Aaisykjen: Oan de flecht is te sjen oft se aaien ha
‘As it maitiid wurdt en de ljippen komme werom, dan wurd ik ûnrêstich,’ seit Piebe Hovenga fan Marsum, dy’t it aaisykjen fan syn heit leard hat. ‘Us heit wie in betûft aaisiker en naam my en myn broers as jonkje al mei. Hy helle ús betiid fan ’t bêd en dan wiene wy om sân oere yn it lân, waar of gjin waar. As it reinde, dan hiene wy gewoan it reinpak oan. Moarns betiid is it fierwei it moaist om bûtendoar te wêzen: de dize dy’t oer it fjild leit, de spoaren yn it wiete gers as der ien rûn hat, de fûgels dy’t omheechkomme. Je sjogge en hearre en rûke de natuer, om it samar te sizzen. Heit learde ús om rjocht foarút te sjen en net nei de teannen. “Dêr moat it nêst sawat wêze,” wiisde er. En dan waard er suver lilk as wy deroan foarbyrûnen.
Oft aaisykjen in sport is? Ja, ik fyn it in echte sport. Je moatte it stadichoan leare. Lang net elkenien kin it. Der binne guon, dy ha der gjin ferstân fan en sille dat ek noait krije. Allinne troch it te dwaan krije je der each foar. Je moatte net de weareld ôfsykje, mar nei de fûgels sjen, nei hoe’t dy fleane. Oan de flecht fan de fûgels is te sjen oft se al of net aaien ha. As de âldhij yn de loft is, dan moat it jokje ûnder de wyn weikomme. En it is mar krekt hoe’t dy dan fljocht. As it jokje plat oer it lân giet en net te fier fuort, dan kinne je der aardich wis fan wêze dat der wat leit. En slacht de âldhij fûl op in roek, dan is der in grutte kâns dat it jokje mear as ien aai hat. By in broedsje geane se der allebeide op los, dan slane se ek wol op seefûgels of eksters.
Ik soargje der altyd foar dat ik earst bin as ik in kânske sjoen haw. As der al ien yn it lân rint, dan gean ik dêr út fatsoen net by yn, alhoewol’t oaren dat soms wol dogge. Dêr haw ik in grutte hekel oan, want dat is net sportyf. As der ien deun neist my begjint te sykjen, sis ik der wat fan. Of ik gean fuort. Mar ik haw ek faak in aai fûn yn it lân dat krekt troch in oar ôfsocht wie, want elkenien rint wolris in aai foarby.
Ik haw oant no ta alle jierren aaisocht, behalve yn 2001, doe mocht it net fanwege de MKZ-krisis en yn 2005 mochten wy se net meinimme. Ik haw trije kear it earste aai fan de fûgelwacht fûn en yn 2002 it earste fan de gemeente, yn it lân by it fleanfjild ûnder Marsum. Ik rûn noch mei krukken, want ik hie krekt in nije heup krigen. Myn broer Frits hie dêr de moarns noch west te sykjen en middeis fûn ik it. Op 10 maart, hiel betiid. Hoe’t dat wie? No, it hier gie my rjochtoerein stean. Ik haw earst om it nestke hinne rûn, ik koe suver net leauwe dat it wier wie. Doe gau nei hûs ta, fansels, om it aai te lotterjen en nei it gemeentehûs te beljen. It aai is oanbean oan boargemaster Van Delft-Jaarsma. Ik krige in oarkonde en in pear sinten en in hiele soad reaksjes fan famylje en freonen en doarpsgenoaten.
Earder koene je oan 19 april ta aaisykje. Dan fûn ik ek wolris in skriesaai. No net mear. Skriezen binne letter as ljippen, dy lizze net foar 1 april. Want dat is no de slutingsdatum. Ik fyn dat wol bêst, hear. Ek dat wy no mar fyftjin aaien de persoan meinimme meie. It is fansels de fraach oft elkenien him dêroan hâldt. Ik naam earder alle aaien mei dy’t ik fûn, behalve op de lêste dei. En broedsjes liet ik yn de lêste wike al lizze. Ik yt de ljipaaien sels op. Tsien minuten siede en dan mei wat sâlt op in stikje brea… Hearlik. Ik haw hjir yn it doarp in pear fêste klanten, dy’t dat ek lekker fine.
Ik sykje it leafst yn myn eigen hoeke: Franjebuorren, It Aldlân. Dêr ken ik alle dammen en hikkepeallen en wit ik krekt wêr’t ik wêze moat. Mar ik bin net mear sa fanatyk as ik wol west haw. As je âlder wurde, nimt de passy wat ôf. En it aaisykjen is lang sa moai net mear as eartiids. Dat komt ek fan de hiele sfear deromhinne, mar foaral fan it feroarjen fan it lân en de wetterstân. Der binne gjin ekers en greppels mear en ek gjin mollebulten. De boeren brûke gjin rûge dong mear en siedzje mar ien soarte fan gers. Fûgels hâlde net fan egaal griene greiden. Dy geane nei it maislân ta. En dêr siket it sa min, je rinne dêr bytiden yn de klearebare drek.
As aaisiker doch ik fansels ek oan neisoarch. Dat fyn ik moai wurk, mar ik haw der ek wolris wat argewaasje fan. Sa binne der boeren dy’t beslist gjin aaisikers yn it lân ha wolle, mar nei 1 april klopje se as earste by de fûgelwacht oan foar de neisoarch. Dat kin ik my net begripe. It is it iene én it oare, soe ’k sizze. Ik haw sânentritich jier yn it algemien bestjoer fan de fûgelwacht sitten, dêr’t myn broer Durk foarsitter fan is. Yn 2004 haw ik in herinneringsboerd krigen. 1967-2004 stiet derop. Ik fyn dat boerd hast like moai as it lintsje dat ik yn 1998 krige, tagelyk mei myn broer Frits. Dy keninklike ûnderskieding wie foar it frijwilligerswurk dat wy dien ha by it korps, de brânwacht en de fûgelwacht. Ik bin no noch altyd by de fûgelwacht, as lid en as neisoarger. En ik hoopje dat noch hiel lang te bliuwen.