Kreamfersoarchsters: Libbenslang yn de ruften

Us heit wie timmerman op It Amelân, in goeie fakman al sis ik it sels. Wy hiene thús alles goed op ’e regel en dat moast ek wol, want ik wie de âldste fan alve bern. Ik ha 38 jier kreamfersoarchster west, mar ik ha eins sawat myn hiele libben yn de ruften sitten. Thús moast ik ek altyd helpe as der wer in broerke of in suske berne wie. Ik ha yn myn loopbaan sawat 500 lytse poppen troch de hannen hân. As ik de ruften dy’t ik wosken ha allegear ophingje soe, kaam ik de hiele provinsje wol rûn.

Ik bin berne op 4 septimber 1944 en ik mocht eins net trochleare, om’t ik thús helpe moast. Ik ha ien jier nei de ULO west en doe noch twa jier nei de húshâldskoalle. Myn freondinne gong fan it eilân ôf om te wurkjen en ik woe op in stuit ek fuort. Sa bin ik op de roomske oplieding foar kreamfersoarchsters yn Denekamp kommen, dat wie in teoretyske oplieding fan trije moanne. Wy wennen doe yn in ynternaat. Doe ha ik noch in jier in praktykoplieding hân yn Ljouwert. Doe’t wy ús diploma hiene, krigen wy sa’n spjelde op: it ooievaartje. Dan koene de dokters sa sjen hokker oplieding wy hân hiene.

By sa’n spjeldsje hearden bepaalde taken. As der in poppe berne wie, gongen wy nei sa’n húshâlding ta. Wy wiene om samar te sizzen de assistinte fan de ferloskundige. Wy mochten gjin ynjeksjes jaan, gjin medisinen, wy moasten benammen sinjaleare wat der allegear barde nei de berte fan it bern. Dêr moasten wy ferslaggen fan meitsje foar de húsdokter. Wy hiene in brune jurk oan mei in wite skelk deroerhinne en fan dy hurde wite boardsjes om de earmen. Gelokkich hoegden wy net in kapke op de holle.

Eartiids waarden kreamfersoarchsters bakers neamd. Der wiene ek saneamde wylde baaksters oan it wurk, froulju dy’t it fak gewoan yn de praktyk learden. Faak widdo’s dy’t der wat byfertsjinje moasten. De minsken dy’t op kreambesite kamen, leine foar sokke froulju dan wolris wat jild ûnder it kop-en-pantsje. In foai om samar te sizzen.

As kreamfersoarchster moasten wy assisteare by de befalling en dan bleaune wy noch tsien dagen yn dy húshâlding oan it wurk. Ik ha ek noch wol by boeren wurke dy’t in ein bûten it doarp wennen, dêr moasten wy dan ek bliuwe te sliepen. Wy fertsjinnen doe 220 gûne wyks. Soms moasten wy gewoan twa kear tsien dagen eftermekoar trochwurkje as dat sa útkaam. Wy makken faak lange dagen om’t wy wol oant yn de nacht by de kreamfrou sieten as sy weeën hie. It wie in swier berop. Wy hiene net allinnich de kreamfrou en de poppe op ’e noed, wy moasten ek de hiele húshâlding dwaan. De grutste húshâlding dêr’t ik wurke ha telde fjirtjin bern. Hiest soms ek wolris problemen mei de manlju, dy wiene ek net allegear like maklik. Ik fûn it altyd moai om mei bern te wurkjen. Sels hawwe myn man en ik spitich genôch gjin bern krigen.

Foar de befalling moasten wy fansels alles yn oarder meitsje. Kruken waarm meitsje, sjen oft it seil goed op it bêd lei, kleantsjes op de kruken lizze, nâlebantsjes, ruften en toiletpapier klearlizze, de weachskaal yn oarder meitsje, kâld en waarm wetter klearsette. As de poppe net goed trochgûlde nei de berte, waarden wikselbaden tapast. Meastal ferrûn de befalling wol goed, mar it kaam fansels ek foar dat der komplikaasjes wiene. Sa koest ek meimeitsje dat in berntsje stoar nei de befalling. Dat wiene hiele emosjonele dingen. Wiest der hiel yntinsyf yn behelle. Koest fan alles meimeitsje, freugde en fertriet. Der binne ek wol libbenslange freonskippen út ûntstien.

Ik ha ek wolris meimakke dat der problemen ûntstiene as it bern net ferneamd waard. Sa wie der ris in jonkje berne op in pleats, hast alve pûn! Pake waard net ferneamd. Hy hat him in wike lang net sjen litten. Beppe kaam wol en siet tusken twa fjurren yn. Hoe moast dat oplost wurde? Soms siet in heit yn de finzenis as mem befalle moast. Ik bin ek wolris bedrige troch in heit ûnder de befalling, hy joech de húsdokter en my de skuld dat syn frou sa’n pine hie. Wy hawwe fansels ek hiel wat oranjekoeke en sûkerbôle iten yn ús loopbaan, it wie altyd feest nei sa’n befalling. It grutste probleem wie faak om de boarstfieding op gong te krijen, dat wie soms in hiel oheden. Geduld en fertrouwen sei ik altyd. It is fansels ek in hiele yngripende erfaring om foar de earste kear in bern te krijen. Guon jonge memmen wisten eins noch fan neat. Sa’n kreamfersoarchster is de earste dagen nei de befalling faak in hiele treast.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side