldtsjerk en Hallum die ik al it foarkommende smidswurk. Yn Winsum – by smidderij Bakker – reparearre ik foaral mean- en swylmasines. Ik haw trouwens ek noch in skoftke yn it beskútfabryk fan Van der Meulen te Hallum wurke. Dêr haw ik in nije kettingbaan montearre, dy’t de karren mei beskuten nei de riisoven bringe moast.
De fakoplieding dy’t ik folge ha, wie ‘all round’ en hjitte ‘smecoma’ (smeden, constructie, machinebankwerk). Dat kaam my yn myn letter libben goed fan pas, want doe’t it gewoane smidswurk wat yn ’t neigean rekke, haw ik fan alles en noch wat by d’ ein hân. Behalve restauraasje- en ûnderhâldswurk, lykas muorre-ankers smeie en hekwurk restaurearje, reparearre ik ek skippen oant sa’n 100 ton ‘binnen en boven de waterlijn’, sa’t dat hjit, want in skipswerf hiene wy net. En oan it lêst ta reparearre en ferkocht ik fytsen, lei gas, wetter en elektrysk oan en die dakwurk, lykas sinken goatten meitsje.
It echte smidswurk stjert stadichoan hielendal út, bin ik bang. Wat eartiids de lânbou wie – en dêr moasten wy it fan ha – binne no grutte meganisaasjebedriuwen wurden, mei eigen reparaasjewurkpleatsen. Kamen de boeren earder mei de hynders by ús te hoefbeslaan, no is der in ridende hoefsmid, dy’t by de maneezjes lâns reiziget. Hoefbeslaan haw ik trouwens altyd in hekel oan hân. Ik bin mar in lyts, behindichmantsje en as der dan sa’n grouwe Belch op my stie te leunen woe ik it wol leauwe.
Hynderbeslaan diene wy moarns. Wy begûnen om sân oere en wy giene oan tolve oere ta troch. Smoardrok wie it soms, foaral as it reinde en de boeren bûtendoar net folle koene. Dan stiene se bytiden mei de hynders yn de rige foar de smidderij op harren beurt te wachtsjen. De molkriders kamen it faakst, want de izers fan dy harren hynders slieten it hurdst. Hynderbeslaan wie swier wurk. Nee, dêr bin ik net botte ûnwennich fan.
Yn de tiid fan ús heit hearde de smidderij by de mûne De Zwaluw. Us heit hierde de smidderij fan de minsken dy’t ek de mûne en it njonkenlizzende hûs yn harren besit hiene. Yn 1974 is De Zwaluw ôfbaarnd. In skoft letter - ik wie myn heit doe al opfolge - haw ik wol 80% fan it izerwurk foar de nije mûne makke. Prachtich wurk wie dat. Spitigernôch binne it hûs njonken de mûne en de smidderij doe ferkocht oan immen dêr’t ik gjin goed wurd foar oer ha. Hy hat my der gewoan út pest, mei ik wol sizze. Hy klage oer lûdsoerlêst – 10 desibels tefolle – en hold mar net op fan prosedearjen. Nei njoggen jier tsjinwurking en argewaasje krige ik myn nocht en haw ik belies jûn. Mei pine yn it hert, dat wol. Mar myn frou wie der letterlik siik fan wurden en ik waard doe 65 jier. De mûne is no fan de gemeente en wurdt ferpacht oan mûnder Jan Tollenaar, dy’t seit dat er my en de smidderij noch altyd mist. Yn earste ynstânsje woe de gemeente fan de smidderij in museum meitsje, mar dêr fielde dy nije eigner neat foar. Hy hat de hiele boel útsloere litten. It is dêr in soadsje, gewoan net om oan te sjen. It is spitich dat oan in smidderij dy’t mear as 100 jier bestien hat, op sa’n wize in ein komme moast. Hiel spitich.